Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Colmar

Ut Wikipedy
Colmar
Fakwurkhûzen yn Colmar
FlaggeWapen
Polityk
LânFrankryk
RegioGrand Est
ArrondissemintColmar-Ribeauvillé
Sifers
Ynwennertal69.105(31.12.2017)
Oerflak66,57 km²
Befolkingstichtens1.038 / km²
Hichte175-214 m
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Websidewww.colmar.fr

Colmar is opStraasburch enMülhausen nei de grutste stêd fan deElzas en de haadstêd fan it departemint Haut-Rhin yn de Frânske regio Grand Est.

De stêd leit yn in wyngebiet en is ferneamd fanwegen it goed bewarre arsjitekturale erfskip út seis iuwen en foar de musea yn de stêd. It neamen wurdich it it Unterlinden-Museum mei it Isenheimer alter. Colmar is de stêd dêr't ferneamde keunstners lykas Martin Schongauer, Frédéric-Auguste Bartholdi, Ernst Stadler en Jean-Jacques Waltz berne binne.

De stêd waard yn 823 foar it earst dokumintêr fêstlein, Yn 1226 krige de stêd fan keizerFreark II de status fan frije ryksstêd. Mei deFrede fan Nijmegen yn 1679 waard Colmar oanFrankryk tawiisd.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Jier179318211841186118751890191019461962196819751982199920072017
Ynwenners13.00014.30019.90822.62923.99030.39943.80846.12452.35559.55064.77162.48365.11866.56069.105

It besjen wurdich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De wyk Petite Venise leit oan it rivierke deLauch en is ryk oan de fakwurkhûzen. Karakteristyk binne ek de wiken Quartier des Tanneurs (Learloaierswyk) en de Quartier de la Poissonnerie (Wyk fan de fiskôfslach). Oan it Place du Cathédrale steane in tal 16e-iuwske hûzen.

  • Yn de Rue Mercière stiet itMaison Pfister, in gebou út 1537.
  • ItMaison des Têtes yn de Rue des Têtes is in monumintaal hûs út it begjin fan de 17e iuw, dat fersierd is mei in grut tal koppen.

Tsjerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Alhoewol't Colmar nea de sit west hat fan in biskop wurdt deEglise St.-Martin ek wolCathédrale Saint-Martin neamd. De monumintale tsjerke stiet ek bekend asCollégiale Saint-Martin om 't de tsjerke yn it ferline in kollegiale tsjerke wie.
  • Yn de Dominikanertsjerke hinget deMadonna im Rosenhag (La vierge au buisson de roses; Madonna yn de roazetún), in wurk fanMartin Schongauer út 1473.
  • Fanwegen de goede akûstyk wurdt yn deprotestantskeEglise St.-Mathieu, inFransiskaanske kleastertsjerke út de 14e iuw, alle jierren in ynternasjonaal muzykfestival organisearre.
  • It 14e-iuwskeCouvent Sainte-Catherine (ek bekend ûnder de nammeEglise des Catherinettes) oan de Rue Kléber tsjinne oarspronklik as kleastertsjerke fan de dominikanessen fan Sint-Katarina. It kleaster waard mei deFrânske Revolúsje sletten.

Musea

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Ofbylden
  • Maison Pfister
    Maison Pfister
  • Kop oan it Maison des Têtes"
    Kop oan it Maison des Têtes"
  • Fakwurkhûzen
    Fakwurkhûzen
  • Madonna im Rosenhag
    Madonna im Rosenhag
  • Eglise St.-Martin
    Eglise St.-Martin
  • Musée d'Unterlinden: Isenheimer alter
    Musée d'Unterlinden: Isenheimer alter
  • Saint-Matthieu
    Saint-Matthieu

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryColmar fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Colmar&oldid=1016059"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp