Brussel is in twatalige stêd, dêr't Frânsk (85-90%) enNederlânsk (10-15%) sprutsen wurdt. As haadstêd fan Belgje is Brussel it plak dêr't it nasjonaal regear festige is, dêr't de kening kroane wurdt en dêr't de keninklike famylje wennet.
Mei goed 180.000 ynwenners is Brussel de fyfde grutte gemeente neffens ynwennertal yn Belgje. De gemeente is ien fan de 19 gemeenten fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest, dat ornaris ek "Brussel" neamd wurdt en dy hat goed 1,2 miljoen ynwenners. Yn deStedsregio Brussel wenje goed 1,8 miljoen minsken en is dêrmei de grutste fan Belgje.
De namme Brussel is ôflaat fan de gearstalling út itAldnederfrankyskebruoc (broek/sompe) ensella (wenplak), dusBruocsella (wenplak yn/by de sompe). Om1015 hinne komt de namme yn itLatyn foar it earst foar asBrosella. Yn itMidnederlânsk evoluearre de namme ta ''Bruesele enBrussele. De namme soe yn it moderneNederlânsk winlikenBroekzele wêze moatte, dochs is stadichoan feroare taBrussel. ItFrânskeBruxelles stiet noch tichteby de oarspronklike namme.
Yn it Soaniënwâld súdeastlik fan de hjoeddeistige stêd Brussel binne fynsten fan bewenning út itNeolitikum weromfûn. Yn debrûnstiid enizertiid wie der bewenning yn dedelling fan demeänderjende rivier deSenne, dêr't benammenlânbouwers libben. Yn deRomeinske tiid waarden derfilla's oan wjerskanten fan de Senne boud. Ut dy tiid komme ek twa grêfheuvels. Yn deMerovingyske tiid, yn desechde ensande iuw, ûntstiene op de hegere grûn om de Senne hinne ferskate doarpen. Op de legere grûn om de Senne hinne wiene in stikmannich sompen, dêr't dus de namme "wenplak by de sompe" nei wiist.
Aldste bewarre stedssegel fan Brussel út 1257 mei itMidnederlânsk râneskrift: INGESIGELE · DER · PORTERS · VAN · BRUSLE
Yn denjoggende iuw woeksen de doarpen oaninoar fêst en waard inboarch op ien fan de trije eilannen yn de Senne boud. De stêd waard in merkplak fan de lânbou yn de omkriten. Troch de lizzing oan de Senne, dy't yn deDijle útmûnet en dy't op syn bar yn deSkelde útmûnet krige Brussel in ferbining mei de see en kaam op in hannelsrûte fan de âldere stêdenBrugge neiKeulen te lizzen. Hannelers en hânwurklju fêstigen harren yn Brussel dy't part fan de twadde ferstedsking fan Noardwest-Jeropa yn de midsiuwen wie.
Bestjoerlik lei Brussel yn deBrabângoa en itbisdom Kamerryk yn it hartochdomNederloataringen. De goa Brabân bestie út fjouwer greefskippen, dêr't it greefskip Brussel de meast eastlike fan wie. Justjes foar it jier1000 kaam it Brussel yn it besit fan de greef fanLeuven, dy't mooglik in kastiel op deKoudenberg hie.
De greven fan Leuven en Brussel waarden oan de ein fan dealfde iuw lângreven fan Brabân. Yn1106 waarden se hartoch fan Nederloataringen en oan de ein fan de tolfde iuw waarden se yn it lângreefskip Brabân ferheft ta hartoch fanBrabân. Brussel waard yn dy snuorje hieltyd wichtiger yn it neidiel fan Leuven. Beide stêden woeksen lykwols troch it opbloeien fan de hannel yn dy tiid.
Yn1229 krige Brusselstedsrjochten fan hartochHindrik I fan Brabân. De stêd krige doe de earste stiennen stedsmuorre. Dy waard fjouwer kilometer lang en krige sân stedspoarten. De tekstylsektor kaam yn dy snuorje fluch op. De Lekkengilde, dy't yn detrettjinde iuw ûntstie, hie in grutte ynfloed op dy yndustry. De skieppetylt om Brussel hinne koe de fraach net mear beneikomme. In soad wol en oare grûnstoffen waarden ymportearre. Lekken waard fier oer de grinzen eksportearre. Debeginen, dy't om1250 in grut Begynhôf stiften, foarmen in wichtich part fan dy sektor.
Yn1236 en1276 wiene der grutte stedsbrannen yn Brussel. Yn defjirtjinde iuw rekke de lekkenyndustry op syn hichtepunt. De stêd woeks tige by tige en doe wie der in nije stedsmuorre nedich. Dy waard yn1357 boud en waard wol acht kilometer lang. Doe krige it hjoeddeistige sintrum fan Brussel syn fiifhoekige foarm. Brussel woeks fan 80 oant 509 bunder. Yn dy snuorje waard it grutteStedhûs fan Brussel oan deGrutte Merk boud, dy't it ekonomysk sintrum fan de stêd wie.
Doe't hartochFilips I fan Brabân yn1430 ferstoar gie it hartochdom Brabân oer ta syn neefFilips de Goede fan Boergonje. Dêrtroch kaam Brussel ûnder de Boergonjers te fallen. Itselde jiers waard úteinset mei de útwreiding fan it kastiel op Koudenberg dy't waard winliken in wier paleis waard. Brussel waard troch it foltôgjen fan it kastiel yn1459 de haadresidinsje fan hartoch Filips en dus it bestjoerlike sintrum fan itBoergondyske Ryk.
Kaart fan Brussel fan 1657 troch Blaeu
De ekonomy bleau yn dy snuorje trochwaaksen, alhoewol't de lekkenyndustry syn bêste jierren hân hie. De Brusselske wandtapiten enretabels kamen dêrfoar yn plak. Ek de Brusselske skilderskoalle waard wichtich en produsearre guon grutte skilders, lykasLucas Achtschellinck, dochs soe net útgroeie ta it nivo fan dy fan Brugge enAntwerpen. De krêft fan Brussel lei yn spesjalisearre lúkse-yndustryen. HartoginneMarije fan Boergonje joech tastimming fan it graven fan in kanaal fan Brussel nei de Dijle sa't it steapelrjocht fanMechelen op de Senne te mid wurde koe. Om't it Boergondysk Hof yn Brussel fêstige wie en syn belied sintralistysk wie, woeks de foarstlike macht yn it neidiel fan de stedske autonomy sa't dy oanwêzich wie yn stêden lykas Antwerpen en Leuven. Dat late wol gauris ta ûntefredenens by de boargers en benammen depatrysjers, benammen doe't Marije fan Boergonje meiMaksimiliaan fan Habsburch boaske. De befolking fan Brussel, allyk dy fan Flaanderen, fertrouden him net. Doe't Marije yn1482 op jonge jierren ferstoar, ûntstie der in fûle striid om it regintskip fan har minderjierrige soantsjeFilips de Skiene. Hja woene de hearskippij fan Maksimiliaan net erkenne. Dy liet lykwols twa Brusselske ôffeardigen ûnthalzje. Yn1486 waard er keizer fan itHillige Roomske Ryk en kaam nei Brussel om syn residinsje te belûken. Syn Dútske soldaten waarden troch de stedsmilysjes oanfallen. Dêrnei rekke der in bloedige kriich út tusken Brussel en de Flaamske opstannelingen tsjin de Habsburgers en Boergonjers. In jier letter koeAlbrecht fan Saksen Brussel foar Maksimiliaan oermasterje. Doe't Filips de Skiene folwoeksen waard boaske erJehanna de Sljochtsinnige fan Kastylje. Filips ferstoar yn1506 en waard opfolge troch syn soanKarel V fan Habsburch. Yn1516 waard Karel yn de BrusselskeSint-Michieltsjerke kroane ta kening fan Spanje en yn1519 folge er syn pake Maksimiliaan op as aartshartoch fan de Eastenrykske erflannen en keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Under it bestjoer fan Karel berikte Brussel syn grutste bloei en waard it sintrum fan syn wrâldryk.
Under it bestjoer fan Karel kaam itprotestantisme op. Hy moast der neat fan hawwe en ûnder syn bewâld waard deynkwisysje organisearre en besocht er it opkommend protestantisme foel te bestriden, benammen troch ketterferbaarnen. Yn1555 stapte Karel V op ta geunst fan syn soanFilips II, dy't de ynkwisysjepolityk fuortsette. Yn1559 ferfear Filips nei Spanje en liet de polityk yn hannen fan syn healsuster, lânfâdesseMargareta fan Parma. Itkalvinisme waard reedlik populêr yn de stêd en omkriten en ek degeuzen namen stêden yn de buert yn fan de Spanjerts. Filips stjoerde yn1567 dehartoch fan Alva nei de Nederlannen om de opstân del te bêdzjen. Dat slagge him net, debyldestoarm kaam ek yn Brussel en de kalvinisten krigen de macht yn hannen yn de stêd. Brussel sleat him ynearsten by deUny fan Utert oan en der ûntstie in Brusselske Republyk. Lykwols in soad stêden yn de omkriten foelen wer yn Spaanske hannen en dêrtroch ferhuzen de Steaten-Generaal earst nei Antwerpen en letter neiMiddelburch. It kalvinisme wie noch sterk yn de stêd, dochs Brussel rekke hieltyd mear isolearre fan de protestantske Nederlannen. Yn1584 sette it Belis fan Brussel troch de Spaanske lânfâdAleksander Farnese útein en yn1585 joech de stêd him oer. Brussel waard de haadstêd fan deSpaanske Nederlannen, dêr't tenei dekontrareformaasje hearske. De protestanten moasten ferfarre of nei it katolike leauwe weromgean en dat late ta it kommen fan dejezuïten (1586) enaugustinen (1601) en ek de definitive skieding tusken de protestantske Noardlike en katolike Súdlike Nederlannen. In soad flechten nei deNoardlike Nederlannen.
Yn1595 waard Filips II syn neefAlbrecht fan Eastenryk oansteld as lânfâd fan de Súdlike Nederlannen. Yn1599 boaske er mei Filip syn dochterIsabella, dy't yn jier dêrfoar de Spaanske Nederlannen urven hie. Under harren bestjoer bloeide Brussel op as haadstêd. Nei it ferstjerren fan Isabella yn1633 en om't hja gjin bern hiene, kamen de Súdlike Nederlannen werom yn Spaanske hannen. It gebiet, mei Brussel as haadstêd kaam stadichoan hieltyd mear ûnder druk te stean fan it ekspansionisme fan de Frânske keningLoadewyk XIV.
Sicht op Brussel foar it bombardemint fan 1666 trochLancelot Volders
Dat late ta ferskate krigen tusken de Spanjerts en de Frânsken. Yn augustus1695 waard Brussel ferwoastgjend besketten yn deNjoggenjierrige Kriich tusken Frankryk en deRepublyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dêr't Spanje ek by belutsen rekke. Likernôch 4.000 huzen rekken skeind en ek it Stedhûs rekke skansearre, dêr't in soad keunstwurken by ferlern giene. Nei't de Frânsken harren weromlutsen waard Brussel weropboud en krige de Grutte Merk syn hjoeddeistich oansjen.
Nei deSpaanske Súksesjekriich kamen de Súdlike Nederlannen fannijs ûnder Eastenryksk bestjoer. KeizerinneMaria Teresa steldeKarel Aleksander fan Loataringen oan as lânfâd yn de Súdlike Nederlannen. Der bruts in tiid fan frede út en ferskate urbanisaasjeplannen yn de stêd waarden útfierd. Nei in tal herfoarmings dy't keizerJoazef II oan de ein fan deachttjinde iuw besocht troch te fieren kaam er op wjerstân te mjitte. Ferskate protesten brutsen út yn Brussel en oare stêden. DeFeriene Nederlânske Steaten rôp syn ûnôfhinklikens út yn1790.Yn1794 kamen de Frânsken fannijs en ferdreaune de Eastenrikers oer deRyn hinne. Dêrtroch kaam Brussel yn hannen fan deEarste Frânske Republyk.
Nei de delgong fanNapoleon waard by itKongres fan Wenen yn1815 bepaald dat de Súdlike Nederlannen part wurde soe fan it nijeFeriene keninkryk fan de Nederlannen meiWillem I fan Oranje as kening. Brussel waard, tegearre meiAmsterdam de haadstêd fan it nije keninkryk. Yn1820 waard úteinset mei it ferbouwen fan twa amtresidinsjes ta itKeninklik Paleis fan Brussel. Doe't itselde jiers it Paleis fan de Steaten-Generaal ôfbaarnde, waard op itselde plak in nij gebou boud, dy't hjoed-de-dei it Paleis fan de Naasje, it sit fan it Belgysk parlemint is. It belied fan kening Willem wie it stribjen en meitsje Nederlânsk de offisjele taal. Dat late ta ferset fan de Frânsktaligen en de katoliken tsjin dy ûnderwiispolityk en der ûntstie suver in skoalstriid. Nei1825 sleaten liberalen en katoliken byinoar oan en yn1828 kaam de Uny fan katolike en liberale opposysje fan 'e grûn. Ynearsten stribbe dy Uny gjin ûnôfhinklikens nei mar late lang om let ta deBelgyske Revolúsje. Under ynfloed fan de minne ekonomyske tastân en de Julyrevolúsje yn Frankryk brutsen der op25 augustus1830 lytse rebûljes út yn Brussel. Jûns rûn it út 'e hân. Huzen fan rike Nederlanners waarden yn 'e brân stutsen. De oardertsjinsten koene de sitewaasje net de baas en de folgjende dei hie de Brusselske boargerij sels ek noed slachtoffer te wurden. Hja besleaten in boargerwacht op te rjochtsjen. Op23 septimber luts prinsFreark mei it leger Brussel yn, dochs moast nei tefolle ferset fan de separatisten de stêd wer ferlitte. Op4 oktober waard de ûnôfhinklikens útroppen.
Paleis fan Justysje
Op21 july1831 kaamLeopold I op de troan as earste Kening fan de Belgen. Brussel waard de haadstêd fan de nije Belgyske steat. Yn1830 wie Brussel in Brabânske stêd dêr't it Nederlânsk yn de foarm fan it pleatslike Brabânske dialekt de fiertaal wie. Nei de ûnôfhinklikens kaam der in grutte ynstream fan Frânsken (flechte revolúsjonêren en oaren) en Waalske amtners dy't it nije Belgyske bewâld oanluts út de Waalske provinsjes om syn nasjonale administraasje mei op te foljen. Dat bewâld waard behearske troch de hegere boargerij en adel dêr't guon fan harren it stimrjocht doe fan hiene. Hja woene de nasjonale ynstellings allinnich yn harren taal útbouwe. Dêrtroch rekke it Nederlânsk ferballe út alle stedske ynstellings en bestjoer. Dy taalkundige diskriminaasje hong gear mei sosjale en politike diskriminaasje fan de gewoane befolking en legere boargerij. Nijsgjirrich is it ûntstean fan de Brusselske sprektaal dy't winliken in fariant fan it Nederlânsk mei in sterke ynfloed fan it Frânsk wie.
Yn denjoggentjinde iuw krige Brussel in sterke yndustriële ûntjouwing. Yn1832 waard itKanaal Brussel-Charleroi yn gebrûk nommen. It spoar fan Brussel nei Mechelen wie it earste spoar op it Jeropeeske fêstelân. Yn it midden fan dy iuw waard de stêd yn it easten en suden flink útwreide.
Rue Antoine Dansaert/Antoine Dansaertstraat
Under keningLeopold II, dy't wol de "kening-arsjitekt" neamd waard, waarden guon prestizieuze gebouwen foar haadstedske ynstellings boud. Guon grutte parken en leanen waarden oanlein en mear wiken waarden byboud. In part fan de Senne waard oerkape, om't de rivier in wiere rioel wie en sykten meibrocht. Dat joech mear romte en lis widere bûlevaars oan nei it foarbyld fanParys. Troch swiere druk fan de oerheid en troch de ynstream fan Walen en Frânsken ûntstie der in oanhâldende ferfrânsking fan de befolking. Yn it midden fan detweintichste iuw wiene de Frânsktaligen pas yn de mearderheid. Mank mei dy evolúsje woeks ek it haadstedsk gebiet. Yn de iere njoggentjinde iuw wiene der mar seis gemeenten om de haadstêd hinne, mar nei it ferstedskjen en ferfrânskjen tanamen, waarden omlizzende gemeenten taheakke. Dat barde ornaris by de tsienjierlikse taletellings sadree't it tal Frânsktaligen en twataligen boppe beskate grinzen rekken, waard de belutsen gemeente by it haadstedsk gebiet taheakke.
Yn deEarste Wrâldkriich boude de Dútske besetter op in gersstripe byHaren guon houten loadsen foarseppelins. Dat foarme it grûnwurk foar de earste nasjonale lofthaven fan Belgje. Yn1921 waarden Haren,Laken,Neder-Over-Heembeek en noardlike gebieten by Brussel anneksearre, sa't de stêd de grutste gemeente fan it Brusselsk gewest waard.
Place De Brouckère/De Brouckèreplein
Brussel waard op17 maaie1940 trochNazy-Dútslân beset. Op28 maaie joech it Belgyske leger him oer en kaam de kening werom yn syn paleis yn Laken. Op28 oktober dat jiers drukten de besetters harren wetten oangeande deJoaden troch. Fan de 21.734 Brusselske Joaden boppe de 15 jier waarden 12.000 registrearre en 4.460 waarden deportearre. Yn septimber1942 waard de gemeente Grut-Brussel oprjochte dy't beheard waard troch pro-Dútske politisy. Op3 septimber1944 waard Brussel troch Britske troepen ûnder lieding fan generaal Sir Miles Dempsey befrijd. Dat jier wiene der ek bombardeminten op de stêd troch Dútske V1-raketten.
It Berlaymontgebou, haadkantoar fan de jeropeeske Kommisje
Nei de kriich waard Brussel modernisearre, benammen de ynfrastruktuer. DeNoard-súdferbining waard iepene en yn1958 waard it noardwesten fan Brussel, it mêd fan itHeizelplateau, yn it ramt fanExpo 58 feroare. Der waarden tunnels yn delytse ring oanbrocht en úteinset mei it oanlizzen fan degrutte ring. Neitiids krige Brussel hieltyd mear te krijen mei it begryp "brusselisearring", in ûngeunstige term foar it stedske ûntjaan fan Brussel yn de1960-er en1970-er jierren. Yn it ramt fande facto "haadstêd fan Jeropa" en it sit fan deNoardatlantyske Ferdrachsorganisaasje waarden wiken platskood en meitsje plak foar grutte kantoargebouwen, itManhattanplan. Yn1976 waard de earstemetroline yn Brussel iepene.
Ek yn dy snuorje wie der in soad ymmigraasje nei Brussel. De grutstedske befolking waard oanfolle mei arbeidsmigranten útSúd-Jeropa,Noard-Afrika, benammenMarokkanen, enTurkije. Yn de1980-er en1990-er jierren sette dy weach troch mei saneamde famyljewerienings. Dêrnjonken kaam der in grutte ymmigraaasjeweach út Sintraal-Jeropa, benammenPoalen en troch de funksje as Jeropeeske haadstêd binne der ek in soad oare EU-boargers dy't al as net permanint yn Brussel wenje.
Op22 maart2016 foelen der by terroristyske oanslaggen op delofthaven Zaventem en it metrostasjon Maalbeek yn Brussel 31 deaden en likernôch 200 ferwûnen. Op20 juny2017 besocht in terrorist in spikerbom ûntploffe te litten op itStasjon Brussel-Sintraal, mar dat mislearre. De dieder waard deasketten nei't it mislearre oanstekken fan de bom in lytse ûntploffing feroarsake hie.
De gemeente Brussel yn it gewest Brussel-Haadstêd yn read oanjûn
De gemeente Brussel (op de kaart yn it read) bestie oarspronklik allinnich út de binnenstêd fan Brussel, de FiifhoekePentagon/Vijfhoek omreden syn fiifhoekige foarm. Hjoed-de-dei wurdt de gemeente Brussel yn seis stedsdielen yndield.
De gemeente hat 188.737 ynwenners (1 jannewaris 2022) en hat in oerflak fan 32,61km².
Gemeenten yn it gewest Brussel-Haadstêd. Nûmer 2 jout de gemeente Brussel oan
Yn it noarden grinzget de gemeente oan de provinsjeFlaamsk-Brabân. Fierders grinzget de gemeente Brussel (2) oan:
Atomium, in tige ferneamd monumint dat in izerkristal foarstelle moat dy't 150 miljard kear fergrutte is. It waard yn it ramt fan deWrâldútstalling fan 1958.
Brussel is ferneamd om syn iten.Brusselske sprútsjes binne nei de stêd neamd. Fierders binnemosselpatat, waffelkoeken, sûkelarje, patat en bier Brusselske spesjaliteiten. Der is ien restaurant mei twa stjerren en der binne fjouwer restaurants mei ien stjer fan Michelin yn de stêd.
Brussel hat, lykas in soad oare Belgyske stêden, in warber útgeanslibben. In soad útgeansgelegenheden lizze ferspraat oer de stêd hinne, dochs yn it sintrum binne benammen it gebiet om de Beurs en itPlace Saint Géry/Sint-Goriksplein hinne bekend as útgeansbuert.
Yn de stêd Brussel, lykas yn de rest fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest, binne itFrânsk enNederlânsk de offisjele talen. De measte ynwenners, forinzen en fêste bûtenlanners brûke almeast it Frânsk as sprektaal. Likernôch 10-15% fan de Brusselske befolking praat Nederlânsk. In part dêrfan praat noch hieltyd itBrusselsk, dat itBrabânske dialekt fan Brussel is. It dialekt is lykwols stadichoan oan it ferdwinen.