Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Brigade

Ut Wikipedy
Standertsymboal brûkt troch deNATO om in brigade oan te jaan.

Inbrigade (fan itFrânskebrigade) is in wichtigemilitêre ienheid of formaasje fan 'elânmacht en itmarinierskorps, dy't bestiet út tusken de 3.000 en 11.000manskippen. Yn 'e meastelegers wurde brigades opmakke út trije oant seisbataljons en ferskate ûnderstypjende ienheden. Twa oant fjouwer brigades foarmje indifyzje. De rol dy't de brigade no spilet op it mêd fan 'eoarlochfiering waard foar de ein fan 'eachttjinde iuw ferfolle troch itrezjimint. In brigade is likernôch ekwivalint oan in fergrutte of fuortsterke rezjimint. It befel oer in brigade is yn 'e regel yn 'e hannen fan inbrigadegeneraal, bystien troch inluitenant-kolonel of inkolonel.

Soms wurde lytsere elemintenartillery,sjeny enlogistike ienheden oan brigades tafoege. Histoarysk waarden sokke mingde brigades soms 'brigadegroepen' neamd. Tsjintwurdich komt it lykwols mear foar dat brigades opboud binne út ien inkeldlânmachtwapen, lykaskavalery,ynfantery (meganisearre ynfantery ofpânserynfantery),artillery,loftdoelgeskut ofsjeny. Guon brigades wurde klassifisearre as 'selsstannich' en operearje dan bûten de gruttere struktuer fan indifyzje om. Yn 'e legers fan 'e lannen dy't ta deNATO hearre, omfiemet in brigade likernôch 3.200 oant 3.500manskippen, mar yn 'e legers fanSwitserlân enEastenryk kin dat oprinne oant wol 11.000 man.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes and references, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Brigade&oldid=1057550"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp