Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Camille Muffat

Ut Wikipedy
Camille Muffat
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCamille Muffat
nasjonaliteitFrankryk
bertedatum28 oktober1989
berteplakNice (Frankryk)
stjerdatum9 maart2015
stjerplakbyVilla Castelli (Argentynje)
etnisiteitOksitaansk
sportive ynformaasje
sportswimmen
ûnderdielfrije slach,wikselslach
O.S.Peking 2008
Londen 2012
debút2008
karriêre-ein2014
wichtige prestaasjes
1xgoudOlympyske Spullen 2012
1xsulverOlympyske Spullen 2012
1xbrûnsOlympyske Spullen 2012
1xgoud WK 2010
6xbrûns WK 2010, 2011, 2013
4xgoud EK 2007, 2012
3xsulver EK 2006, 2008, 2010
2xbrûns EK 2007, 2008

Camille Muffat (útspr.: [ka'mijə my'fa], "kamyje múffa";Nice,28 oktober1989 – byVilla Castelli (Argentynje),9 maart2015) wie inFrânskswimster, dy't in gouden medalje helle op 'eOlympyske Spullen fanLonden, yn2012. Hja kaam yn2015 mei ferskate oare Frânske topsporters om by inhelikopterûngemak ynArgentynje.

Camille Muffat.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Op 'e Frânske nasjonale kampioenskippenswimmen fan2008 behelle Muffat meiJoanne Andraca in dield earste plak op 'e 400 m yndividuëlewikselslach, mei in nij Frânsk rekôr fan 4:28,23. Op 'e nasjonale kampioenskippen fan2009 sette se op 'e 200 m wikselslach in nij Frânsk rekôr fan 2:09,34. Op 'eOlympyske Spullen fanPeking, yn2008, die se mei oan 'e 200 m wikselslach, de 400 m wikselslach en de 4×200 m wikselslachestafette, mar behelle gjin medaljes.

Foar deOlympyske Spullen fanLonden, yn2012, hie Muffat har kwalifisearre op trije ûnderdielen. Se wûn de gouden medalje op 'e 400 mfrije slach mei in nij Olympysk rekôr fan 4:01,45; de sulverne medalje op 'e 200 m frije slach; en meiCharlotte Bonnet,Ophélie-Cyrielle Étienne enCoralie Balmy de brûnzene medalje op 'e 4×200 m frije-slachestafette. Dêrmei waard se de trêde Fransêze ea (nei atleteMicheline Ostermeyer en swimsterLaure Manaudou) dy't fan alle trije medaljes ien wûn op ien edysje fan 'e Olympyske Spullen.

Op1 jannewaris2013 waard Muffat beneamd ta Ridder (Chevalier) yn itLégion d'Honneur. Op12 july2014 makke hja bekend dat hja ophold mei wedstrydswimmen. Begjin2015 soe se mei ferskate oare Frânske sporthelden dielnimme oanDropped, in nijrealitytillefyzjeprogramma fan 'e Frânsk stjoerderTF1, wêrby't it de bedoeling wie dat de meidoggers yn 'eArgentynske wyldernis dropt wurde soene en dan dêr op eigen manneboet oerlibje moatte soene. Op9 maart dat jiers siet Muffat mei û.o.bokserAlexis Vastine ensylsterFlorence Arthaud yn ien fan twahelikopters dy't ûnder de opnames fanDropped yn 'e neite fanVilla Castelli yn 'e loft mei-inoar yn botsing kamen. Beide tastellen stoarten del en alle tsien ynsittenden kamen om it libben.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Camille_Muffat&oldid=1161495"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp