Lars synomkesizzer enpleechsoanLuke Skywalker ûntdekt yn R2-D2 it boadskip fan prinsesse Leia oan Obi-Wan. As R2-D2 útnaait, giet Luke him mei C-3PO efternei en sa bedarje se trijeresom by Obi-Wan. Neitiid reizget C-3PO mei R2-D2, Obi-Wan en Luke nei dedelsettingMos Eisley, dêr't Obi-Wan desmokkeldersHan Solo enChewbacca ynhiert om harren nei de planeetAlderaan te bringen, dêr't de blaudrukken fan 'e Deadsstjer by itRebelleferbûn ôflevere wurde moatte. By oankomst blykt Alderaan lykwols troch de Deadsstjer ferneatige te wêzen. DeMillennium Falcon, it romteskip fan Han, komt fêst te sitten yn 'elûkstriel fan it romtestasjon, mar de opfarrenden ûntkomme oan finzenname en ynfiltrearje de Deadsstjer. Dêr befrije seprinsesse Leia, dy't dêr finzen holden wurdt, mar se ferlieze Obi-Wan oan induël mei Vader foar't it harren slagget om te ûntkommen. As R2-D2 letter skansearre rekket yn 'e Slach byYavin (wêryn't de Deadsstjer ferneatige wurdt), biedt in oerstjoere C-3PO oan om ûnderdielen te donearjen foar de reparaasje.
YnStar Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) identifisearret C-3PO inferkenningsrobot yn 'e neite fan 'e rebellebasis op 'eiisplaneetHoth, wat de rebellen der opmerksum op makket dat de lokaasje fan 'e basis net mear geheim is. Asstoarmtroepers fan itGalaktysk Keizerryk neitiid de basis oanfalle, slagget it de measte rebellen om te ûntkommen. C-3PO set dêrby ôf yn 'eMillennium Falcon mei Han Solo, Chewbacca en prinsesse Leia. Nei ferskate aventoeren bedarje se yn 'e Stêd yn 'e Wolkens, op 'e planeetBespin, dêr't de stikken rekkeMillennium Falcon reparearre wurde moat. Se wurde gastfrij ûnthelle trochLando Calrissian, de bestjoerder fan 'e Stêd yn 'e Wolkens, dy't in âldefreon fan Han is. As C-3PO lykwols op ferkenning útgiet, wurdt er by it binnengean fan inkeamer delsketten troch in stoarmtroeper dy't bûten byld bliuwt.
Hy wurdt letter troch Chewbacca yn stikken weromfûn yn 'e inrecyclingfasiliteit, mar it slagget him net om op 'e tiid in warskôging te jaan. Nei't oan it ljocht kommen is dat Lando ûnder ien tekken skûlet mei Vader, wurde Han, Chewbacca en Leia finzen nommen. Chewbacca mei de stikken fan C-3PO hâlde, dy't er yn synsel wer yninoar besiket te setten, yn 't earstoan sûnder folle súkses. Nei't Han Solo troch Vader yn karbonyt beferzen weijûn is oan 'epreemjejagerBoba Fett,rint Lando oer en befrijt er Leia en Chewbacca, wêrnei't se mei in noch mar heal werboude C-3PO yn 'eMillennium Falcon de Stêd yn 'e Wolkens ûntflechtsje. R2-D2, dy't mei Luke arrivearre is foar in befrijingsaksje, jout him by de groep en set oan board fan 'eMillennium Falcon útein mei de echte reparaasje fan C-3PO.
YnStar Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) stjoert Luke C-3PO en R2-D2 mei in boadskip nei ithaadkertier fan 'egangsterJabba de Hutt, op 'e planeetTatooine. Dyselde hâldt nammentlik de noch altyd yn karbonyt beferzen Han Solo fêst. Jabba beslút de beide androïden te hâlden, wêrnei't C-3PO him astolk tsjinnet. Sadwaande is C-3PO op 'e eftergrûn oanwêzich by de finzenname fan Leia en Chewbacca troch Jabba, de oankomst fan Luke, dy syn duël mei derancor en de rêding troch Luke en Lando fan al harren freonen as Jabba him, Han en Chewbacca oan 'esarlacc fan it Grutte Gat fan Carkoon fuorje wol. By dat lêste gefjocht rekket C-3PO skansearre as inhúsdier fan Jabba ien fan synfotoreseptors útskuort, foar't er op 'e flecht jage wurdt troch instroomstjit fan R2-D2.
Neitiid beselskippet C-3PO mei R2-D2, Luke, Leia, Han en Chewbacca inkommando-ienheid fan 'e rebellen nei it oerflak fan 'eboskmoanneEndor, dêr't se in generatorfasiliteitsabotearje moatte dy't itenerzjyskyld opwekket foar de twadde Deadsstjer fan keizer Palpatine. Op 'e moanne komme se yn kontakt mei de lânseigenEwoks, dy't Luke, Han, Leia, Chewbacca en R2-D2 finzen nimme, mar C-3PO omreden fan syn beplating fanferguld as ingodheid beskôgje. As de Ewoks harren minsklike finzenenbedriigje, brûkt Lukede Krêft om C-3PO sweve te litten, wat sabeare syn godlike krêften bewiist. Dêrop dogge de Ewoks wat C-3PO seit en litte se syn freonen los. Dyjûns fertelt C-3PO de Ewoks oer de skiednis fan 'e striid fan it Rebelleferbûn tsjin it Galaktysk Keizerryk, dêr't se bot fan ûnder de yndruk binne. De oare deis, as de rebellen in wraam op 'e generatorfasiliteit dogge, rinne se yn in fâle dy't opset is troch keizer Palpatine, en wurde se finzen nommen. De Ewoks komme harren lykwols mei mannemacht te help en ferslane de Keizerlike stoarmtroepers, sadat de generatorfasiliteit sabotearre en de twadde Deadsstjer ferneatige wurde kin.
Neitiid reizget C-3PO mei Anakin, Padmé en R2-D2 nei de planeet Geonosis ta, dêr't Obi-Wan ûnderwilens finzen nommen is troch deSithgreve Dooku. Dêr folget er R2-D2 nei infabryk dêr't oarlochsrobots produsearre wurde. Troch in brike set wurdt him deholle fan 'e romp skuord, dy't dêrnei op it lichem fan in oarlochrobot pleatst wurdt, wylst de holle dy't foar de oarlochsrobot bedoeld wie, op syn lichem komt te sitten. Beynfloede troch deprogrammearring fan 'e oarlochsrobot nimt C-3PO meitsjinnichheid diel oan 'eklimaktyske gefjochtssêne yn 'earena, wêrby't er tsjinholden wurdt troch de Jedi Kit Fisto. Nei't syn holle en lichem troch R2-D2 wer oaninoar set binne, is C-3PO oan 'e ein fan 'e film tsjûge fan 'e geheimetrouwerij fan Anakin en Padmé
YnStar Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) is C-3PO ien fan mar in selekt selskip dat op 'e hichte is fan itswierwêzen fan Padmé. Nei't Anakin ta proai falt oan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft en in hantlanger fan keizer Palpatine wurdt, dy't him de nije nammeDarth Vader jout, binne C-3PO en R2-D2 by him as er alle oanwêzigen yn it haadkertier fan 'e Jedi opCoruscant útmoardet. C-3POrasjonalisearret dyoarlochsmisdie troch derop te wizen dat syn master op 't heden in prottestress hat.
Neitiid bejout Vader him mei R2-D2 nei de planeet Mustafar, dêr't er de lieders fan 'eseparatistyskeKonfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels om hals bringt. Padmé reizget him mei C-3PO efternei, en nei harren lêste konfrontaasje, wêrby't Vader Padmésmoart oant sebewusteleas rekket, bringe C-3PO en R2-D2 har yn feilichheid. Letter is C-3PO derby as Padmébefalt fan intwilling, dy't se Luke en Leia neamt, en koart dêrnei ferstjert. Dêrnei wurde C-3PO en R2-D2 eigendom fanBail Organa, de senator foarAlderaan, de nijepleechheit fan Leia. Dyselde jout befel om itûnthâld fan C-3PO te wiskjen om it bestean en de lokaasje fan 'e beidepoppen geheim te hâlden, wêrnei't er harren oerdraacht oanRaymus Antilles, dekaptein fan 'eTantive IV.
YnStar Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) tsjinnet C-3PO benammen as assistint fan Leia en, wylst hja bewusteleas is, ek fan fersetspiloatPoe Dameron. Sa't syn wenst is, sit er oanhâldend yn noed oer gefaarlike misjes dy't oaren útfiere. Oan 'e ein fan 'e film sjocht er foar it earst yn jierren Luke Skywalker wer werom, dy't nei himknypeaget ear't er syn lêste striid oanbynt meiKylo Ren.
YnStar Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) beselskippet C-3PO Rey, Finn, Poe, Chewbacca en BB-8 nei de planeetPasaana, dêr't se inkontaktpersoan fan Luke moetsje sille dy't ynformaasje hat oer inartefakt fan 'eSith. Dy kontaktpersoan blyktLando Calrissian te wêzen. Nei't se it artefakt bemachtige hawwe, sjogge se dat it in Sith-dagge is, foarsjoen fantekst dy't, as er ûntsifere wurde kin, in oanwizing befettet oer de lokaasje fan 'e weropstienePalpatine en de nije float fan 'e Ivige Sith. Mei't C-3PO mear as sân miljoen foarmen fankommunikaasjeoersette kin, liket dat in putsje foar him, mar it docht bliken dat yn syn programmearring in obstakel ynboud sit dat foarkomt dat er de taal fan 'e Sith oerset.
De fersetslju witte op 'e planeetKijimi inhacker te finen dy't it problematyske stikjesoftware fan C-3PO omsile kin, mar inkeld troch syn ûnthâld te wiskjen. As er reäktivearre wurdt nei't er de tekst fertaald hat, beselsskippet C-3PO de oaren oant se in fersetsbasis berikke, dêr't it R2-D2 slagget om syn ûnthâld werom te bringen út inback-up dy't datearret fan krekt foar de earste misje fan Rey. Oan 'e ein fan 'e film fiert C-3PO mei de rest fan it Ferset de oerwinning op 'e Earste Oarder en de Sith.
Behalven yn films en op 'e tillefyzje komt it personaazje C-3PO ek yn in protteStar Wars-romans foar. Ien fan 'e opmerklikste ferskinings hat er ynThe Courtship of Princess Leia, fanDave Wolverton, út1984, wêryn'tprinsesse Leia deroer prakkesearret om út praktyske omtinkens tetrouwen mei desmoarrikeprins Isolder fan 'e machtige planeet Hapes. Troch in misferstân kriget C-3PO de yndruk datHan Solo, dy't ekom Leia stiket, inôfstammeling is fan 'ekeningen fan syn thúsplaneet Corellia. Hy konkludearret dat soks Han by útstek geskikt makket om mei in prinsesse tetrouwen, dat hy biedt oan om Han syn assistint en riejouwer te wurden by synhofmakkerij.
Hoewol't er skokt is wannear't Han Leiaûntfiert om har mei te nimmen neiDathomir, bringt dat him oangeande Han syn gaadlikens asbrêgeman net op oare gedachten. Hy docht oanhâldend war om Han en syn dieden yn it bêst mooglike ljocht te pleatsen, tayrritaasje fan Leia, en hy skriuwt sels inliet mei astitelDe Deugden fan Kening Han Solo, dat er hearre lit mei op 'e eftergrûn it lûd fan in folsleinsymfony-orkest. It hat in tige oansteklikrefrein, dat Leia neitiid ta har argewaasje net mear út 'e holle kriget. Letter ûntdekt C-3PO dat Han inkeld ôfstammet fan introanpretendint. Dan begjint er it houlik ôf te rieden, mar Leia hat dan al foar Han keazen, en C-3PO is oanwêzich by de trouwerij.