Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Caracas

Ut Wikipedy
Caracas
Santiago de León de Caracas
Bestjoer
LânFenezuëla
DistriktHaadsteedlik Distrikt Miranda
GemeenteLibertador
BoargemasterAntonio Ledezma (ABP)
Sifers
Ynwennertal1.815.679(2009)
Befolkingsticht.1431,5/ km²
Stêdekloft1930 km²
5.196.514 ynwenners
Hichte900 m
Oar
Stifting25 july 1567
TiidsôneVST (UTC-04:30)
Koördinaten
Offisjele webside
www.alcaldiamayor.gob.ve
Lizzing CaraCas yn Fenezuëla

Caracas is dehaadstêd en grutste stêd fanFenezuëla ynSúd-Amearika. De stêd leit yn noarden fan it lân yn in delling fan deCordillera de la Costa Central, tichtby deKaribyske See, mar dêrfan skieden troch in steil, heech berchtme, deCerro Ávila; nei it suden ta lizze mear hichten en bergen. Caracas heart net by ien fan de steaten fan Fenezuëla, mar foarmet it Haadsteedlik Distrikt.

Ut de skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De stêd waard stifte yn1567 asSantiago de León de Caracas troch deSpaanskeûntdekkingsreizgerDiego de Losada.

Yn Caracas waarden twa persoanen berne dy't tige wichtich west hawwe yn de skiednis fanSúd-Amearika.Francisco de Miranda waard dêr yn1750 berne enSimón Bolívar yn1783.

Caracas waard op 26 maart 1812 ferwoastge troch inierdskodding. De Spanjerds leinen dat út as in straf fan God foar de rebûlje tsjin de Spaanske oerhearsking.

20e iuw

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Earste helte20e iuw waardierdoalje yn Fenezuëla ûntdutsen. Dat joech de ekonomy fan de stêd in enoarme ynpuls.

Demetro fan Caracas kin sûnt1983 brûkt wurde.

Maiquetia International Airport is itfleanfjild fan Caracas

  • Eastpark Caracas
    Eastpark Caracas
  • Katedraal Caracas
    Katedraal Caracas
  • Casa del Liberator, bertehûs fan Simon Bolivar
    Casa del Liberator, bertehûs fanSimon Bolivar
  • Las Mercedes, hannelsdistrikt
    Las Mercedes, hannelsdistrikt

Stadions

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • UCV Baseball stadion
    UCV Baseball stadion
  • UCV Olympysk Stadion
    UCV Olympysk Stadion

Berne yn Caracas

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryCaracas fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Caracas&oldid=1019033"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp