Caster Semenya (folút:Mokgadi Caster Semenya;Polokwane,7 jannewaris1991) is inSúdafrikaanskmiddellange-ôfstânsdraver dy't spesjalisearre is op 'e 800 m. Op dy ôfstân waard hja yn2009 kampioene op it WK ynBerlyn. Neitiid ûntstie der trelit oer Semenya hargeslacht, mei't útlaboratoariumtests bliken die dat hja oer trije kear safolle lichemseigentestosteron beskikte as de trochsneedfrou. Yn 'e ynternasjonalesportwrâld wie dat reden om yn twifel te lûken oft hja wol wier in frou is. Dizze sitewaasje liek bot op wat deFryske hurddraafsterFoekje Dillema healwei detweintichste iuw oerkaam. Oars as Dillema, foar wa't de saak de ein fan har karriêre betsjutte, krige Semenya ynjuly2010 lykwols it griene ljocht om wer oan ynternasjonale wedstriden diel te nimmen.
Yn2011 wûn Semenya op it WK yn itSúdkoreaanskeDaegu insulverne medalje op 'e 800 m. It jiers dêrop wûn se op dy ôfstân ek sulver op 'eOlympyske Spullen fanLonden. Op 'eAfrikaanske Spullen fan2015, ynBrazzaville, wûn se op 'e 800 m ingoudene medalje, en yn2016 helle se op it Afrikaansk Kampioenskip ynDurban trije goudene medaljes binnen: op 'e 800 m, de 1.500 m en de 4x400 mestafette. Op 'eOlympyske Spullen fan2016, ynRio de Janeiro, wûn se ek goud op 'e 800 m.