ItBrief oan de Filippiërs, yn it oarspronklikeGryksk:Επιστολή προς Φιλιππησιους,Epistoli pros Filippisious, ek wol koartweiFilippiërs neamd, is it alfde boek fan itNije Testamint fan 'ekristlikeBibel. It is de sechsde fan 'ebrieven, en heart ta deBrieven fan Paulus. Dat deapostelPaulus dit brief skreaun hat, is ûnder bibelwittenskippers enteologen algemien oanfurde, al neamt Paulus sels yn 'e ynliedingTimóteüs as mei-skriuwer. Ut it brief docht bliken dat Paulus yn it tichthús siet doe't er him skreau, krekt as byEfeziërs,Kolossers enFilémon. Dy fjouwer brieven wurde sadwaande ek wol deFinzenskipsbrieven neamd.
De measte saakkundigen binne fan tinken datFilippiërs om it jier62 hinne skreaun wêze moat, doe't Paulus ynRome fêstholden waard (61-63), al liket guon bibelwittenskippers in eardere datearring, doe't Paulus finzen siet ynEfeze (54-57) of ynSesareä (58-61), better ta. It brief is skreaun oan 'e kristlike gemeente teFilippy, ynMasedoanje, dy't Paulus sels stifte hie op syn twadde sindingsreis, tusken49 en51 (sjoch:Hannelingen 16:11-40). It doel fan it brief wie om 'e Filippiërs te tankjen foar harren stipe. De earste folsleineFryske oersetting fanFilippiërs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû.Geart Aeilco Wumkes enEeltsje Boates Folkertsma, dy't yn1933 útkaam.
Hoewol't Filippy ynGrikelân lei, waard it net bewenne trochGriken, mar trochRomeinen, âld-legionêrs en harren ôfstammelingen. De kristlike gemeente dêre wie sadwaande in rikenien, seker yn ferhâlding ta guon oare gemeenten, en stjoerde Paulus geregeldwei jild, sadat er net sels de kost hoege soe te fertsjinjen en dus mear tiid hawwe soe om itevangeelje út te dragen. Paulus wie dan ek tige wiis mei de gemeente te Filippy. No hawwe de Filippiërs heard dat de apostel yn it tichthús sit, dat se hawweEpafroditus stjoerd mei jild. Mar Epafroditus is siik wurden en yn Filippy sit men om him yn noed. Sadwaande skriuwt Paulus no in brief oan 'e gemeente, wêryn't er de lju tanket foar harren stipe en de hope útsprekt dat er mei gauwens sels nochris yn Filippy delkomme kinne sil. Epafroditus, dy't ûnderwilens wer opbettere is, sil it brief eigenhandich besoargje.
DeapostelPaulus dy't syn brieven skriuwt, op in skilderij út 'e 16de iuw. (Yn wurklikheid diktearre Paulus syn brieven oan inslaaf.)
Nei in ynlieding mei in groetnis (Fil. 1:1-2) set Paulus útein mei in tankbetsjûging en ingebed foar de Filippiërs (Fil. 1:3-11). Dêrnei fertelt er hoe't it der mei himsels foarstiet (Fil. 1:12-26). Hy treastet de gemeenteleden oan om nettsjinsteande harren (relative) rykdom nederich te bliuwen en te libjen as tsjinners fanKristus (Fil. 1:27-2:18). Nei in pear meidielingen oangeande Epafroditus en de hope fan Paulus en Timóteüs om sels Filippy wer te besykjen (Fil. 2:19-30), folget in warskôging tsjin lju dy't de kristenen fan it rjochte paad ôf besykje (sille) te bringen (Fil. 3:1-4:1). Nei noch wat oare fermoannings (Fil. 4:2-9), wurde de Filippiërs nochris betanke foar it jild dat se stjoerd hawwe (Fil. 4:10-20), en dan slút Paulus it brief ôf mei in groetnis en in seiniging (Fil. 4:21-23).