De gemeente hat 32.128 ynwenners (2009) (op it hichtepunt yn 1966 noch 42.000) op in oerflak fan mar 8km² mei amper wetteroerflak. Dêrmei is Bussum yn oerflak de lytste, tichtstbefolke, mar neffens ynwennertal ek de sterkst krimpende gemeente fan it Goai, noch sterker as de sustergemeenteHilfertsom. Nei Hilfertsom enHuizen hat it de measte ynwenners. Groei is lykwols binnen dizze grinzen net maklik. It ynwennertal rint de lêste desennia hieltiten fierder werom en de befolking fergrizet. Bussum is in 'krimpgemeente' wurden. Begjin 2007 wie 19% fan de ynwenners âlder as 65. It trochsneed ynkommen leit yn Bussum leger as dat yn de lytsere omlizzende plakkenBlaricum,Laren enNaarden, mar heger as dat yn it gruttereHilfertsom enHuizen.