Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Bretonsk

Ut Wikipedy
Bretonsk
algemien
eigen nammeBrezhoneg
lânseigen ynFrankryk
tal sprekkers226.000(2007)
skriftLatynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  ●Keltysk
    ●Eilânkeltysk
      ●Brytoanysk
        ●Súdwestbrytoanysk
          ●Bretonsk
dialektenFanneteesk,Kernevysk,
Leönaarsk,Tregorreesk
taalstatus
offisjele statusgjint
erkenning as
minderheidstaal
Frankryk(net nasjonaal)
Bretanje (regio)
taalkoades
ISO 639-1br
ISO 639-2bre
ISO 639-3bre

ItBretonsk ofBretûnsk (Bretonsk:Brezhoneg) is inKeltysketaal dy't fan âlds sprutsen wurdt op itskiereilânBretanje, dat oan 'ewestlikekust fanFrankryk útstiket yn 'eAtlantyske Oseaan. Hoewol't ittaalgebiet him op itfêstelân fanJeropa befynt, is it gjin fuortsetting fan itLânkeltyskeGallysk út 'eRomeinske Tiid, sa't faak tocht wurdt, mar inEilânkeltyske taal dy't yn 'eIere Midsiuwen trochflechtlingen foar deAngelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje fêstige is yn wat doeArmoarika wie. It Bretonsk is inBrytoanyske taal, dy't it naustbesibbe is oan itKornysk fanCornwall. It is ien fan 'e beide lânseigen talen fan Bretanje en itBretonskefolk; de oare is itGallo, dat inRomaanske taal is dy't nau oan itFrânsk besibbe is. It Bretonsk hat as iennichste fan 'e seis noch libbene Keltyske talen gjin formele nasjonale erkenning asminderheidstaal. It tal sprekkers is tebekrûn fan 1 miljoen yn1950 ta 226.000 yn2007. Detaal wurdt no beskôge as slim yn syn fuortbestean bedrige.

Taalbesibskip

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Bretonsk is ien fan 'eKeltyske talen, dy't in subgroep foarmje fan 'e grutteYndo-Jeropeesketaalfamylje. Binnen de Keltyske talen heart it ta deEilânkeltyske talen, mei û.m. itWelsk fanWales, itSkotsk-Gaelysk fan noardwestlikSkotlân en itIersk fanIerlân. Mei it û.m. it Welsk foarmet it Bretonsk de groep fan 'eBrytoanyske talen. Binnen dytaalkloft is it it naust besibbe oan itKornysk fanCornwall, wêrmei't it de groep fan 'eSúdwestbrytoanyske talen foarmet. It is wat minder naubesibbe mei it Welsk en itútstoarneKumbrysk, dy't tegearre deWestbrytoanyske taalgroep foarmje.

In twatalich nammebuordsje by de 'Gaosmole' ynHuelgoat.Frânsk:Moulin du Chaos. Bretonsk:Meilh ar C'hleger.

Ut 'e fierte is it Bretonsk ek besibbe mei itGallysk, inLânkeltyske taal dy't yn 'eRomeinske Tiid ynGalje sprutsen waard, en ek ynArmoarika (de doetiidske namme foarBretanje), dat diel útmakke fan Galje. It Gallysk stoar lykwols foar de ein fan 'esechsde iuw út, om deselde tiid hinne dat lju fan it eilânGrut-Brittanje, dy'top 'e flecht wiene foar deAngelsaksyske ynvaazje, har yn Armoarika nei wenjen setten en dêrmei harren Súdwestbrytoanyske taal nei itfêstelân fanJeropa oerplanten.

Taalgebiet

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ittaalgebiet fan it Bretonsk hat nea hiel itskiereilânBretanje omfette; it hie syn grutste omfang yn 'enjoggende iuw, doe't de taalgrins yn it easten fanMont-Saint-Michel oan 'ekust fanIt Kanaal neiSaint-Nazaire oan 'e kust fan 'eGolf fan Biskaje rûn. Yn 'e omkriten fanRennes enNantes, dehaadstêden fan Bretanje, dy't beëasten dy line lizze, hat it Bretonsk nea lânseigen west. Dêr waard fan âlds itGallo sprutsen, inRomaanske taal fan 'eOïlyske kloft, dy't naubesibbe is oan itFrânsk. De beide talen ferhâlde har ta-inoar lykas itFrysk en itStedsk of lykas itSkotsk-Gaelysk en itSkotsk.

De gebieten bewenne troch deBrytoanyskeKelten yn 'e6e iuw. Desee wie foar harren net in barriêre, mar eat dat it mooglik makke om kontakten te ûnderhâlden.

Fan 'enjoggende iuw ôf hat der sprake west fan in oanhâldende ferskowing fan 'e eastlike taalgrins fan it Bretonsk nei it westen ta, yn it neidiel fan it Bretonsk en yn it foardiel (alteast oant yn 'enjoggentjinde iuw) fan it Gallo. Op 't heden rint dy taalgrins fanPlouha oan noardkust mei in flauwe S-bocht dwers troch Bretanje nei itRhuys-skiereilân oan 'e súdkust. It Bretonsktalige diel fan Bretanje, oftewol de útein fan it skiereilân, wurdtNeder-Bretanje neamd, wylst it Gallotalige dielOpper-Bretanje hjit.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Oarsprong

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tsjin 'e ein fan 'efjirde iuw, doe't de stadigefal fan it Romeinske Ryk al ynset wie, kamenBrittanjersIt Kanaal en deKeltyske See oer om har ynArmoarika, it westlikeskiereilân fanGalje, nei wenjen te setten. Dekolonisten kamen benammen útCornwall,Devon enWales, dielen fan iteilânGrut-Brittanje dêr't it itLatyn noch net slagge wie om 'e lânseigenBrytoanyske talen te ferkringen. De lânferhuzers brochten sadwaande harren eigenEilânkeltyske taal mei, dy't yn Armoarika woartelskeat en meitiid it Latyn fan it skiereilân ferdreau.

In twatalichplaknammeboerd ynBretanje fan 'e stêdVannes (Bretonsk:Gwened).

De krekte skiednis efter de lânferhuzing fan 'e Brittanjers nei Armoarika is ûnbekend, hoewol't wol dúdlik is dat it barren yn it ramt fan itGrutte Folkeferfarren pleatst wurde moat.Midsiuwske Bretonske,Anzjevynske enWelske boarnen lizze in bân tusken de lânferhuzing fan 'e Brittanjers en it mooglikmytyske figuer fanConan Meriadoc. Dat wie neffens Welske boarnen inprins dy't mei inleger út Grut-Brittanje oerkaam op befel fan 'e RomeinskeusurpatorMagnus Maksimus. Dyselde stjoerde nammentlik in diel fan syn Brittanyske troepen nei Galje om syn oanspraken op 'ekeizerstroan krêft by te setten, en joech syn ûnderhearrigen yn Armoarika lân om har op te fêstigjen. Dat ferhaal waard befêstige troch degreven fanAnzjû, dy't harrenôfstamming weromfolgen nei in Romeinskofsier fankeizerGratianus (de fijân fan Magnus Maksimus). Dyselde soe troch Conan op befel fan Magnus Maksimus út Armoarikaferballe wêze.

It is ûndúdlik hoefolle fan dat ferhaal op wierheid berêst, mar yn elts gefal fûn it grutste part fan 'e lânferhuzing fan Brittanjers nei Bretanje nei alle gedachten plak yn 'efyfde ensechsde iuw, as direkt gefolch fan 'eAngelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Dêrfoar naam nammentlik in diel fan 'e bewenners fan it súdwesten fan dat eilân de wyk nei feiliger gebiet oersee.Histoarisy lykasLéon Fleuriot hawwe suggerearre dat de lânferhuzing yn twa weagen plakfûn: earst in lytse weach fansoldaten en harrenhúshâldings ûnder Conan Meriadoc yn 'efjirde iuw, en letter in gruttere weach fanflechtlingen as gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje yn 'e fyfde en sechsde iuw. Yn elts gefal wie it dizze folksferhuzing dy't late ta de (wer)fêstiging fan inKeltyske taal (hoewolEilânkeltysk ynstee fanLânkeltysk) op it skiereilân dat neitiidBretanje kaam te hjitten.

De tebekgong fan it Bretonsketaalgebiet yn kaart brocht.

Iere ûntwikkeling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'eMidsiuwen foarme Bretanje earst infazalsteatsje fan itFrankyske Ryk, dat him yn851 ûntjoech ta it ûnôfhinklikeKeninkryk Bretanje. Dêrút kaam yn939 it krektlyk ûnôfhinklikeHartochdom Bretanje fuort, dat oant1532 bestean soe. ItAldbretonsk is oerlevere fan 'enjoggende iuw ôf. It wie nea deoffisjele taal fan it Hartochdom Bretanje, in posysje dy't troch itLatyn ynnommen waard oant dat al yn 'etrettjinde iuw troch itFrânsk ferfongen waard (iuwen earder as dat it Frânsk in offisjele status krige yn itKeninkryk Frankryk). Fan 'etolfde iuw ôf begûnen de Bretonskeadel en degeastlikheid Frânsk te sprekken en waard it Bretonsk de taal fan 'e gewoane man, benammen op itplattelân. Ek yn 'e tiid fan itMidbretonsk, nei't Bretanje yn1532troch Frankryk anneksearre wie, feroare der oan 'emaatskiplike posysje fan it Bretonsk net folle.

Delgong

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Pas troch deFrânske Revolúsje fan1789 kaam de posysje fan it Bretonsk assprektaal fan it miene folk faai te stean. De Revolúsje droech nammentlik njonken de ideälen fanfrijheid, gelikensens en bruorskip ek in nije nasjonale filosofy út, dy't hawwe woe dat alle Frânsen ienfolk foarmen. Foaretnyskeminderheden enminderheidstalen wie yn it nije Frankryk gjin romte mear. Nei ôfrin fan 'eNapoleontyske Oarloggen waard dêrom yn 'enjoggentjinde iuw besocht om fia itûnderwiis alle sprekkers fan minderheidstalen oergean te litten op itFrânsk.Skoalbern waarden bgl. op 'eskoallen yn Bretanje troch deûnderwizers swierbestraft as se harmemmetaal sprieken. It wie de bedoeling dat it Bretonsk en de Bretonske kultuer sa gau mooglik folslein útrûge wurde soene, sadat de Bretonnen yn 'eetnysk Frânskebefolkingassimilearre wurde koene. Ferneamd binne de buordsjes wurden yn 'e skoallen mei detekst "Il est interdit de parler breton et de cracher par terre." ("It is ferbean om Bretonsk te sprekken en op 'e flier te spuien.") Soks waard troch de Frânske steat as frijwol itselde beskôge. Dit belied hold oant de1960-er jierren oan.

In twatalich boerd by in twataligeDiwanskoalle ynRennes.

Hoewol't it útrûgjen net slagge, waard oan 'e maatskiplike posysje fan it Bretonsk al in swiere slach tabrocht. Midstweintichste iuw waard it Bretonsk yn Neder-Bretanje noch rûnom sprutsen, mar likegoed kaam it der al raar foar te stean om'tâldelju de taal net mear oerdroegen oan harrenbern. Dy ûntjouwing ûntstie op basis fan 'e mispleatste opfettings dat de bern mear kinne soene mei in Frânsktaligeopfieding en dat in Bretonsktalige eftergrûn harren allinne mar behinderje soe by it opbouwen fan in goed libben. Yn1930 wiene der 1,3 miljoen minsken dy't it Bretonsk as memmetaal hiene. Yn1950 wiene der noch 1 miljoen memmetaalsprekkers, fan wa't 100.000 it Frânsk net machtich wiene. Yn2007 wie it tal memmetaalsprekkers fan it Bretonsk yn Bretanje sakke nei 210.000 minsken.

Weroplibbing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'e1970-er jierren ûntstie yn reäksje dêrop in taaloplibbing wêrby't pleatslike (mar net de nasjonale) autoriteiten it brûken fan it Bretonsk begûnen oan te fiterjen. Fan1977 ôf waarden der twataligeskoallen iepene, de saneamdeDiwanskoallen, dy't troch ûnderdompeling yn in Bretonsktalich fermidden skoalbern de taal wer by besochten te bringen. Dêrnjonken bestiet der in Bretonsktaligeliteratuer fanskriuwers asYann-Ber Kalloc'h,Roparz Hemon,Anjela Duval,Pêr-Jakez Helias enYouenn Gwernig. It wichtichstetydskrift yn it Bretonsk isAl Liamm, dat yn1946 fuortkaam út it eardereGwalarn. Destripferhalen fanAsterix de Galjer (dy't yn Bretanje spylje) en ferskate oarestripfigueren binne yn in Bretonsktaligeoersetting ferskynd, der wie in Bretonsktaligekomeedzjesearje,Ken Tuch, op 'e regionaletillefyzje, fan1998 oant2019 bestie der in Bretonsktaligeradiostjoerder,Radio Kerne, en foar ferskatefilms, wêrûnderShakespeare in Love, is in Bretonsktaligeneisyngronisearring makke.

ItOfis Publik ar Brezhoneg, koartwei it Ofis ar Brezhoneg ("Buro foar it Bretonsk") is in oerheidsynstânsje dy't yn1999 oprjochte waard troch deregio Bretanje om it gebrûk fan it Bretonsk oan te fiterjen.

Behalven nei itFrânsk besteane der no ek Bretonske oersetwurdboeken nei itIngelsk,Dútsk,Spaansk,Nederlânsk enWelsk. Yn1995 ferskyndeGeriadur Brezhoneg an Here, it earste wurdboek dat Bretonske wurden yn it Bretonsk beskriuwt. Yn1999 waard itOfis Publik ar Brezhoneg ("Iepenbier Buro foar it Bretonsk") troch itregear fan 'eregio Bretanje opset om it gebrûk fan it Bretonsk oan te moedigjen. Yn 'e iereienentweintichste iuw begûn dy ynstelling deYa d'ar brezhoneg-kampanje om it deistich gebrûk fan it Bretonsk yn 'eregio Bretanje troch sawolbedriuwen as partikulieren oan te fiterjen. As ûnderdiel fan dy kampanje is besocht om Bretonsktaligepaadwizers en oare buorden ophongen te krijen, en Bretonsktaligeposters te meitsjen foareveneminten. Ynmaart2007 tekene it Ofis Publik ar Brezhoneg in oerienkomst fan trije partijen mei deRegionale Ried fan Bretanje ensoftwaregigantMicrosoft foar de ûntwikkeling fan Bretonsktaligekompjûterprogramma's. Yn2014 foegeFacebook it Bretonsk ta as ien fan syn 121 talen nei in kampanje dêrfoar fan it Ofis, dy't trije jier duorre hie.

Taalstatus

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De iennichsteoffisjele taal fan 'eFrânske Republyk is itFrânsk. Gjin inkeleminderheidstaal genietet boppedat yn Frankryk op nasjonaal nivo erkenning. Dêrmei is it Bretonsk de iennichsteKeltyske taal wêrfan't it bestean anno2020 noch net erkend is. Ynjuly2008 waard detekst fan 'eFrânske Grûnwet oanpast. De sin "De taal fan 'e Republyk is it Frânsk," bleau stean, mar dêr waardkêst 75-1 oan tafoege, dat stelt: "destreektalen hearre ta it erfskip fan Frankryk." Dy tekst is lykwols sa dizenich dat it wol fan alles betsjutte kin, en der waard gjin inkele ferplichting oan taheakke om dat 'erfskip' foar it neislachte te behâlden.

De ferdieling fan 'e Bretonsksprekkers nei absolute oantallen oer dehistoaryske dielen fanBretanje.

Yn2004 binne it Bretonsk en itGallo troch de folksfertsjintwurdiging fan 'eregio Bretanje wol erkend aslangues de Bretagne ("talen fan Bretanje"). Mar dat is winliken inkeld insymboalyske erkenning, mei't de Frânske oerheid noch altyd tige ôfwizend stiet foaroer help oan of erkenning fan minderheidstalen.

Tal sprekkers

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens sifers út2007 wiene der doe noch 226.000memmetaalsprekkers fan it Bretonsk. Dêrfan wennen 210.000 yn 'eregio Bretanje en itdepartemintLoire-Atlantique, gebieten dy't tegearre it histoaryskeBretanje foarmje. Dy lju meitsje dêr 4,7% fan 'ebefolking út. Neffens gegevens út1999 spriek doe noch 12% fan allefolwoeksenen yn it histoaryske Bretanje Bretonsk, mar dêrby wienetwadde-taalsprekkers meirekkene. Nochris 16.000 oare memmetaalsprekkers fan it Bretonsk wennen yn2007 om utens yn 'estêdekloft fanParys.Twadde-taalsprekkers meirekkene waard it Bretonsk yn2008 sprutsen en ferstien troch tusken de 300.000 en 500.000 minsken. Dêrby moat oantekene wurde dat it meastepart fan 'e sprekkers ta de âlderein heart: yn2007 wie 61% âlder is as 60 jier. Dêrtroch buorket it mei it Bretonsk hurd efterút. Oan 'e oare kant is it persintaazjeskoalbern dat Bretonske lessen folget, tusken2006 en2012 mei 33% omheech gien nei 14.709.

Dedialekten fan it Bretonsk.

Dialekten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Bretonsk hat fjouwer ûnderskatedialekten: itFanneteesk (Bretonsk:Gwenedeg; Frânsk:Vannetais), itKernevysk (Bretonsk:Kerneveg; Frânsk:Cornouillais), itLeönaarsk (Bretonsk:Leoneg; Frânsk:Léonard) en itTregorreesk (Bretonsk:Tregerieg; Frânsk:Trégorrois). It Leönaarsk wurdt yn it uterste noardwesten fan it skiereilânBretanje sprutsen, yn 'e omkriten fanSaint-Pol-de-Léon. It Tregorreesk wurdt fuort beëasten dêrfan sprutsen, oan 'e noardkust yn 'e krite fanTréguier. It taalgebiet fan it Kernevysk beslacht in grutter oerflak besuden de beide oare dialekten yn 'e westpunt fan it skiereilân, mei as sintrum de stêdQuimper. Ek op it grutteeilânBelle-Île, yn 'eGolf fan Biskaje, wurdt Kernevysk sprutsen. Kernevysk, Tregorreesk en Leönaarsk foarmje in stadich yninoar oerrinnenddialektkontinuum mei in protte soartgelikense wurdfoarmen. Se binne sadwaande ûnderling goed fersteanber. It fjirde dialekt, it Fanneteesk, dat oan 'e súdkust fan Bretanje sprutsen wurdt mei as sintrum de stêdVannes, wykt frij sterk fan 'e oare dialekten ôf en is foar de sprekkers fan dy dialekten net of mar amper fersteanber.

Skrift en stavering

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Bretonsk wurdt lykas frijwol alle talen ynWest-Jeropaskreaun yn itLatynske alfabet. De grûnslach foar de Bretonskestavering waard begjinnjoggentjinde iuw lein trochJean-François Le Gonidec. De earste moderne stavering dy't foar Bretonsk betocht waard, wie de saneamde KLT-stavering fan1911. Dy gie út fan 'e útspraak fan it Kernevysk, it Leönaarsk en it Tregorreesk, mar liet it ôfwikende Fanneteesk bûten beskôging. Mei't soks net foldie, waard yn1941 in kompromisstaveringssysteem betocht, dat de KLT-stavering feriene mei de Fanneteeske stavering. It meast opfallende ûnderdiel fan dyPeurunvan oftewol "Folslein Feriene Stavering" wie de saneamde Bretonskezh, dy't de-z fan 'e trije westlike en noardlikedialekten kombinearre mei de korrespondearjende-h út it súdlike Fanneteesk. Men komt de Bretonskezh bgl. tsjin yn 'e Bretonske namme foar 'Bretanje',Breizh, dy't op twa ferskillende manearen útsprutsen wurde kin. Yn it Kernevysk, Leönaarsk en Tregorreesk seit men fan [bʀɛjs] (likernôch: "bcheis"),stavere asBreiz, wylst men yn it Fanneteesk seit fan [bʀɛχ] (likernôch: "bchech"), stavere asBreih. De staveringBreizh kin dan op beide manearen útsprutsen wurde (krekt sa't de stavering fan wurden as "laitsje" en "heit" ynWâldfrysk oars útsprutsen wurde as yn itKlaaifrysk, mar dochs itselde skreaun wurde).

DePeurunvan-stavering waard nea botte populêr mank Bretonskskriuwers om't de sprekkers fan gjin inkel dialekt harsels der eins yn werkenden. Yn1955 steldenFrançois Falc'hun en in groep meistanners in nije stavering foar, deSkolveurieg of "Universiteitsstavering", dy't de skriuwwize fan it Bretonsk op dy fan itFrânsk basearre. Dy stavering krige fan 'e Frânske oerheid erkenning as de 'offisjele stavering fan it Bretonsk', mar yn Bretanje sels woe hast nimmen der wat fan witte, om't it as in ûnakseptabele fierdere beynfloeding fan it Bretonsk troch it Frânsk sjoen waard. Tsjintwurdich meitsje inkeld ittydskriftBrud Nevez en deútjouwerijEmgléo Breiz noch gebrûk fan 'eSkolveurieg. Tusken1971 en1974 waard wer in oare stavering ûntwurpen, deEtrerannyezhel of "Ynterdialektale Stavering", basearre op 'e histoaryske foarmen fan wurden. Dy krige lykwols nea in foet oan 'e grûn. Tsjintwurich makket de grutte mearderheid fan 'e Bretonskeauteurs gebrûk fan 'ePeurunvan, as bêste fan in tal minne opsjes, en dy stavering wurdt no ek op 'e measte skoallen ûnderwiisd.

Bretonsk alfabet

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Bretonsk makket gebrûk fan in oanpaste foarm fan itLatynske alfabet mei 25letters. De c, q en x komme net foar, mar ch en c’h foarmje selsstannige letters.

AaBbChchC’h c’hDdEeFfGg
HhIiJjKkLlMmNnOo
PpRrSsTtUuVvWwYy
Zz

Fonology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fokalen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Bretonsk hat tsienfokalen, in oantal dat lykwols inkeld yn 'eútspraak ta utering komt, en net yn 'estavering. De [a] (a fan "rak") en de [ɑ] (a fan itHollânskebak, dy't justjes mear nei de o fan "hok" niget) wurde allebeide skreaun asa. De [ɛ] (e fan "lek") en de [e] (ee fan "leek", mar koarter oanholden) wurde allebeide skreaun ase. De [o] (o fan "bok") en de [ɔ] (o fan "hok") wurde allebeide skreaun aso. De [œ] (u fan "put") en de [ø] (eu fan "leuk") wurde allebeide skreaun aseu. Fierders binne der noch de [i] (y fan "wyt"), skreaun asi; de [y] (ú fan "tút"), skreaun asu; en de [u] (û fan "tûk"), skreaun asou. Yn itFanneteesk komt fierders ek noch desjwa of reduksjefokaal [ə] (e fan "gewoan") foar.

De [a], [ɛ], [e] en [ɔ] komme inkeld askoarte fokalen foar, de [ɑ] komt inkeld foar as inlange fokaal, en de [i], [o], [u] en [y] komme sawol koart as lang foar. Alle fokalen kinne ek ynnasale foarm foarkomme; soks wurdt yn 'e stavering ta utering brocht troch destomme letterñ, dy't sels net útsprutsen wurdt, mar de nasaliteit fan 'e foargeande fokaal werjout.Twalûden dy't yn alle dialekten foarkomme, binneaou [ɔʊ] (o fan "hok" folge troch û fan "rûch"),ei (ei fan "bei" meiWâldfryske útspr.),eeu [eø] (e fan "leek" folge troch eu fan "leuk"), [ey] (ee fan "leek" folge troch ú fan "tút"),eue (eu fan "leuk" folge troch e fan "leek"),oe [ɔɛ] of [wɛ] (o fan "hok" folge troch e fan "lek" of w fan "skowe" folge troch e fan "lek"), [oy] (o fan "bok" folge troch ú fan "tút") enui [ɥi] (w fan "skowe" folge troch y fan "wyt").

Oare fokaalkombinaasjes hawwe ferskillende útspraken, lykas, dat yn it Leönaarsk útsprutsen wurdt as [u] (û fan "rûch"), yn it Tregorreesk en Kernevysk as [o] (o fan "bok") en yn it Fanneteesk as as [ø] (eu fan "leuk"), [ow] (likernôch oo fan "slachboom") of [aw] (likernôch au fan "lau").Kapkes op fokalen jouwe oan dat it in lange fokaal is, mar feroarje de útspraak fierders net, lykas ynâ [ɑː] ofôa [oːa].

Bretonske
stavering
IPAomskriuwing
a[a]
[ɑː]
a fan "bak"
aa fan "kaak", mar wat fierder nei in ô-klank niigjend
e[ɛ]
[e]
(Fanneteesk ek [ə])
e fan "lek"
ee fan "leek", mar koarter oanholden
(e fan "gewoan")
i[i]
[iː]
y fan "wyt"
ii fan "wiid"
o[o]
[ɔ]
[oː]
o fan "bok"
o fan "hok"
oo fan "rook"
ou[u]
[uː]
û fan "rûch"
û fan "sûch"
u[y]
[yː]
ú fan "tút"
ú fan "drúf"

Konsonanten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fan 'e Bretonskekonsonanten hawwe b, d, f, h, k, l, m, n, p, s, t, v en z deseldeútspraak as yn itFrysk. Beskate oare klanken dy't yn it Frysk ek foarkomme, wurde yn it Bretonsk skreaun mei ch (sj fan "sjippe"), g (g fan "goed"), gn (nj fan "njonken"), gw (de begjinklank fan "goarre"), j (zj fan "bagaazje"), kw (kw fan "kwartsje"), w (w fan "skowe"), en y (j fan "jas"). Krekt as itNederlânsk en Frysk, mar oars as itIngelsk, hat it Bretonskeinûntstimming, wêrby't stimhawwende klanken oan 'e ein fan wurden stimleas wurde (yn it Frysk seit men "reade" mei in [d], mar "read" mei in [t]). Dat betsjut dat letters as b, d, g en z yn it Bretonsk oan 'e ein fan wurden klinke as p, t, k, resp. s.

De c’h hat ferskillende útspraken: yn wurdinisjale posysje [h] (h fan "hin"), yn wurdeinige posysje [x] (ch fan "berch") en midden yn wurden [x] yn it Kernevysk en Tregorreesk, [ɣ] (g fan "bûge") yn it Leönaarsk en [h] yn it Fanneteesk. De zh wurdt yn it Kernevysk, Tregorreesk en Leönaarsk útsprutsen as [z] (z fan "raze"), mar yn it Fanneteesk as [h] (h fan "him"). De Bretonske r is tsjintwurdich faak debreikjende r dy't yn itFrânsk ek brûkt wurdt, mar yn konservative dialekten yn 'e punt fan it skiereilân is de útspraak noch [r] (derôljende r út it Frysk).

Bretonske
stavering
IPAomskriuwing
b[b]b fan "bêd"
ch[ʃ]sj fan "sjippe"
c’h[x]
[h]
[ɣ]
ch fan "berch"
h fan "him"
g fan "bûge"
d[d]d fan "dak"
f[f]f fan "fak"
g[ɡ]g fan "goed"
gn[ɲ]nj fan "njonken"
gw[ɡʷ]begjinklank fan "goarre"
h[h]h fan "him"
j[ʒ]zj fan "bagaazje"
k[k]k fan "kap"
k[kʷ]kw fan "kwartsje"
l[l]l fan "lak"
lh[ʎ]j fan "jas", mar sêfter útspr.
m[m]m fan "min"
n[n]n fan "net"
p[p]p fan "pet"
r[ʀ]
regionaal ek oare útspr.
breikjende r
s[s]s fan "sin"
t[t]t fan "tûk"
u[ɥ]w fan "skowe", mar hiel sêft útspr.
v[v]v fan "weve"
w[w]w fan "skowe"
y[j]j fan "jas"
z[z]z fan "raze"
zh[h], wurdeinich [x]
[z], wurdeinich [s]
h fan "him", ch fan "berch"
z fan "raze", s fan "sin"

Bretonske eleminten yn plaknammen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Twatalige bepaadwizering ynQuimper.

Foar in better begryp fanplaknammen yn it Bretonsk:[1]

  • aber = riviermûning
  • avon = rivier
  • beg, bec = foarberchtme, kaap
  • bihan = lyts
  • enez = eilân
  • iliz = tsjerke
  • izel = leech (net heech)
  • ken = moai
  • kenavo = oant sjen
  • ker = hûs, stins, doarp, buorskip
  • lann = hillige, wijd plak; moeras
  • lok, loc = oan in hillige wijd plak of de hutte fan inheremyt
  • maen, men = stien
  • menez = berch
  • mor = see
  • penn = kaap, berchtop of hichte, útstekkende rots
  • plou, plu = gemeente, parochy
  • skol = skoalle
  • ti, ty = hûs
  • tre = wyk, tsjerkedoarp
  • uhel = heech

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigenWikipedy. Sjoch deBretonske ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. TOPONIMIG - Des mots courants

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBreton language fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Bretonsk&oldid=1057189"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp