Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

COPD

Ut Wikipedy
   Tink derom dat de Wikipedygjin medyske konsultaasje jout!
It ferskil tusken sûn longweefsel (boppe) en siik, emfysemateusk longweefsel

COPD is in ôfkoarting fan de Ingelske term"chronic obstructive pulmonary disease", dat betsjutgroanysk obstruktivelongsykte (dat der is in oanhâldende obstruksje yn delongen). COPD is in sammelnamme foar de longoandwaningsgroanyske brongitis enlongemfyseem. Yn it ferline foelen dy krupsjes ynNederlân, mei dêrbyastma, ûnder de sammelnamme CARA, mar dy term wurdt net offisjeel mear brûkt.

De meast wichtige oarsaak foar it ûntstean fan COPD is it smoken fantabak. COPD is anno 2022 net te genêzen.

Epidemiology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Deprevalinsje fan COPD yn Nederlân is 20 op de 1000 (dat komt del op 320.000 COPD-pasjinten). Deynsidinsje fan COPD is 2 op de 1000 it jier yn Nederlân.[1] Jierliks stjerre der sa'n 6.000 minsken oan COPD. Dat is sa’n 4% fan de totale stjergefallen yn Nederlân. Dêrom heart COPD ta sykten mei de heechste stjerte.[2].

Symptomen en oarsaken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

By groanyske brongitis binne de oarsaken ûntstekkingsprosessen yn de grutte en lytse luchtwegen. De brongusklieren binne fergrutte troch yrritaasje en meitsje te folle slym oan. De ûntstekkings soargje foar groeden yn de wand en skea fan itglêde spierweefsel fan debrongiën. Deslymfluezen swolle op sadat op in gedieltlike obstruksje fan deluchtwegen ûntstiet.

Inemfyseem ûntstiet roch skansearring fan delongblaaskes sels. De longblaaskes sitte yn boskjes oan de úteinen fan de lytste luchtwegen (bronchioli) en hawwe in frijwat stive struktuer sadat sy iepenstean bliuwe. De brongiolen en de blaaskes wurde lykwol hieltyd slopper troch skansearring fan de gronyske ûntstekking en sille dan earder yn elkoar sakje by de útaseming. De longblaaskes (alveoli) wurde hieltyd mear oprutsen en reitsje foar altiten skansearre. It oerflak fan de blaaskeswand, dêr't de útwikseling fan soerstof en koalsoer fan de lucht mei it bloed plak hawwe moat, kin lang om let mei mear as helte ôfnimme.

De fierwei wichtichste risikofaktor foar it krijen fan COPD is it smoken fantabak. Yn sa'n 80% fan de gefallen wurdt COPD feroarsake troch smoken. Hoe't dat proses krekt ferrint is net folslein bekend. Uteinlik krijt 10-20% fan de smokers COPD. Wa't COPD krije sil is net te foarsizzen. Famyljêre faktoaren spylje in rol en hoefolste mear en langer at immen smookt, hoe grutter de kâns op COPD. De measte COPD-patiënten binne âlder as 40 jier.

Neist smoken binne der noch oare oarsaken fan COPD. By sa'n 15% fan de minsken mei COPD spilet bleatstelling oan lytse stofpartsjes by it wurk in rol (ûnder oaren meismoken, fynstof en stof dêr't mynwurkers oan bleatstean). Yn 2% fan de gefallen is in by de berte meikrigen enzymgebrek de oarsaak fan COPD. Der wurdt rûsd dat yn Nederlân tusken de 5.000 en 10.000 minsken dy erflike foarm fan longemfyseem (alfa-1-antitrypsine-defisjinsje) hawwe.[3] Ek loftfersmoarging (wêrûnder fynstof) is in risikofaktor foar it ûntwikkeljen fan COPD.[4]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryChronic obstructive pulmonary disease fanWikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Smeele IJM, Van Weel C, Van Schayck CP, Van der Molen T, Thoonen B, Schermer T, et al.NHG-Standerd COPD. Huisarts Wet 2007;50(8);362-79.
  2. Boezen H.M,Postma D.S, Smit H.A .COPD samengevat Volksgezondheid Toekomst Verkenning, Nationaal Kompas Volksgezondheid. RIVM Bilthoven, 2007. Rieplachte 24 jannewaris 2008
  3. (dú)Biedermann A, Köhnlein TAlpha-1-Antitrypsin-Mangel – eine versteckte Ursache der COPD: Überblick über Pathogenese, Diagnostik, Klinik und Therapie Deutsches Aerzteblatt, 2006, 103 (26)
  4. Luchtkwaliteit - fijn stof RIVM
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=COPD&oldid=1201980"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp