Christophsis is infiktiveplaneet út 'eStar Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'elangetekenfilmStar Wars: The Clone Wars, út2008. Yn itStar Wars-hielal makket de planeet diel út fan itplanetestelsel mei deselde namme yn 'e sektorSavareen fan 'e Bûtenrâne fan itStjerrestelsel. It is interrestryske planeet mei ienmoanne, dy't Leesis hjit. Deatmosfear issykhelber foar de measteorganismen en it terrein bestiet fierhinne útkristalline formaasjes. Christophsis hat in lânseigenfloara enfauna, mar gjin lânseigenyntelligint ras fanbûtenierdske wêzens. It meastepart fan 'ebefolking fan 'e planeet bestiet sadwaande útminsken. Dehaadstêd hjit Chaleydonia.
Oan it begjin fan 'eKloane-oarloggen waard op 'e planeet de Earste Slach om Christophsis útfochten tusken dekloansoldaten fan itGrutte Leger fan 'eGalaktyske Republyk en deoarlochsandroïdestriidkrêften fan 'eKonfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Troch tadwaan fan 'eJediObi-Wan Kenobi,Anakin Skywalker enAhsoka Tano waard dy striid wûn troch de Republyk. Twa jier letter fûn de Twadde Slach om Christophsis plak, wêrby't de Republyk it lêste brêgehaad fan 'e Konfederaasje op Christophsis besocht te ferneatigjen. Tsjin 'e eftergrûn fan dat treffen besochten de Jedi-master Quinlan Vos en depreemjejagerinne en eardereSith-learlingeAsajj Ventress om 'e Sith-riddergreve Dooku te deadzjen. Doe't dy Vos oanfoel meiKreftwjerljocht,offere Ventress, dy't geandewei harren misjefereale rekke wie op Vos, har libben foar sines op.
Nei'tkânselierPalpatine de Galaktyske Republyk by insteatsgreep ûnder fuotten helle en ferfongen hie troch itGalaktysk Keizerryk mei himsels asautokratysk regearjendkeizer, kaam Christophsis al rillegau ûnder Keizerlike oerhearsking. Jierren letter, ûnder deGalaktyske Boargeroarloch, wie de planeet in broeinêst fanferset, dêr't ferskatesellen fan itRebelleferbûn aktyf wiene.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
planeten útStar Wars | |
---|---|
Ahch-To •Alderaan •Bespin •Cantonica •Cereä •Champala •Christophsis •Corellia •Coruscant •Crait •Dagobah •Dathomir •Dorin •D'Qar •Eadu •Endor •Exegol •Geonosis •Glee Anselm •Hoth •Iktotch •Iktotchon •Iridonia •Jakku •Jedha •Kalee •Kamino •Kashyyyk •Kef Bir •Kessel •Kijimi •Lah'mu •Lannik •Malastare •Mandalore •Mimban •Mirial •Mon Cala •Mustafar •Naboo •Nal Hutta •Nar Shaddaa •Neimoïdia •Pasaana •Quermia •Ryloth •Savareen •Scarif •Shili •Takodana •Tana •Tatooine •Thisspias •Tholoth •Toydaria •Utapau •Vandor •Yavin |