Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Bundesautobahn 27

Ut Wikipedy
Bundesautobahn 27
Langte:162 km
Kaart

DeBundesautobahn 27 (koartweg A27), ek wolSchnellfischlinie neamd, is inDútske autosnelwei dy't fan deNoardseekust byCuxhaven oerBremen neiWalsrode ferrint, wêr't er oanslút op deA7. Oer de hiele lingte is de A27 ek asE234 nûmere.

De ein fan de A27 byCuxhaven.

Meidat de A27 in ferbining foarmet tusken de havens fan Bremen,Bremerhaven en Cuxhaven wurdt dy in soad brûkt troch it frachtferkear.

De A27 ûntstie yn 'e tritiger jierren, doe't tusken1933 en1937 it earste grutte trasee oanlein waard. Fan 'e fyftiger jierren oant1987 waard de wei oanhâldend yn sawol noardlike as súdlike rjochting ferlinge en ferbettere ta ferfanging fan deB6.

Yn novimber 2005 wie de ferbouwing fan 4 nei 6 rydstroken tusken Bremen-Überseestadt en Bremen-Burglesum (ek wolBlocklandautobahn neamd) klear, om de deiske stromen pindelers opfange te kinnen. Dêrby kaam it sels ta ûnienigens tusken Bremen en it stedsjeOsterholz-Scharmbeck omdat troch nike bepaadwizering by de ôfritRitterhude-Süd it stedsje net mear op de ôfritboerden stie.

It neamen wurdich is ek de ôfrit Bremen-Sebaldsbrück. Dy leit net, sa't efrwachte wurde soe, yn de buert fan de wyk Sebaldsbrück, mar 5 kilometer der ôf by Bremen-Osterholz. Dat is mei opsetsin dien, om ferwikseling mei Osterholz-Scharmbeck foar te kommen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBundesautobahn 27 fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Bundesautobahn_27&oldid=1008180"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp