Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Claire Danes

Ut Wikipedy
Claire Danes
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeClaire Catherine Danes
nasjonaliteitAmerikaansk
berne12 april1979
berteplakNew York (New York)
etnisiteitAngelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf1992 – no
prizen4xGolden Globe
3xEmmy Award
2xYoung Artist Award
offisjele webside
gjint

Claire Danes (folút:Claire Catherine Danes;New York,12 april1979) is inAmerikaanskfilm-,toaniel- entillefyzjeaktrise. Hja waard bekend mei har fertolking fan 'e rol fan Angela Chase yn 'esearjeMy So-Called Life, út1994. Letter spile Danes ynfilmproduksjes asLittle Women,Romeo + Juliet,Les Misérables,Terminator 3: Rise of the Machines,Shopgirl enStardust. Op ittoaniel wie se û.m. te sjen ynThe Vagina Monologues enPygmalion, en op 'etillefyzje fertolke se de bekroande rol fanTemple Grandin yn 'ebiografysketillefyzjefilm mei deselde namme en spile se yn 'e searjeHomeland. Danes hat ûnderwilens fjouwerGolden Globes, 3Emmy Awards, 2Young Artist Awards en 2Screen Actors Guild Awards wûn.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Danes waard yn1979 berne yn 'eNewyorkske wykManhattan as de dochter fanfotograaf Christopher Danes enkeunstneresse enpjutteboartersplakliedster Carla Hall. Hja hat in âldere broer, Asa, dy'tabbekaat is. Fanôf har sechsde siet Danes opdûnsles en fanôf har tsiende folge se ekaktearlessen. Yn Danes har tinerjierren ferhuze it gesin yn1994 neiSanta Monica, yn 'eAmerikaanske steatKalifornje, sadat Danes in rol yn 'e searjeMy So-Called Life krije koe. Hja folge demiddelbere skoalle oan it Lycée Français de Los Angeles, wêrnei't se twa jierpsychology studearre oan 'e ferneamdeUniversiteit fan Yale, ynNew Haven. Se briek dy stúdzje lykwols ôf om har folslein talizze te kinnen op har aktearkarriêre.

Claire Danes yn2007.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn1990, doe't Danes alve jier wie, die seaudysje foar in rol yn infilm fan 'e ferneamderegisseurMiloš Forman. Hoewol't se dy rol net krige, waard se neitiid wol frege foar ferskate filmprojekten fan studinten oan Amerikaanske filmopliedings. Yn1992 hie se har earste grutte rol yn 'etillefyzjefilmDudley, depilotôflevering foar in nea opnommenkomeedzjesearje mei deselde namme, meikomykDudley Moore yn 'e haadrol. Datselde jiers hie se in gastrol asmoardzjend tinerfamke yn in ôflevering fan 'eplysjesearjeLaw & Order. Yn1993 spile se yn in ôfleveringThe Coming Out of Heidi Leiter fan 'e rigeLifestories: Families in Crisis, dy't pas yn1994 útstjoerd waard.

Danes har trochbraak kaam mei har rol as de fyftjinjierrige Angela Chase yn 'edramarigeMy So-Called Life, dy't rûn fan1994 oant1995. Foar dizze rol wûn se har earsteGolden Globe en inYoung Artist Award, en waard se nominearre foar inEmmy. Dêrtoch koe se letter yn1994 de rol fan Beth March spylje yn 'e filmadaptaasje fan 'e bekenderomanLittle Women. Oare films dêr't Danes yncast waard fanwegen har optreden ynMy So-Called Life, wieneHome for the Holidays (1995),I Love You, I Love You Not (1996) enTo Gillian on Her 37th Birthday (1996), wêrmei't se in twaddeYoung Artist Award binnenhelle. Ek yn1996 krige Danes har earste haadrol yn in film, doe't se de rol Julia fertolke yn 'e ferfilmingRomeo + Juliet fanShakespeare synstikRomeo en Julia. De aktearprestaasje dy't hja yn dy film levere, trune regisseurBaz Luhrmann oan om har op 'e âldens fan sechstjin jier te omskriuwen as "deMeryl Streep fan har generaasje".

Yn1997 spile Danes inmishannele troude frou yn 'e filmThe Rainmaker, ûnder rezjy fanFrancis Ford Coppola. Teffens hie se dat jiers in rol ynU Turn, fan regisseurOliver Stone. Yn1998 fertolke se de rol fan Cosette yn in ferfilming fanLes Misérables en inswiere tinerdochter út inPoalskymmigrantegesin ynPolish Wedding. Yn1999liende se har stim oan it haadpersonaazje yn 'e animaasjefilmPrincess Mononoke, en hie se rollen yn 'e filmsThe Mod Squad enBrokedown Palace. Nei't se yn fiif jier tiid yn trettjin films spile hie, loek Danes har yn2000 tydlik út 'efilmyndustry werom om har ta te lizzen op har stúdzje oan 'eUniversiteit fan Yale.

Yn2002 kearde Danes werom mei rollen yn 'e filmsIgby Goes Down en as de dochter fan it personaazje spile trochMeryl Streep yn it foar ferskateOscars nominearreThe Hours. Neitiid wie se op it wite doek û.m te sjen ynTerminator 3: Rise of the Machines (2003),Stage Beauty (2004),Shop Girl (2005),Evening (2007),Stardust (2007),Me and Orson Welles (2008) enAs Cool As I Am (2013). Underwilens wie Danes ek úteinset mei in karriêre astoanielaktrise. Sa hie se yn2000 in grutte rol yn 'eoff-Broadwayproduksje fanThe Vagina Monologues, fanEve Ensler. En yn2007 makke se harBroadway-debút as Eliza Doolittle yn 'e revival fan it stikPygmalion, fanGeorge Bernard Shaw.

Op 'etillefyzje spile Danes yn2010 detitelrol yn 'ebiografysketillefyzjefilmTemple Grandin, oer inautistyskefrou dy't har krupsje oerwûn en har ûntjoech ta in liedende herfoarmer fan 'e Amerikaanskeslachthûsyndustry. Mei dy rol wûn Danes inGolden Globe, inScreen Actors Guild Award en inEmmy Award, alletrije yn 'e kategory bêste aktrise yn in tillefyzjefilm of -searje. Sûnt2011 fertolket Danes fierders de rol fan 'emanysk-depressiveCIA-aginte Carrie Mathison yn 'e (anno2016) noch altyd rinnendetillefyzjesearjeHomeland. Foar dy rol wûn Danes deGolden Globes en deEmmy Awards foar bêste aktrise yn in tillefyzjesearje fan2012 en2013, mei dêropta deScreen Actors Guild Award yn dyselde kategory fan2013. Yn2015 waard Danes foar dizze rol nochris nominearre foar in Golden Globe en yn2014 en2015 foar in Emmy. Op24 septimber2015 krige Danes har eigen stjer op 'eHollywood Walk of Fame.

Claire Danes yn2012.

Priveelibben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Danes hat sein dat se foar it earst troch in jonge tute waard yn in ôflevering fanMy So-Called Life. Se kriget alpsychoterapy sûnt se seis jier is, en beskôget dat as"... in handich helpmiddel[...] foar selsrefleksje en om wat ynsjoch te krijen." Yn1997 kaam se op har eigen jierdeisfeest yn 'e kunde mei deAustralyskesjongerBen Lee, mei wa't se seis jier in relaasje hie oant it yn2003 útrekke. Fan2004 oant2006 hie Danes in relaasje mei akteurBilly Crudup, har tsjinspiler út 'e filmStage Beauty. Dêrmei makke Danes harsels net populêr yn 'emedia en by defans, mei't Crudup foar har syn doetiidske freondinneMary-Louise Parker, dy'tswier fan him wie, yn 'e steek liet.

Yn2006 kaam Danes op de set fan 'e filmEvening yn 'e kunde mei akteurHugh Dancy. Hjaferloofden harren ynfebrewaris2009, entrouden einaugustus of begjinseptimber fan dat jier by in geheime seremoanje ynFrankryk mei-inoar. Hja hawwe ienbern, in jonge dy't fan Cyrus hjit, en yn2012 te wrâld kaam. Danes en har gesin wenje yn 'eWest Village-buert fanManhattan. Tegearre mei har mem stipet Danes degoeddiedichheidsorganisaasje Afghan Hands, dy'tfroulju ynAfganistan helpt by it winnen fan harren selsstannigens,ûnderwiis en genôch lean om fan libje te kinnen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryClaire Danes fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Claire_Danes&oldid=1059227"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp