Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Cambrai

Ut Wikipedy
Cambrai
Stedhûs
Stedhûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan FrankrykFrankryk
RegioOpper-Frankryk
DepartemintNord
Sifers
Ynwennertal31.134(2023)[1]
Oerflak18,18 km²
Befolkingsticht.1.713 ynw./km²
Hichte41-101 m
Oar
TiidsôneUTC +1
Koördinaten50° 10' N 3° 14' E
Offisjele webside
www.villedecambrai.com
Kaart
Cambrai (Frankryk)
Cambrai

Cambrai (âlderFrysk:Kameryk; âlderNederlânsk:Kamerijk,Latyn:Camaracum ofCameracum) is in stêd yn itFrânske departemintNord yn 'e regioHauts-de-France.

De stêd leit oan 'e bopperin fan 'eSkelde mei oan 'e rjochter kant it âlde sintrum en heger, op 'e heuvel, de sitadel. De stêd wie de haadstêd fan 'e histoaryske kriteKamerijkse (Cambrésis), dat nei deFrede fan Nijmegen yn 1679 by itKeninkryk Frankryk foege waard. De krite wie fanwegen de fruchtberelöss-boaiem in wichtige nôtskuorre foar de stêden yn 'e súdlike Nederlannen.

Yn 'e gemeente leit it stasjon Cambrai, dat de stêdenLille (Rijsel),Saint-Quentin enDouai mei inoar ferbynt.

Namme

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Lykas in soad Noardfrânske plakken hat Cambrai in Nederlânsktalige en in Frânsktalige namme. De nammen Kamerijk en Cambrai ûntstiene alletwa út de Gallo-Romeinske nammeCamaracum. Cambrai hat lykwols altiten in Frânsktalige stêd west. Dat der in Nederlânsktalige namme bestiet is te tankjen oan 'e rol dy't de stêd spile yn 'e skiednis fan 'e Nederlannen as haadsted fan in bisdom, dêr't yn 'e midsiuwen in grut part fan it Nederlânsktalige gebiet by hearde.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Cambrai waard foar it earst asCamaraco neamd op 'eTabula Peutingerian, in midsiuwske kopy fan inRomeinske 4e-iuwske kaart. Letter folgen ek de nammenCamaracum enCameracum. De stêd ûntstie mooglik as befoarriedingsplak op 'e krusing fan twa Romeinske wegen fanBavay naarAmiens en fanArras naarReims. Dat plak lei krekt bûten it gebiet fan 'eBelgyskeNerviërs-stamme (Latyn:Nervii), dat nei de Romeinske oermasteringcivitas Nerviorum foarme. Oarspronklik wie Bavay de haadstêd, mar yn 'e 3e iuw rekke de Romeinske oanwêzigens yn Noard-Galje yn it neigean en yn 'e lettere âldheid ûntstiene nije bestjoerlike en militêre sintra: Bavay waard doe ferfongen troch Cambrai (lykasDoarnik yn 'e selde tiidKassel ferfong as sintrum fan 'ecivitas Menapiorum).

De yn 'e tiid fan 'e revolúsje ferneatige katedraal (tsjintwurdich Place Fénelon).

By de ynfal fan 'eFranken yn 'e earste helte fan 'e 5e iuw oermastere de haadmanKlodio it plak. Klodio stifte in Frankysk rykje mei Doarnik as haadstêd. Dat gebied foarme krekt wat letter it kearngebiet fan it Frankrykske ryk ûnderKlovis. Der wurdt tocht dat Bavay doe al inkristlik sintrum wie en dat Cambrai dy funksje mei de ferhûzing fan 'e biskop yn 'e lette âldheid oernaam. De earste mei namme bekende biskop isSint-Fedastus († 540), dy't tagelyk biskop fan Arras wie; de earste biskop mei syn sit yn Cambrai wieSint-Goarik. De grinzen fan it âlde bisdom Cambrai wiene likernôch dy fan 'e Romeinskecivitas Nerviorum en omfiemen de rjochter igge fan 'e Skelde fan 'e boarne oant hast de mûning noardlik fanAntwerpen.

Midsiuwen en Nije Tiid

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei it ferstjerren fanLoadewyk de Fromme rekke it Frankyske ryk ferdield en by itFerdrach fan Ferdun waard Cambrai yn 843 ûnderdiel fan itMiddenryk. Yn 870 kaam it mei itFerdrach fan Meerssen by itEastfrankrykse Ryk, it lettereHillige Roomske Ryk. Yn dat eastlike ryk joech de keizer de hegere geastliken ek wrâldske macht. Sa joegen de Roomske keizers de biskop fan Cambrai (yn it Dútsk doeKamerich) yn 947 de wrâldske (grefelike) macht oer de stêd en yn 1007 ek oer de krite. Dat brocht mei dat de greve-biskop polityk ûnderhearrich wie oan 'e Dútske keizer en tsjerklik oan 'e aarstbiskop fanReims, dy't neffens de tradysje de Frânske keningen salve. Tagelyk foarme it bisdom Cambrai oant de 11e iuw inpersonele uny mei it bisdomArras, dat ek wer ta it Frânske Keninkryk hearde. De relaasje fan 'e greve-biskop mei dy fan 'e bewenners fan 'e stêd wie fakentiden net al te bêst. Troch deynvestituerstriid ferswakke it biskopsamt en koene de ynwenners yn 1077 privileezjes fan harren greve-biskop ôftwinge, lykas dat fierder oeral yn it Dútske ryk barde. Dat makke de stêd ta ien fan 'e âldste stedsgemeenten yn wat hjoed-de-dei Frankryk is. Oan it begjin fan 'e 13e iuw soe de greve-biskop syn macht oer de stêd op 'e nij ferstevigje, dat lykwols ta striidkwestjes en finansjele swierrichheden late.

Yn 1123, 1129, 1145 en 1148 hie Cambrai te lijen fan grutte stedsbrannen.

De Poarte fan Parys.

Foar de midsiuwske ekonomy wiene fral de tekstylproduksje en de hannel yn nôt wichtich. As biskopsstêd makke Cambrai yn 'e 11e iuw de grutste bloei mei, mar dêrnei miste de stêd de demografyske en ekonomyske ûntwikkeling fan 'e noardlikere stêden yn itgreefskip Flaanderen en itgreefskip Henegouwen

Oan it ein fan 'e midsiuwen krigen deBoergondyske hartogen jimmeroan mear ynfloed op 'e sted, dy't mei harren ekspânsjepolityk de stêd hast besingelen. Yn 1543 waard de stêd fanKarel V by deHabsburchske Nederlannen yndield. Om 'e stêd tsjin de Frânsen te ferdigenjen liet er oan 'e stedsrâne, op it plak fan ; e Sint-Goariksabdij, de noch besteande sitadel oanlizze. Yn 1559 fûn yn it ramt fan 'ekontrareformaasje in tsjerklike weryndieling fan 'e Nederlannen plak, werby njonkenUtert enMechelen ek Cambrai in aartsbisdom waard. It aartsbisdom Cambrai fertsjintwurdige sawat alle Frânsktalige Nederlânske provinsjes.

Frânske oermastering fan Cambrai yn 1677.

Mei de ekspânsjeoarloggen fanLoadewyk XIV waard Cambrai belegere en oermastere. De Frede fan Nijmegen yn 1678 makke dat de stêd definityf ûnderdiel fan Frankryk waard. Tagelyk ferlear de aartsbiskop syn wrâldske macht en syn sit yn 'eRyksdei fan it Hillige Roomske Ryk.

Frânske Revolúsje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

DeFrânske Revolúsje brocht grutte feroarings yn it oansjen fan 'e stêd. Net allinne waard it aartsbisdom ôfskaft, mar der waarden in grut tal tsjerken en kleasters ôfbrutsen. Sa waard de âlde katedraal, dy't bekend stie as "it wûnder fan 'e Nederlannen" (la merveille des Pays-Bas) ferneatige. Fan de 20 kleasterstsjerken en 8 parochytsjerken bleau mar ien kleastertsjerke oer. Ek de twa abdijtsjerken bleaune sparre.

19e en 20e iuw

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De yndustriële revolúsje gie foar it measte oan itdepartemint foarby en sa ek foar Cambrai.

Yn 1914 waard Cambrai troch de Dútsers oermastere. Tusken 20 novimber oant 3 desimber 1917 waard by de stêd de Slach by Cambrai útfochten. By dy slach waarden foar it earst mei súkses tanks ynset.

Yn 1971 waard de gemeente Morenchies by Cambrai yndield.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Jier196219681975198219901999200620112020
Ynwennertal32.89737.53239.04935.27233.09233.73832.59432.77031.559
Boarnen: Cassini en INSEE

It besjen wurdich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Katedraal fan Cambrai, Avenue de la Victoire
  • 19e-iuwsk stedhûs, 2 Rue de Nice
  • Belfort ((15-17e-iuw), Rue du Beffroi
  • Jezuïtekapel (Chapelle du Grand Séminaire), 7 Pl. du Saint-Sépulcre
  • Poarte fan Parys (Porte de Paris), 14e-iuwske poarte, Place de la Porte de Paris
  • Us-Leaffrouwepoarte (Porte Notre-Dame) út 1623, Boulevard Faidherbe
  • Sint-Goarikstsjerke (Saint-Géry), Pl. François de Fénelon
  • Pierres Jumelles, twamenhir's ('Twillingstiennen') op 'e hoeke fan 'e Rue du Pierres Jumelles/Rue Marx Dormoy
  • Avenue de la Victoire
    Avenue de la Victoire
  • Katedraal.
    Katedraal.
  • Sint-Goarikstsjerke
    Sint-Goarikstsjerke
  • Jezuïtekapel
  • Belfort
    Belfort
  • Musée de Cambrai (Musée des Beaux-Arts de Cambrai), 15 Rue de l'Épée

Miltêr begraafplak

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Oan de Route des Solesmes krekt bûten de bebouwing is in mienskiplik begraafplak út 'eEarste Wrâldkriich dêr't 10.685 Dútske, 6 Roemeenske, 192 Russyske en 502 Britske soldaten rêste.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:nl:Cambrai


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryCambrai fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Cambrai&oldid=1217882"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp