Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Buck Adams

Ut Wikipedy
Buck Adams
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
D.A. Adams, Charles Allen,
Charles S. Allen, Hector,
Claymore Rush
echte nammeCharles Stephen Allen
nasjonaliteitAmerikaansk
berne15 novimber1955
berteplakLos Angeles (Kalifornje)
stoarn28 oktober2008
stjerplakLos Angeles (Kalifornje)
etnisiteitAngelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum aspornoakteur,regisseur
jierren aktyf19842008
offisjele webside
n.f.t.

Buck Adams, echtenamme:Charles Stephen Allen,byneamd 'Backhand' (Los Angeles,15 novimber1955 – dêre,28 oktober2008), wie inAmerikaanskbokser,pornografysk akteur enregisseur. Hy makke yn it begjin fan synkarriêre ek wol gebrûk fan syn eigen namme en fan 'eskûlnammen D.A. Adams, Hector en Claymore Rush. Hy sette yn1984 útein mei inwurkpaad yn 'eAmerikaanskepornoyndustry en spile yn hûndertenfilms. Adams wûn trije kear de prestizjeuzeAVN Award foar bêste akteur. Hy gie troch mei dat wurk oant er yn2008 kaam teferstjerren oan inhertoanfal.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jonkheid

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Adams waard yn1955berne ynChatsworth, dewyk fanLos Angeles dy't it sintrum fan 'eAmerikaanskepornoyndustry is.

Karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Adams besocht oarspronklik om it te meitsjen asbokser, wat mislearre, en ûnderhold himsels letter asútsmiter. Synsuster,Amber Lynn, dy't yn 'e earste helte fan 'e1980-er jierren mei inkarriêre aspornoaktrise úteinset wie, beloek him by depornoyndustry om't se seach dat er sa'n bytsje fertsjinne dat er soms amper itende bliuwe koe. Yn1984, doe't er 29 jier wie, begûn Adams sadwaande te wurkjen as pornoakteur. Yn dy hoedanichheid hied er grut súkses, en hy wûn trije kear inAVN Award (deOscar fan 'e pornowrâld) yn 'ekategory bêste akteur: yn1987 foar de filmRockey X, yn1992 foarRoxy en yn1995 foarNo Motive. Ek waard er ynhuldige as lid fan sawol deAVN Hall of Fame as deXRCO Hall of Fame.

Neffens deInternet Adult Film Database (IAFD) spile Adams yn totaal yn 775 pornofilms, hoewol't dêr ek werútjûne kompilaasjefideo's fan âlder wurk tusken sitte. Hy wurke û.m. foar sokke foaroansteandelabels asDevil's Film,Vivid Entertainment,Evil Angel,Anabolic Video,Sin City,Adam & Eve,Elegant Angel enVCA Pictures. Ek wied er wol yn 't spier foar minder bekendestudio's, lykasCaballero Home Video,Metro,Leisure Time Entertainment,Coast to Coast Video enLegend Video.

Under synkarriêre wurke Adams gear meitsjinspylsters asTracey Adams,Brigitte Aime,Johnni Black,Bunny Bleu,Vanessa Blue,Holly Body,Erica Boyer,Asia Carrera,J.R. Carrington,Jeanna Fine,Ashlyn Gere,Nina Hartley,Kylie Ireland,Jessica Jewel,Keisha,Sally Layd,Heather Lee,Shawna Lenée,Lovette,Mimi Miyagi,Isis Nile,Brittany O'Connell,Moana Pozzi,Savannah,Bianca Trump,Taylor Wane,Teri Weigel,Tori Welles,Zara Whites,Rebecca Wild enLilli Xene. Hy hie in goedereputaasje yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en stie derom bekend dat er him foar aktrises oerhold en droech as in hear.

Njonken synaktearwurk wie Adams ek efter de skermen by de pornoyndustry belutsen, asregisseur ensenarioskriuwer. Hy makke syndebút as regisseur yn1988 mei de filmSquirt. Yn totaal regissearre er neffens de IAFD 85 pornofilms, û.m. foar de studio'sCoast to Coast Video enSin City. Ien fan 'e súksesfolsten wieBabewatch (1994), inpornografyskeparody op 'eaksjesearjeBaywatch, dy't yn 'e1990-er jierren tige populêr wie. Adams spile ynBabewatch ek sels, en waard tegearre meiRebecca Wild nominearre foar deAVN Award foar bêstesekssêne mei in pearke. Neitiid makke er noch achtferfolchfilms:Babewatch 2 oant en meiBabewatch 8 enBabewatch 13.

Priveelibben

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Adams en synsusterAmber Lynn hiene in stoarmeftige bân, dy't hinne en wer swong tusken net mei-inoar praten en inigefreonskip. Hja holden harrenfamyljerelaasje geheim oant in regisseur harren sûnder euvelmoed ris yn in sekssêne oaninoar keppelje woe. Adamstroude op23 april1986 mei pornoaktriseJanette Littledove. Nei't dathoulik yn inskieding einige wie, krige Adams yn 'e1990-er jierren inrelaasje mei pornoaktriseAspen Brock.

Yn 'ehjerst fan1996 oerlibbe er ferskatehertoanfallen efterinoar. Nei't er yn1999 op 'e nij in hertoanfal krige, dy't him op in hier nei fataal waard, frege er Brock, wylst er noch yn itsikehûs lei, om mei him te trouwen. Sadree't er wer thús wie, fûn debrulloft plak. Adams swardedrank endrugs ôf en joech him byAA. Op28 oktober2008 kaam er yn itNorthridge Hospital Medical Center yn 'eLos Angelynske wykNorthridge, yn it bywêzen fan û.o. syndochter Christa en syn suster Amber Lynn, teferstjerren oan 'e gefolgen fan in nije hertoanfal. Hy waard 52 jier.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
jierpriisresultaatkategoryfoar har optreden yn
1987AVN Awardnominearrebêstesekssêne(meiNina Hartley)Peeping Tom
nominearrebêstesenario (fideo)(meiPatti Rhodes-Lincoln)Rockey X
wûnbêsteakteur (fideo)Rockey X
1990XRCO Awardwûnbêste sekssêne(meiTori Welles)The Chamelion
1992AVN Awardwûnbêste akteur (film)Roxy
1995AVN Awardnominearrebêste sekssêne mei in pearke (fideo)(meiRebecca Wild)Babewatch
nominearrebêstebyrol fan in akteur (film)The Secrets of Bonnie and Clyde
The Revenge of Bonnie and Clyde
nominearrebêste akteur (film)Climax 2000
nominearrebêste akteur (film)The Hustlers
nominearrebêste akteur (fideo)Gemini
nominearrebêsteregisseur (film)No Motive
wûnbêste akteur (film)No Motive
1996XRCO AwardynhuldigeXRCO Hall of Fameoeuvre
jier ûnbekendAVN AwardynhuldigeAVN Hall of Fameoeuvre

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:AdamsReferences, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBuck Adams fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Buck_Adams&oldid=1143547"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp