Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Bretanje

Ut Wikipedy
Bretanje
flaggewapen
polityk
soarte gebietskiereilân en
   histoaryskeprovinsje
lânFrankryk
regioBretanje (regio)
Lân fan de Loire
departemintCôtes-d'Armor
Finistère
Ille-et-Vilaine
Loire-Atlantique
Morbihan
haadplakNantes
grutste plakNantes
sifers
ynwennertal4.498.420(2012)
oerflak34.023 km²
befolkingstichtens132,2 / km²
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten48°00′ N 3°00′ W
websidewww.bretagne.com(regio)
Dizze side giet oerit skiereilân en de histoaryske provinsje Bretanje. Foar oare betsjuttings, sjoch:Bretanje (betsjuttingsside).

Bretanje (Bretonsk:Breizh,útspr.: [bʀɛjs], likernôch: "bcheis";Gallo:Bertaèyn ofBertègn, útspr. [bəʁˈtaɛɲ], likernôch: "buch-tainj";Frânsk:Bretagne, útspr.: [bʀəˈtaɲ], likernôch: "bchuh-tanj"), is inskiereilân,histoaryskeprovinsje enkultureleregio yn itwesten fanFrankryk, dy't fan itfêstelân fanNoardwest-Jeropa útstiket yn 'eAtlantyske Oseaan. Yn itnoarden wurdt it begrinzge trochIt Kanaal, yn itwesten troch deKeltyske See en yn itsuden troch deGolf fan Biskaje. Bretanje is it heitelân fan 'eBretonnen, infolk dat fan âlds inKeltysketaal sprekt, itBretonsk. Sûnt denjoggentjinde iuw is it dêrmei gâns yn it neigean rekke troch de oanhâldende druk fan itFrânsk. Yn it easten fan Bretanje wurdt ek noch in oareminderheidstaal sprutsen, itGallo; dat is inRomaanske taal dy't nau oan it Frânskbesibbe is. Bretanje hat 4,5 miljoen ynwenners en wurdt beskôge as ien fan 'e seisKeltyske naasjes.

Bretanje stie yn 'eRomeinske Tiid bekend asArmoarika, dat diel útmakke fanGalje. Nei defal fan it Romeinske Ryk foarme it yn 'eIere Midsiuwen it ûnôfhinklikeKeninkryk Bretanje, dat yn 'etsiende iuw oergie yn it krektlyk ûnôfhinklikeHartochdom Bretanje. Yn1532 kaam in ein oan 'e Bretonske ûnôfhinklikheid doe't it gebiet troch itKeninkryk Frankrykanneksearre waard. Neitiid foarme Bretanje inprovinsje fan Frankryk oant yn1789, mei deFrânske Revolúsje, alle provinsjes opheft en yndeparteminten opdield waarden. Yn1956 waard de moderneregioBretanje oprjochte, dêr't lykwols de histoaryskehaadstêdNantes bûten holden waard. Hjoed de dei stiet Bretanje benammen bekend om synKeltyskekultuer en syn withoefollemegalityskemonuminten (lykasmenhirs).

Etymology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ittoponym 'Bretanje' komt fan itFrânskeBretagne, dat weromgiet op itLatynskeBritannia, it "Lân fan 'eBrittanjers". Dy oantsjutting wie yn 'eRomeinske Tiid inkeld yn gebrûk foar iteilânGrut-Brittanje, wêrfan't it grutste diel doedestiden de Romeinske provinsjeBrittanje (Britannia) foarme. Uteinlik giet it LatynskeBritannia werom op inGryksk wurd, Πρεττανικη,Prettanike, of Βρεττανίαι,Brettaniai. Dy oantsjuttings waarden brûkt trochPyteäs, inûntdekkingsreizger út 'e GrykskekoloanjeMassalia, dy't om320 f.Kr. hinne dekustlinen fan 'eBritske Eilannen ferkende. Hy naam it wurd oer fan in tige gongberendonym út 'etalen fan 'eBrytoanyskeKelten, dat rekonstruëarre is as *Pritanī. It gie werom op itOerkeltyske *Kʷritanoi, dat kaam fan itProto-Yndo-Jeropeeske *kʷer- mei de betsjutting "snije", "meitsje" (yn itFrysk bewarre bleaun as "kervje").

DeTombe fanMerlyn yn itWâld fan Paimpont (dat itlegindaryskeWâld fan Brocéliande út 'eArthurleginden wêze soe).

DeRomeinen tsjutten Bretanje oan as "Armoarika" (Armorica), wierskynlik fan itGallyske wurdaremorika, dat "deunby de see" betsjut. It wie in tige ûnbeskate krite dêr't de hieleAtlantyskekust ta rekkene waard fan 'emûning fan 'eSeine, byLe Havre, oant de mûning fan 'eLoire, byNantes, en miskien sels wol oant de mûning fan 'eGaronne, byBordeaux. In oare namme,Letavia (yn it âldere Latyn stavere asLetauia), wie oant detolfde iuw ek foar Bretanje yn gebrûk. Dat betsjutte mooglik safolle as "útstrutsen flakte", en de hjoeddeistigeWelske namme foar Bretanje,Llydaw, kaam dêrút fuort.

Nei defal fan it Romeinske Ryk setten in protte Brytoanyske Kelten út Grut-Brittanje har yn Armoarika nei wenjen, mei as gefolch dat it gebiet tsjin 'e ein fan 'efyfde of it begjin fan 'esechsde iuw ek bekend kaam te stean asBritannia. Om ûnderskie te meitsjen tusken de beide 'Brittanjes' brûktenMidsiuwskeskriuwers, lykasGeoffrey fan Monmouth, de termBritannia major ("Grut-Brittanje") foar it eilân, enBritannia minor ("Lyts-Brittanje") foar Bretanje. Sa kaam it eilânGrut-Brittanje oan syn hjoeddeistige namme. Yn lettere tiden, doe't it Latyn net mear asskriuwtaal brûkt waard, hoegde it ûnderskie op dy wize net mear makke te wurden, mei't de nammen fan 'e beide gebieten yn 'esprektalen fanWest-Jeropa net itselde wiene. Sa spriek men yn itFrânsk fanBrittannie foar Grut-Brittanje en fanBretagne foar Bretanje. Krektsa makke itIngelsk ûnderskie tuskenBritain (Grut-Brittanje) enBrittany (Bretanje). Ek itFrysk ken sa'n ûnderskie tusken (Grut-)Brittanje en Bretanje.

De BretonskeCôte de Granit Rose ("Kust fan Rôze Granyt") byTrégastel.

De lânseigen namme foar Bretanje yn itBretonsk isBreizh, dat op twa ferskillende manearen útsprutsen wurde kin. Yn itKernevysk, itLeönaarsk en itTregorreesk seit men fan [bʀɛjs] (likernôch: "bcheis"),stavere asBreiz, wylst men yn it ôfwikendeFanneteesk seit fan [bʀɛχ] (likernôch: "bchech"), stavere asBreih. De offisjele Bretonske stavering fan 'e namme, dy't sûnt1941 yn gebrûk is mar nea botte populêr wurden is, kombinearret de-z fan 'e trije westlike en noardlikedialekten mei de-h út it súdlike Fanneteesk ta de saneamde Bretonskezh. Yn itGallo, de oare lânseigen taal fan Bretanje, hat der nea in algemien akseptearre stavering west, en sadwaande wurdt de namme fan 'e regio yn dy taal skreaun asBertaèyn ofBertègn of op ferskate oare manearen.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Bretanje hat inoerflak fan 34.023 km². It is inskiereilân, dat oan 'eeastkant oan itfêstelân fanNoardwest-Jeropa fêstsit en dêr grinzget oan 'eFrânske histoaryske kritenNormanje,Maine,Anzjû enVendée (fannoard neisúd). Oan alle oare kanten wurdt Bretanje omjûn troch dielen fan 'eAtlantyske Oseaan: yn itnoarden leitIt Kanaal, yn itwesten deKeltyske See en yn itsuden deGolf fan Biskaje. Yn itnoardeasten is deGolf fan Saint-Malo dat diel fan It Kanaal dat ynklamme leit tusken de noardkust fan Bretanje, de westkust fan Normanje en de súdkust fan 'eKanaaleilannen. Oan 'e westpunt fan Bretanje hat de kust inkele djippeynhammen, wêrfan't deBaai fan Douarmenez de grutste is. De ynhammen mei-inoar foarmje deSee fan Iroise. Ek oan 'e súdkust fan it skiereilân lizze ferskatebaaien, wêrûnder deBaai fan Audierne, de troch itSkiereilân fan Quiberon foarmeBaai fan Quiberon, deGolf fan Morbihan, dat suver in lytsebinnensee is, en deBaai fan Bourgneuf.

Insompe yn westlik Bretanje mei op 'e eftergrûn deMonts d'Arrée.

De kust fan Bretanje, is tige wyld, mei in prottekliffen enkapen. De kustline fan it skiereilân mjit yn totaal 2.860 km, wat in trêde fan 'e folsleine Frânske kustline is. By Bretanje hearre yn totaal mear as 800 ûnderskateeilannen. De grutsten binneBatz enBréhat foar de noardkust,Ouessant,Molène,Beniguet enSein foar de westkust, enGlénan,Croix,Belle-Île,Houat enHoëdic foar de súdkust. Belle-Île is fierwei it grutste.

Geografysk kin Bretanje opdield wurde ynOpper-Bretanje, dat rûchwei de eastlike helte foarmet, enNeder-Bretanje, de westlike helte. Itlânskip fan it skiereilân is oer it algemienheuveleftich, mei't it oerienkomt mei de westlike útein fan itArmorikaansk Massyf, in tige âld en ôfslitenberchtme dat him yn it easten útstrekt oant djip ynNormanje en itLân fan 'e Loire. De grins mei Normanje wurdt foarme troch derivier deCouesnon. It Armorikaansk Massyf berikt bûten Bretanje, yn itdepartemintMayenne, syn grutste hichte fan 417 m, en rint dêrwei nei it westen ta oer it algemien ôf. It heechste punt fan Bretanje is deRoc'h Ruz yn 'eMonts d'Arrée fan Neder-Bretanje, mei in hichte fan 385 m. De Bretonskebocage, de opdieling fan itplattelân yn lytsefjilden dy't faninoar skaat wurde troch hegehagen, is sûnt de1960-er jierren frijwol ferdwûn trochruilferkaveling, om oan 'e easken fan 'e modernelânbou foldwaan te kinnen.

Inmoannefisk swimt foar de kust fan Bretanje.

De meastewâlden fan Bretanje wiene yn in earder stadium ferdwûn om romte te meitsjen foar debocage, mar inkelen besteane noch, lykas itWâld fan Paimpont, wêrfan't wol sein wurdt dat itWâld fan Brocéliande út 'eArthurleginden is. Guonrotseftige of om oare redensûnfruchtbere kriten wurde oerdutsen trochheide enheechfean. Der binne ek noch ferskatesompen, lykas deBrière, dy't diel útmakket fan in regionaalnatoergebiet. In oar regionaal natoergebiet omfiemet de Monts d'Arrée en de kust fan 'e See fan Iroise, wylst dy see sels de status hat fan inbiosfearreservaat fan 'eUNESCO.

Fauna en Bretonske húsdiererassen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

In grut ferskaat oanwetterfûgels libbet oan 'e kust fan Bretanje, dêr't koloanjesielskolfers,miuwen,alken,ginten,murren enseepappegaaien te finen binne. Sokkefûgelsbriede almeast op isolearre eilannen of rotsen yn see en binne sadwaande dreech waar te nimmen. Yn it binnenlân libje fûgels dy't ek op oare plakken ynNoardwest-Jeropa foarkomme, lykaswylde einen,fazanten,patrizen,houtsnippen,mosken,protters,lysters,swartkopkes,blaukopkes,readboarstkes,boeresweltsjes,gewoane toersweltsjes, ensfh.

InBretonsk hynder.

Krekt as dat meiCornwall,Wales enIerlân it gefal is, lûke de kusten fan Bretanje in protte seedierte oan, wêrûnderkwabben,krabben,kreeften en alderhannefisken, lykasseebears en de reuseftige (mar folslein ûngefaarlike)reuzehaai (dy't fanplankton libbet).Seesûchdieren, lykas degrize seehûn, degewoane brúnfisk en ferskate soartendolfinen komme ek oan 'e Bretonske kust foar, en itselde jildt foar delearskylpod. Yn 'erivieren enbeken fan Bretanje libje û.m.forel,Atlantyske salm,snoek,snoekbears,bears, twasoartennjoggeneagen, deswietwetterpearelmoksel en deswietwetterkreeft.

De grutteresûchdieren, lykas dewolf en delynks, binne yn Bretanje yn 'e iereModerne Tiid útstoarn, mar op it skiereilân libje noch wol û.m.reeën,everswinen,foksen,hazzen,wylde kninen,harmelingen,wezelingen,bevers,otters en ferskate soartenflearmûzen. Guoneksoaten sjocht men leaver gean as kommen, lykas de útSúd-Amearika ôfkomstigebeverrôt, dy't itekosysteem oantaast, en dêrmei it ferdwinen fan 'eJeropeeske nerts oanfiteret. Bretanje is ien fan mar in pear kriten ynWest-Jeropa dêr't dyslim bedrigemartereftige noch foarkomt.

Op it mêd fandomestisearre bisteguod stiet Bretanje bekend om 'eBretonske spaniel, insteande hûn, en fierders om itBretonske hynder, inlûkhynder, en ferskatekowerassen, wêrfan't guon op 'e râne fan it útstjerren ferkeare. It giet dêrby om 'eBretonne pie noir, defroment du Léon, deArmoricaine en deNantaise.

DeStiennen fan Carnac.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Prehistoarje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Bretanje hat al teminsten fan itLet-Paleolitikum ôf bewenne west trochminsken. De ierste minsklike bewenners wieneneändertalers, dy't yn it gebiet inargeologyske kultuer ûntwikkelen dy't 'Kolumbanysk' neamd wurdt. De âldste spoaren fan bewenning troch neändertalers yn Bretanje binne ûntdutsen ynPlouhinec, yn itdepartemintFinistère, en datearje fan likernôch 450.000jier lyn.Homo sapiens, de moderne minske, fêstige him omtrint 35.000 jier lyn yn Bretanje, dêr't er it frijkommen plak fan 'e neändertaler ynnaam, dy't likernôch 40.000 jier lyn útstoarn wie.

Nei delêste iistiid (dy't omtrint 12.000 jier lyn einige) rekke Bretanje tanksij itwaarmer wurdendeklimaat oerdutsen meiwâlden. It gebiet wie doedestiden noch mar tige tinbefolke mei lju dy't der injager-sammelderlibbenswize op neiholden. Delânbou waard yn Bretanje yn itfyfde milennium f.Kr. yntrodusearre trochymmigranten dy't har út it suden en easten wei op it skiereilân nei wenjen setten. DeNeolityske Revolúsje (de oergong fan in jager-sammelderbestean nei in libbenswize basearre op lânbou) wie yn Bretanje gjin hommelse, radikale feroaring, mar in stadich proses dat him stap foar stap foltriek troch oanhâldendeymmigraasje fan lju fan bûtenôf dy't nije feardichheden oerbrochten oan 'e al oanwêzige befolking.

De fiifGallyskestammen fanArmoarika.

ItNeolitikum waard yn Bretanje karakterisearre troch de oprjochting fan in grut tal wichtigemegalityskemonuminten. It skiereilân wurdt dêrom ek wol oantsjut as in kearngebiet fan 'e megalityske kultuer fanNoardwest-Jeropa. De oanlis fan 'e âldste monuminten, saneamdestienmantsjes ofcairns, waard folge troch de bou fanfoarstlikegrêftomben enstiennerigen. Fral yn it departemintMorbihan, oan 'e súdkust, binne in protte fan sokke monuminten konsintrerre, wêrûnder de ferneamdeStiennen fan Carnac en deBrutsen Menhir fan Er Grah, (de grutste stien ea oprjochte troch neolityske minsken), dy't ûnderdiel útmakket fan 'emegaliten fan Locmariaquer.

Aldheid

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'eAldheid stie Bretanje by deRomeinen bekend as "Armoarika". It gebiet waard doedestiden bewenne troch fiifKeltyskestammen dy't ta deGaljers hearden: deKoeriosoliten (Latyn:Curiosolitae) yn it noarden, deRedoanen (Rhedones) yn it noardeasten, deNamneten (Namnetes) yn it súdeasten, deFeneten (Veneti) yn it suden en deOsismiten (Osismii) yn it westen. Dy stammen ûnderholden nauweekonomyske bannen mei deEilânkelten fan 'eBritske Eilannen, yn it bysûnder wat dehannel yntin oanbelange. NeffensJulius Caesar hearden de Koeriosoliten, Redoanen en Osismiten ek ta in "Armorikaanskekonfederaasje", yn 'e mande mei deOenellen (Unelli),Kaleten (Caletes),Lemovisen (Lemovices) enAmbibaren (Ambibarii). De lokaasje fan 'e Ambibaren is ûnwis, de Oenellen en Kaleten libben yn wat noNormanje is, en deLemovices libben yn 'eLimousin, mar dat wie nei alle gedachten in skriuwflater dêr'tLexovii bedoeld wie, dy't ek yn Normanje wennen.

Deruïne fan 'eRomeinsketimpel fanMars ynCorseul.

Yn51 f.Kr. waard Armoarika nei deferovering fan Galje trochJulius Caesar ûnderdiel fan wat doe noch deRomeinske Republyk wie, mar dat him mei gauwens ta itRomeinske Ryk ûntjaan soe. Yn13 f.Kr. waard it gebiet opnommen yn 'e Romeinske provinsjeLyoneesk Galje ofGallia Lugdunensis. Yn 'e folgjendeiuwen waarden yn Bretanje neffens Romeinske standertsstêden endoarpen stifte. Dêrûnder wiene Condate (Rennes), Darioritum (Vannes) en Condevincum (Nantes). De Romeinen leine ek trijehearbanen oan op it skiereilân, en op itplattelân waardenfilla's boud foar dehúshâldings fanrikegrutgrûnbesitters, dy't hast altyd Romeinen wiene. De nije ûntwikkelings hiene lykwols net in protte ynfloed op it libben fan 'e gewoane Galjers, dy't foar it meastepart libben yn lytsehutsjes. Deferearing fan 'eGallyskegoaden fan itKeltysk heidendom gie gewoan troch, hoewol't dy no gauris lykslein waarden meiRomeinske goaden. Meitiid waard deGallysketaal ferkrongen troch itLatyn.

Yn 'etrêde iuw waard Armoarika ferskate kearen oanfallen trochGermaanske folken as deFranken en deAlemannen, en ek fan 'esee ôf trochseerôvers. Yn deselde snuorje stoarte de regionaleekonomy yn en rekken in protte gruttepleatsen ferlitten. Om 'e ynfallen tsjin te kearen waarden in protte stêdenfersterke, wêrûnder Nantes, Rennes en Vannes. Yn451 fochten Armorikanen mei yn it leger fan 'e RomeinskefjildhearFlavius Aetius dat yn 'eSlach op 'e Katalaunyske Fjilden definityf ôfweefde mei deHunnen fanAttila en harren bûnsgenoaten. In diel fan 'eAlanen (inIraansk folk), dat ek oan 'e kant fan Aetius fochten hie, sette him neitiid op oanwizing fan Aetius yn Armoarika nei wenjen.

Pointe du Raz, ien fan 'ewestlikste punten fan sawol Bretanje as hielJeropeeskFrankryk.

Tsjin 'e ein fan 'efjirde iuw, doe't de stadigefal fan it Romeinske Ryk geande wie, kamen derBrittanjers oer om har yn Armoarika nei wenjen te setten. Dekolonisten kamen benammen útWales,Cornwall enDevon, dielen fan it eilânGrut-Brittanje dêr't it it Latyn noch net slagge wie om 'e lânseigenBrytoanyske talen te ferkringen. De lânferhuzers brochten sadwaande harren eigen taal mei, dy't yn Bretanje woartelskeat en meitiid it Latyn fan it skiereilân ferdreau.

De skiednis efter de lânferhuzing fan 'e Brittanjers nei Armoarika is ûndúdlik, hoewol't it barren wol yn it ramt fan itGrutte Folkeferfarren pleatst wurde kin.Midsiuwske Bretonske,Anzjevynske enWelske boarnen lizze lykwols in bân tusken de lânferhuzing fan 'e Brittanjers en it mooglikmytyske figuer fanConan Meriadoc. Dat wie neffens Welske boarnen inprins dy't mei inleger út Grut-Brittanje oerkaam op befel fan 'e RomeinskeusurpatorMagnus Maksimus. Dyselde stjoerde nammentlik in diel fan syn Brittanyske troepen nei Galje om syn oanspraken op 'e troan krêft by te setten, en joech syn ûnderhearrigen yn Armoarika lân om har op te fêstigjen. Dat ferhaal waard befêstige troch degreven fanAnzjû, dy't harrenôfstamming weromfolgen nei in Romeinskofsier fankeizerGratianus (de fijân fan Magnus Maksimus), dy't troch Conan op befel fan Magnus Maksimus út Armoarikaferballe waard.

De gebieten bewenne troch deBrytoanyskeKelten yn 'e6e iuw. Desee wie foar harren net in barriêre, mar eat dat it mooglik makke om kontakten te ûnderhâlden.

It is ûndúdlik hoefolle fan dat ferhaal op wierheid berêst, mar yn elts gefal fûn it grutste part fan 'e lânferhuzing fan Brittanjers nei Bretanje nei alle gedachten plak yn 'efyfde ensechsde iuw, as direkt gefolch fan 'eAngelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje.Histoarisy lykasLéon Fleuriot hawwe suggerearre dat de lânferhuzing yn twa weagen plakfûn: earst in lytse weach fan soldaten en harren húshâldings ûnder Conan Meriadoc yn 'efjirde iuw, en letter in gruttere weach fanflechtlingen as gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Yn elts gefal wie it dizze folksferhuzing dy't late ta de (wer)fêstiging fan in Keltyske taal op it skiereilân en ta it ûntstean fan in ûnôfhinklik Bretanje.

Midsiuwen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Brittannyske ymmigranten fêstigen lytsekeninkrykjes yn Bretanje dy't ferneamd wiene nei de dielen fan Grut-Brittanje dêr't se wei kamen:Domnonée (fanDumnonia oftewolDevon),Cornouaille (fanCornwall) enLéon (fanCaerleon). InkeldGwened (of yn itFrânskVannetais) wie in fuortsetting fan in lânseigen namme (dy fan 'e Feneten). Hoewol't de details ûndúdlik binne, is wol helder dat dy keninkrykjes bestjoerd waarden troch ûnderlingbesibbedynastyen. Trochhoulikspolityk waarden se ferskate kearen yn inpersonele uny feriene, foar't se wer útinoar foelen troch Keltyskeerfeniswizânsjes. Uteinlik ûnstiene der trije keninkrykjes, Domnonée, Cornouaille enBroërec, dy't ferskate iuwen bestiene.

Innasjonalistyske print fanNominoë, de grûnlizzer fan itKeninkryk Bretanje, út1922.

Tusken845 en851 ferieneNominoë, dy't yn it hjoeddeistige Bretanje as "heit fan it heitelân" sjoen wurdt, de trije keninkrykjes ûnder syn bewâld. Katalysator foar dy definitive ienwurding wie de oanhâldende druk dy't itFrankyske Ryk op 'e Bretonske gebieten útoefene. Om dyselde snuorje hinne waard ek dekerstening fan Bretanje foltôge.Erispoë, desoan en opfolger fan Nominoë, fersloech deWestfrankyske keningKarel de Keale yn851 yn 'eSlach by Jengland en bewissige sa de ûnôfhinklikheid fan itKeninkryk Bretanje mei himsels askening. Yn867 wûnen de Bretonnen in nijeoarloch fan 'e Franken en berikte harren keninkryk syn maksimale omfang, wêrby't deKanaaleilannen en dielen fanNormanje,Maine enAnzjû der yn opnommen waarden.

Oan it begjin fan 'etsiende iuw kaam it Keninkryk Bretanje bleat te stean oan fûleindige ynfallen fan 'eWytsingen, dy't laten ta ferswakking. Fan gefolgen ferlear Bretanje syn eastlike besittings yn Normanje, Maine en Anzjû wer, en yn909 moast sels itgreefskip Nantes oerdroegen wurden oangreveFûlko I fan Anzjû. Yn914 waard de stêdNantes lykwols ferovere en beset troch de Wytsingen. Pas yn937 koe Nantes trochAlan II fan Bretanje befrijd wurde. Dyselde krige dêrfoar stipe fan synpeetbroer, keningÆthelstan fan Ingelân, en ek fan Æthelstan synomkesizzer, keningLoadewyk IV fan Frankryk. Ut tank foar dy bystân, brocht Alan yn942hulde oan Loadewyk, wat Bretanje yn namme ta in Frânsklien makke en yn status omleechbrocht fan in keninkryk ta inhartochdom.

DeSlach by La Roche-Derrien yn1347, ûnder deBretonske Súksesjeoarloch.

ItHartochdom Bretanje, dat as ûnôfhinkliklân ynWest-Jeropa bestie fan939 oant1532, wie fier fan in feriene naasje. De Bretonskeeallju beskôgen inoar yn 'e regel as harren wichtichste rivalen, en skrommen net om bûnsgenoatskippen oan te gean mei útlânske machten om inoar yn 't fet te draaien. Dekening fan Frankryk ûnderholdgesanten yn Bretanje dy't harren oanhâldend mei de ynternepolityk fan it hartochdom bemuoiden. En ek de Frânskekulturele ynfloed wie tige sterk. Sa ferfong it Hartochdom Bretanje al yn 'etrettjinde iuw itLatyn asoffisjele taal troch itFrânsk (itBretonsk hat nea in offisjele status hân). Al dy omstannichheden makken dat de hartoggen fan Bretanje behindich tusken de klippen troch lavearje moasten om 'e selsstannigens fan harren lân te behâlden. Se sleaten faak bûnsgenoatskippen mei òf itKeninkryk Ingelân, òf itKeninkryk Frankryk, ôfhinklik fan 'e fraach wa't op dat stuit de grutste bedriging foar harren foarme.

Yn 'efjirtjinde iuw rekke Bretanje betize yn 'eHûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk; deBretonske Súksesjeoarloch wurdt beskôge as in regionale sydsprantel fan dat grutte konflikt. Yn dyboargeroarloch fochten itHûs Blois en itHûs Montfort om 'e hartochlike troan, wêrby't de Blois' stipe waarden troch de Frânsen en de Montforts troch de Ingelsen. Yn1364 waard de striid yn it foardiel fan 'e Montforts besljochte. Dêrnei makke it Hartochdom Bretanje foar it earst yn lange tiid in snuorje fan wiere ûnôfhinklikens troch om't Frankryk tsjin dy tiid troch de oanhâldende oarloch slim ferswakke rekke wie en gjin gesanten mear nei it BretonskeHof ta stjoerde. Troch Ingelskediplomatike flaters ferfrjemden se de Bretonnen fan har, mei as gefolch datArthur, greve fan Richemont (de lettere hartoch Arthur III fan Bretanje) en syn omkesizzerPeter II fan Bretanje oan 'e Frânske kant wichtige rollen spilen yn 'e lêste stadia fan 'e Hûndertjierrige Oarloch, yn 'eSlach by Patay, deSlach by Formigny, deSlach by Castillon en de tastânkomming fan itFerdrach fan Arras yn1453.

ItKastiel fan 'e Hartoggen fan Bretanje ynNantes.

Neitiid boaze de druk fan Frankryk lykwols al rillegau wer oan. Om Bretanje minder ôfhinklik fan Frankryk te meitsjen, rjochte hartochFrâns II fan Bretanje yn1460 deUniversiteit fan Nantes op, de earsteuniversiteit fan Bretanje, dêr't ûnderrjocht jûn waard yn 'eskiene keunsten,teology,rjochten enmedisinen. (Foartiid moasten Bretonskestudinten foar in universitêrestúdzje útwike nei Frânske universiteiten ynAngers,Poitiers ofCaen.) In krúsjaal probleem fan Bretanje yn it ramt fan it behâld fan 'e selsstannigens foar Frankryk oer wie dat Frâns II allinne mar indochter hie,Anna fan Bretanje, yn in tiid datfroulju net yn tel wiene en inkeld by hege útsûndering op 'e troan kamen. Yn1486 befêstigen deSteaten fan Bretanje, itparlemint fan it hartochdom, bywet dat Anna deerfgenamte fan harheit wie.

Om 'e Frânske ynfloed in slach ta te bringen, gie Frâns II yn1488 in bûnsgenoatskip oan mei de fijannen fan Frankryk: keizerMaksimiliaan I fan itHillige Roomske Ryk, keningFerdinand II fanAragon en keningHindrik VII fanIngelân. It Bretonske leger waard fuortsterke mei Dútske, Aragoneeske en Ingelske troepen, mar dit konflikt tsjin Frankryk, dat neitiid deDwaze Oarloch neamd is, einige yn 'eSlach by Saint-Aubin-du-Cornier yn in ferpletterjende nederlaach tsjin it leger fan keningLoadewyk XI fan Frankryk. Dat wie foar in grut part te witen oan 'ekorrupsje fan it Hof fan Frâns II en oan ynterne skelen mank de Bretonske adel, fan wa't in diel oan 'e Frânske kant tsjin 'e eigen hartoch meifocht.

Anna fan Bretanje wurdt yn Bretanje ek hjoed de dei noch sjoen as in stânhêfte ferdigenster fan itHartochdom Bretanje tsjinFrankryk.

De gefolgen wiene foar Bretanje rampsillich. Under de kêsten fan itFerdrach fan Verger, dat Frâns II twongen wie te ûndertekenjen, moast hy himsels ûnderwerpe as infazal fanKarel VIII fan Frankryk. Boppedat wie fan dat stuit ôf foar inhoulik fan syn dochter Anna goedkarring fan 'eFrânske Kroan nedich. Doe't dyselde yn1490 dochsúthylke waard oan Maksimiliaan I, late dat ta in nije oarloch mei Frankryk. Karel VIIIbelegereRennes en liet it houlik annulearje, wat neffens it kanonyk rjocht fan 'eRoomsk-Katolike Tsjerke mooglik wie om't it neakonsummearre wie, mei't Anna yn Bretanje siet en Maksimiliaan oan 'e oare kant fan Frankryk yn it Dútske Ryk. Ynstee naam Karel VIII doe sels Anna ta frou (nei't er him spesjaal foar dat doelskiede litten hie fan syn earstefrou). Doe't er yn1498 kaam te ferstjerren sûnderlibbenebern produsearre te hawwen, moast Anna trouwe mei synneef en opfolgerLoadewyk XII.

Anna fan Bretanje besocht om 'e nocht de ûnôfhinklikens fan Bretanje te frijwarjen, en kaam yn1514 te ferstjerren. It Hartochdom Bretanje ferfoel doe oan 'e Frânske Kroan. Achttjin jier lang bestie der inpersonele uny tusken Frankryk en Bretanje, mar yn1532 fierdeFrâns I fan Frankryk formeel deanneksaasje fan Bretanje troch Frankryk troch. Under it saneamdeAncien Régime fan it Keninkryk Frankryk waarden Frankryk en Bretanje yn namme regearre as ferskillende lannen, mar dat wie in fiksje, hoewol't Bretanje wol beskateprivileezjes hie dy't yn Frankryk sels net gouwen, lykas frijstelling fan 'egabelle, inbelesting opsâlt dy't tige ympopulêr wie.

De tradisjonele kriten fan Bretanje yn 'e tiid fan itAncien Régime.

Bretanje as ûnderdiel fan Frankryk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'e perioade fan 'efyftjinde oant en mei deachttjinde iuw makke Bretanje opekonomysk mêd in gouden tiidrek troch. It skiereilân lei oan 'ehannelsrûten fan en neiLonden,Spanje en deRepublyk fan 'e Feriene Nederlannen en it ûnderfûn in ûnbidige protte foardiel fan 'e skepping fan itFrânske koloniale ryk.Havenstêden asBrest enSaint-Brieuc kamen yn dy tiid op, enLorient, dat oarspronklikstavere waard asL'Orient (deOriïnt), in ferwizing nei de hannel dêr't it foar bedoeld wie, waard stifte yn 'esantjinde iuw.Saint-Malo stie yn dy tiid bekend as in skûlplak foarkapers enseerôvers, wylst Brest him ûntjoech ta inmarinehaven enNantesryk waard fan 'eAtlantyske slavehannel. It Bretonske binnenlân stie bekend om 'e produksje fanhimpentou,kanvas enlinnenselekkens.

Itcolbertisme, in Frânske politikefilosofy dy't de skepping fan in lânseigen Frânskeyndustry oanfiterje woe (neamd nei deminister fanFinânsjes fan keningLoadewyk XIV,Jean-Baptiste Colbert), hie Bretanje net folle oan. Fierwei de measte keninklikefabriken waarden yn oare provinsje fêstige. Ferskate oarloggen tusken Frankryk en Ingelân laten boppedat ta de beheining fan 'e Ingelske hannel, mei as direkt gefolch dat de ekonomy fan Bretanje yn 'e rin fan 'eachttjinde iuw yn inresesje belâne. Oanhâldend besykjen fan it Frânske regear ynParys om it bestjoer fan it lân tesintralisearjen, wat it bytsje selsbestjoer oantaaste soe dat dat Bretanje noch oerhie, laten ta deOpstân fan it Stimpelpapier yn1675 en deGearspanning fan Pontcallec yn1719. Yn 'e twadde helte fan 'eachttjinde iuw stieken in protte Bretonnen deAtlantyske Oseaan oer om harren ynNoard-Amearika nei wenjen te setten, dêr't se deAmerikaanske saak stipen yn 'eAmerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch.

Bretonskeopstannelingen wurde yn1792, ûnder deChouannerie,finzennommen troch troepen fan it revolúsjonêreregear fanFrankryk.

Nei't yn1789 oan it Ancien Régime in ein makke wie yn 'eFrânske Revolúsje, waard de hiele bestjoerlike yndieling fan it âldeKeninkryk Frankryk oan kant reage. Dêrmei kaam ek in ein oan it bestean fan Bretanje as bestjoerlike ienheid. It skiereilân waard ynstee opdield yn fiifdeparteminten. Yn1792 wie Bretanje it sintrum fan itroyalistyske enroomske ferset tsjin 'e Revolúsje ûnder in yn bloed smoardeopstân dy't bekend kaam te stean as deChouannerie. Yn 'eNapoleontyske Oarloggen waard der yn Bretanje net fochten, mar wol waarden tsientûzenen jongemanlju oproppen yn it Frânske leger te tsjinjen, fan wa't in grut tal net ofynfalide nei hûs weromkearde.

Yn 'enjoggentjinde iuw holden de minne ekonomyske omstannichheden yn Bretanje oan. Yn dy tiid ferfearen in protte Bretonnen om itende te bliuwen nei oare dielen fan Frankryk, yn 't bysûnder nei Parys. Ek oan it begjin fan 'etweintichste iuw sette dy ûntjouwing him noch fuort. Nettsjinsteande dat wie de twadde helte fan 'enjoggentjinde iuw in tiid fan modernisearring, wêrby'tferhurde wegen enspoarlinen oanlein waarden en stedske gebieten in fluggeyndustrialisaasje ûndergiene. Nantes lei him ta op 'eskipsbou en deitensferwurkjende yndustry, fral watsûker, eksoatyskefruchten,grienten enfisk oanbelange.Fougères ûntwikkele him ta in sintrum fan 'e Frânskeglêsyndustry enskuonproduksje. En lytsere plakken, lykasChâteaubriant enLochrist, spesjalisearren har yn 'emetaalbewurkjende yndustry. Bretanje bleaumaatskiplik sjoen lykwols in tige roomsk enkonservatyf gebiet.

Inbombardemint fan 'eRoyal Air Force opSaint-Malo ûnder deTwadde Wrâldoarloch, ynjuly1942.

Nei deNapoleontyske Oarloggen begûn de flugge delgong fan 'eBretonsketaal, dy't te witen wie oan it strangefrânsifikaasjebelied fan it no sterksintralisearre Frankryk. Dat wie it lân fan 'eFrânsen, en Frânsen heardenFrânsk te sprekken. Foarminderheden enminderheidstalen wie yn Frankryk gjin romte.Skoalbern waarden bgl. op 'eskoallen yn Bretanje troch deûnderwizers swierbestraft as se harmemmetaal sprieken. It wie de bedoeling dat it Bretonsk en de Bretonske kultuer sa gau mooglik folslein útrûge wurde soene, sadat de Bretonnen yn 'eetnysk Frânske befolkingassimilearre wurde koene. Ferneamd binne de buordsjes yn 'e skoallen wurden mei detekst "Il est interdit de parler breton et de cracher par terre." ("It is ferbean om Bretonsk te sprekken en op 'e flier te spuien.") Soks waard troch de Frânske steat as frijwol itselde beskôge.

Nettsjinsteande (of miskien wol krekt troch) dy hâlding fan 'e Frânske oerheid ûntstie yn 'e twadde helte fan 'enjoggentjinde iuw ek in oplibbing fan 'e Bretonske kultuer, dy't ferbân hold mei de algemieneKeltyske Oplibbing. Dêrút kaam de oprjochting fuort fan 'eBretonske Regionalistyske Uny (URB) en letter eksesesjonistyske enpankeltisistyske ûnôfhinklikheidsbewegings dy't bannen ûnderholden mei soartgelikense organisaasjes ynIerlân,Skotlân enWales. De oanhing fan sokke bewegings bleau lykwols altyd hiel beheind en harren ideeën berikten pas yn 'etweintichste iuw in brederpublyk. DeSeiz Breur-beweging, dy't yn1923 ûntstie, late ta in oplibbing fan 'e Bretonskekeunst enliteratuer, mar de bannen fan 'e beweging mei itnazisme en dekollaboraasje mei deDútsers ûnder deTwadde Wrâldoarloch brocht it Bretonskenasjonalisme úteinlik in slimmen slach ta.

Deoaljeramp mei deAmoco Cadiz, foar dekust fan Bretanje yn1978.

Yn 'eEarste Wrâldoarlochsneuvelen der 240.000 Bretonnen op it slachfjild, benammen yn 'erinfuorgen fan itWestfront, mar berikte de striid Bretanje sels net. DeTwadde Wrâldoarloch wie foar Bretanje lykwols rampsillich. It skiereilân waard yn1940beset trochnazy-Dútslân, datLorient enSaint-Nazaire brûkte asmarinehavens foar deU-bootoarloch yn 'eAtlantyske Oseaan. It grutste part fan Bretanje waard nei de lânings fan 'eAlliëarden ynNormanje, opD-Day, ynaugustus1944 befrijd, mar yn Saint-Nazaire yn it súdeasten en Lorient yn it suden joegen de Dútsers harren pas oer op10, resp.11 maaie1945, nei't de beide stêden folslein ferwoastge wiene troch Alliëardebombardeminten. EkBrest enSaint-Malo wiene yn 'e striid fierhinne mei de grûn lyk makke, wylstNantes enRennes slimme skea oprûn hiene.

Yn1956 waard Bretanje op 'e nij oprjochte as bestjoerlike ienheid, yn 'e foarm fan 'eregio Bretanje. Dêr waard it departemintLoire-Atlantique, mei de âlde haadstêd Nantes, lykwols bûten holden (sjoch foar mear hjiroer:§ Regio's). Nettsjinsteande dat de Frânske steat mear as hûndert jier lang alle war dien hie om 'e Bretonske taal en kultuer út te rûgjen, hie Bretanje syn eigen identiteit witten te hanthavenjen, al hoe skeind dy tsjin dy tiid ek wie. In nije kulturele oplibbing begûn yn 'e1960-er jierren en ûntjoech him fierder yn 'e1970-er jierren. Twatalige Bretonsk-Frânske skoallen waarden oprjochte,sjongers begûnenlieten yn it Bretonsk tesjongen en in nijegeneraasje Bretonsktaligeskriuwers kundige him oan. Ek ûntjoech der him yn Bretanje fan dy tiid ôf in nijekologysk bewustwêzen ûnder de befolking, dat foar in grut part fuortkaam út 'eoaljeramp mei deAmoco Cadiz yn1978 en deoaljeramp mei deMV Erika yn1999, dy't allebeide foar de Bretonske kust plakfûnen.

Bestjoer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Histoaryske bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Bretanje wurdt ynformeel faak opdield ynOpper-Bretanje (Frânsk:Haute-Bretagne;Bretonsk:Breizh Uhel), de eastlike,Gallotalige helte, enNeder-Bretanje (Frânsk:Basse-Bretagne; Bretonsk:Breizh Izel), de westlike,Bretonsktalige helte. Oant1790 wie it gebietbestjoerlik opdield yn njoggenfiskaal-militêredistrikten dy't oerienkamen mei de njoggen Bretonskebisdommen fan 'eRoomsk-Katolike Tsjerke. Dy distrikten waarden yn it Frânskpays neamd en yn it Bretonskbro, wat allebeide "lân" betsjut. De yndieling wie sa:

Dehistoaryskefiskaal-militêredistrikten fan Bretanje.

Yn 'eMidsiuwen wie it ûndúdlik wat no eins dehaadstêd fan itHartochdom Bretanje wie, mei't itHartochlikHof tige mobyl wie en oanhâldend fan lokaasje feroare. Foar it meastepart holden de hartoggen ta ynNantes,Vannes,Rennes,Redon,Fougères,Dol-de-Bretagne,Dinan enGuérande. Al dy plakken, útsein Vannes, lizzen yn Opper-Bretanje, dus yn it net-Bretonsktalige diel fan it lân. Kwa grutte koene lykwols inkeld Nantes, Rennes en Vannes oanspraak meitsje op 'e status fan haadstêd. De hartoggen waarden tradisjoneelkroane yn Rennes, dêr't se inkastiel besieten, dat lykwols yn 'efyftjinde iuw ferwoastge waard. Vannes wie de sit fan it Bretonskeparlemint en derekkenkeamer oant deanneksaasje fan Bretanje troch Frankryk, wêrnei't it parlemint nei Rennes en de rekkenkeamer nei Nantes ferhuze waarden. Nantes, dêr't itKastiel fan 'e Hartoggen fan Bretanje stiet, hie de namme it 'permaninte' wenplak fan 'e hartoggen te wêzen. Sadwaande wurdt dy stêd oer it algemien sjoen as de histoaryske haadstêd fan Bretanje.

Departeminten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Under deFrânske Revolúsje waarden de njoggen fiskaal-militêre distrikten ôfskaft en ferfongen troch fiifdeparteminten:Côtes-d'Armor,Finistère,Ille-et-Vilaine,Loire-Atlantique enMorbihan. Elts fan 'e departeminten waard fierder opdield yn trije of fjouwerarrondisseminten, en de arondisseminten waarden wer opdield yn in stikmannichkantonnen, dy't bestiene út ferskategemeenten. Fan 'e bisdommen waarden fjouwer opheft, wylst de oerbleaune fiif deselde grinzen krigen as de nije departeminten. Dy departemintale bestjoerlike yndielding bestiet tsjintwurdich noch. De departeminten en de gemeenten wurde bestjoerd troch lju dy't byferkiezings keazen binne troch de ynwenners, mar arondisseminten en kantonnen net. Kantonnen tsjinje inkeld askiesdistrikt foar de departemintale ferkiezings, wylst arondisseminten bestjoerd wurde troch insubprefekt dy't oansteld wurdt trochpresidint fan Frankryk.

Deregio Bretanje ynblau, en itdepartemintLoire-Atlantique, dat diel útmakket fan 'eregioLân fan 'e Loire, ynljochtblau.

Regio's

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'etweintichste iuw besocht it Frânske regear de lytse en talrike departeminten gear te kloftsjen ta grutterebestjoerlike regio's.Bretonskenasjonalisten seagen dat as in kâns om Bretanje op 'e nij op te rjochtsjen as politike en bestjoerlike entiteit. De Frânske oerheid hie lykwols oare belangen, en liet de grinzen fan 'e nije regio's benammen ôfhingje fanekonomyske effisjinsje. De grutte stêdNantes lei oan 'e râne fan it histoaryske Bretanje, en hie ekonomysk sjoen mear gemien mei deDelling fan 'e Loire as mei de rest fan it skiereilân. Sadwaande waard, doe't yn1956 de nije yndieling yn regio's syn beslach krige, besletten om Nantes en it omlizzende departemint,Loire-Atlantique, bûten it de nijeregio Bretanje te hâlden en ynstee mei de histoaryske provinsjesAnzjû,Maine en in diel fanPoitou gear te bringen ta itLân fan 'e Loire. Yn it plak fan Nantes waardRennes de haadstêd fan 'e regio Bretanje. Yn1972 krigen de regio's harren hjoeddeistige foech en dêrmei ek eigenbestjoerslichems en in eigenfolksfertsjintwurdiging.

Bestjoerlike weriening fan Bretanje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Doe't deregio Bretanje oprjochte waard, kanten guon pleatlikepolitisy har bot oan tsjin 'e útsluting fan Loire-Atlantique, en dy kwestje is noch altyd in hjit hingizer. Wat de weriening fan Bretanje tsjinkeart, is noch altyd itselde as yn1956: asNantes diel útmakke fan Bretanje, soe it de sintrale posysje fanRennes oantaaste en in ekonomyske ymbalâns skeppe tusken Opper- en Neder-Bretanje. Boppedat soe itLân fan 'e Loire, dêr't Nantes de haadstêd fan is, net bestean kinne sûnder dy stêd, wat betsjutte soe dat dy regio opdield wurde moatte soe oerSintrum-Loiredelling enPoitou-Charentes.

Dit boerd, dat op 'e grins fan itdepartemintLoire-Atlantique mei de rest fan 'eregioLân fan 'e Loire stiet, hjit de minsken wolkom yn "it histoaryske Bretanje".

Nettsjinsteande dat bestiet der sawol yn 'e regio Bretanje as yn Loire-Atlantique in protte stipe foar in weriening fan Bretanje. Yn 'e departemintale ried fan Loire-Atlantique is dêr sûnt2001 in mearderheid foar, en yn 'e regionale ried fan Bretanje sûnt2008. Guonpolitisy, lykasJean-Marc Ayrault, in eardere Frânskepremier enboargemaster fan Nantes, sjogge ynstee mear yn 'e skepping fan in regio fan it Grutte Westen, dy't sawol Bretanje as it Lân fan 'e Loire omfetsje moatte soe. Bretonske nasjonalisten binne dêr dan wer faaljekant op tsjin, om't dêrtroch Bretanje as in bestjoerlike ienheid wer ferdwine soe. Neffensopinypeilings is 58% fan 'e ynwenners fan 'e regio Bretanje en 62% fan 'e ynwenners fan it departemint Loire-Atlantique foarstanner fan 'e weriening fan Bretanje.

Politike tindinzen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fan âlds is Bretanje in strangroomsk en dêrom oppolityk mêd yn hege mjittekonservatyf gebiet. Guon dielen fan it skiereilân, lykas deyndustrygebieten omSaint-Nazaire enLorient hinne en de omkriten fanTréguier, binne lykwols tradisjonele bolwurken fan itsosjalisme enkommunisme. Sûnt de1970-er jierren hawwelinksepolitike partijen, lykas deSosjalistyske Partij (PS) en deGrienen, yn Bretanje gruttere oanhing en mear ynfloed krigen. Sûnt2004 hawwe dy partijen in mearderheid yn sawol de regionale ried fan 'eregio Bretanje as de departemintale ried fanLoire-Atlantique. Wat de departeminten fan 'e regio Bretanje oangiet:Côtes-d'Armor is al sûnt1976 yn 'e hannen fan 'e PS, enFinistère sûnt1998. De PS en de Grienen hawwe sûnt2004 ek in mearderheid ynIlle-et-Vilaine. InkeldMorbihan is noch oerbleaun as bolwurk fan 'erjochtse partijen.

It Bretonsknasjonalisme is in lytse politike streaming sûnder folle ynfloed, hoewol't de nasjonalistyskeBretonske Demokratyske Uny (UDB) sitten hat yn 'e regionale ried fan Bretanje en yn ferskate departemintale rieden. De UDB krewearret foar de weriening fan Bretanje en grutterselsbestjoer. Foar de rest lykje de stânpunten fan dy partij sterk op dy fan 'e PS, en teffens hat de UDB in sterkeekologyske oriïntaasje. De partij is ynJeropeesk ferbân lid fan 'eJeropeeske Frije Alliânsje.Ekstreem-rjochtse politike partijen hawwe yn Bretanje minder oanhing as yn 'e rest fan Frankryk.

Infisktreiler útLe Guilvinec.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn2009 hie deregio Bretanje inbruto regionaal produkt fan82 miljard. It wie dêrmei de op seis neirykste fan alleFrânske regio's en produsearre 4,4% fan itbruto nasjonaal produkt fan hielFrankryk. It bruto departemintaal produkt fanLoire-Atlantique wie datselde jiers likernôch €26 miljard, wat betsjut dat it bruto regionaal produkt fan 'e hiele histoaryske regio Bretanje om 'e €108 miljard hinne lei. It bruto regionaal produkt per lid fan 'ebefolking fan 'e regio Bretanje wie yn2009 €25.739, in bedrach dat leger lei as it bruto nasjonaal produkt per lid fan 'e befolking fan Frankryk (€29.897), mar heger as it bruto nasjonaal produkt per lid fan 'e befolking fan 'eJeropeeske Uny (€23.500). Dewurkleazens is yn 'e regio Bretanje, mei 6 oant 7% fan 'eberopsbefolking, leger as yn oare Frânske regio's.

Ofsjoen fan inkele gebieten, lykasLorient yn it suden enNantes enSaint-Nazaire yn it easten, hat it skiereilân Bretanje nea net folleyndustry hân. Ek hjoed de dei noch binne dêromfiskerij enlânbou tige wichtige sektoaren fan 'eekonomy. It skiereilân hat mear as 40.000boerebedriuwen, wêrfan't de measten har rjochtsje opmelkfeehâlderij,fetweiderij fankij enbargen enplomfeehâlderij. Debou is benammen rjochte op 'e produksje fannôt engrienten. De regio Bretanje is eins de grutste produsint fan grienten fan alle Frânske regio's, wêrby't it benammen giet ombeantsjes,sipels,artisjokken,jirpels entomaten. It nôt dat yn 'e regio ferboud wurdt, is yn it foarste plak bedoeld asfeefoer.Wynbou is op it skiereilân beheind ta in lytse krite besudenNantes. Defiskerij yn 'e regio Bretanje is de grutste fan alle Frânske regio's. Yn dy sektor wurkje anno2015 likernôch 9.000 minsken. Der binne fierders mear as 60fabriken dy't har talizze op 'e ferwurking fanfisk enseefruchten.

Locronan, ynFinistère, dat ien fan 'e moaistedoarpen fanFrankryk wêze soe.

Hoewol't de Bretonskeyndustry relatyf beheind is, groeit dy sektor sûnt1980 oanhâldend. Deitensferwurkjende yndustry (benammen fanfleis engrienten) makket in trêde fan 'e sektor út. Deskipsbou, sawol opkommersjeel mêd as foar demarine, is wichtich ynSaint-Nazaire,Lorient enBrest.FleantúchbouwerAirbus hat fabriken yn Saint-Nazaire enNantes, enautoprodusintPeugeot hat in grut fabryk ynRennes. De regio Bretanje is fan alle Frânske regio's de op ien nei grutste produsint fantillekommunikaasje-apparatuer en de op fjouwer nei grutste fanelektroanika. Sokke aktiviteiten binne fral konsintrearre yn Rennes,Lannion en Brest.

Fierders is ittoerisme in tige wichtige sektor fan 'e ekonomy foar de Bretonskekust. It skiereilân is ien fan 'e meast besochte gebieten fan Frankryk. Trekpleisters binne de withoefollemenhirs en oaremegalityskemonuminten, mei yn it foarste plak deStiennen fan Carnac. Oare wichtige megalityske plakken binne itstienmantsje fanBarnenez, demegaliten fan Locmariaquer, demenhir fan Champs-Dolent, detumulus fan Mane Braz en degrêftombe fanGavrinis. Ek deKeltyskekultuer fan Bretanje lûkt in protte besikers. Ynapril2019 neamde itreiskatern fan 'eBritskekranteThe Guardian op syn list fan 'e tweintich moaiste doarpen fan Frankryk twa plakken yn Bretanje:Rochefort-en-Terre, mei syn oerdutsenmerk,tolfde-iuwsketsjerke enMidsiuwskekastiel, enLocronan, dêr't dekantoaren fan 'eFrânske Eastyndyske Kompanjy út 'esantjinde iuw noch oan itdoarpsplein steane.

It Place de la République ynRennes, dehaadstêd fan 'eregio Bretanje.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens in offisjele skatting hie deregio Bretanje yn2012 3.195.317 ynwenners, wylst it departemintLoire-Atlantique inbefolking hie fan 1.303.103minsken. It hiele skiereilân hie sadwaande 4.498.420 ynwenners, wat mear is as ea earder yn 'e Bretonskeskiednis. Debefolkingstichtens bedroech dêrmei yn2012 op 132,2minsken dekm². Fan 'e fjouwer departeminten dy't de regio Bretanje foarmje, hie yn2008Ille-et-Vilaine de grutste befolking (967.588), folge trochMorbihan (710.034),Finistère (890.509) enCôtes-d'Armor (581.570).

De grutstestêd fan it skiereilân isNantes, mei goed 283.000 ynwenners yn2011. De grutste stêd fan 'e regio Bretanje isRennes, mei in befolking fan krapoan 207.000 minsken. Oare gruttere stêden binne:Brest (142.000),Quimper (64.000),Lorient (58.000),Vannes (53.000),Saint-Malo (48.000) enSaint-Brieuc (46.000) yn 'e regio Bretanje enSaint-Nazaire (67.000) yn it departemintLoire-Atlantique. De befolking fan Loire-Atlantique groeit flugger as dy fan 'e regio Bretanje, hoewol't Rennes eins de fluchst groeiende stêd fan it hiele skiereilân is.

Bretonskefroulju yn tradisjoneledracht, mei de opfallendebigouden-mûtsen, dy't inkultureel ikoan fan Bretanje foarmje.

Etnisiteit

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De grutte mearderheid fan 'ebefolking fan it skiereilân Bretanje bestiet útBretonnen, inKeltyskfolk, dat binnen itFrânske steatsbestel inetnyskeminderheid foarmet. Neffens inopinypeiling út2008 identifisearre doe 89,4% fan 'e ynwenners fan 'eregio Bretanje him as Bretonsk: 50% fielde him likefolle Bretonsk asFrânsk; 22,5% fielde him mear Bretonsk as Frânsk; 15,4% fielde him mear Frânsk as Bretonsk; en 1,5% fielde him Bretonsk en hielendal net Frânsk. Net mear as 9,3% fan 'e ynwenners fan 'e regio Bretanje bestie út oareetnyske groepen; dêrby gie it foar it meastepart om etnyskeFrânsen. Yn deselde opinypeiling joech 51,9% fan 'e respondinten oan dat Bretanje mearselsbestjoer binnen Frankryk krije moast, wylst 31,1% fûn dat de status quo hanthavene bliuwe moast, en 4,6% fûn dat Bretanje in ûnôfhinklik lân wurde moast. De rest fan 'e lju hie gjin miening oer depolitike status fan Bretanje.

Ut in opinypeiling út2012 dêr't net inkeld deregio Bretanje, mar ek it departemintLoire-Atlantique yn meinommen wie, die bliken dat 48% fan 'e respondinten himsels yn it foarste plak meiFrankryk ferbûn fielde, wylst 37% himsels yn it foarste plak mei Bretanje ferbûn fielde, en 10% meiJeropa. Ut deselde opinypeiling kaam ek nei foarren dat de Bretonske identiteit sterker is ûnder de jongerein: fan 'e minsken jonger as 35 jier fielde 53% him yn it foarste plak mei Bretanje ferbûn, wylst fan 'e lju fan boppe de 65 58% him yn it foarste plak mei Frankryk ferbûn fielde. Der bliek datoangeande ek in konneksje te bestean mei itstimgedrach en demaatskiplike klasse fan 'e respondinten: lju dy't oplinksepolitike partijen stimden, fielden faker in sterke bân mei Bretanje ynstee fan mei Frankryk, en itselde gou foarwurknimmers. Lju dy't oprjochtse partijen stimden enwurkjouwers fielden har faker sterker ferbûn mei Frankryk.

Neder-Bretanje (mei deBretonskedialekten ynkleur) enOpper-Bretanje (yngriistinten). Dekaart lit it opskowen fan 'e taalgrins fan itBretonsktalige mei itGallotalige diel fan Bretanje sjen sûnt it jier900.

Taal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De iennichsteoffisjele taal fanFrankryk is itFrânsk, en dat wurdt hjoed oan 'e dei yn Bretanje troch it grutste part fan 'e befolking sprutsen asmemmetaal. Dy sitewaasje is lykwols in frij resinte ûntwikkeling dy't fuortkomt út 'e fûleindigefrânsifisearringspolityk fan 'e Frânske steat, mei't it Frânsk oant yn 'enjoggentjinde iuw yn hiele Bretanje frijwol ûnbekend wie.

De lânseigentalen fan Bretanje binne itBretonsk yn it westen en itGallo yn it easten, wynst yn itPays de Retz, yn it súdwesten fanLoire-Atlantique, it oan it Gallo besibbePoitevynsk sprutsen wurdt. De taalgebieten fan it Bretonsk en it Gallo wurde faninoar skaat troch in taalgrins dy't sûnt deMidsiuwen almar fierder nei it westen ta opskood is, yn it neidiel fan it Bretonsk. Op 't heden rint dy taalgrins fanPlouha oan kust fanIt Kanaal mei in flauwe S-bocht fan noard nei súd dwers troch Bretanje nei itRhuys-skiereilân oan 'e kust fan 'eGolf fan Biskaje. It Bretonsktalige diel fan Bretanje, oftewol de útein fan it skiereilân, wurdtNeder-Bretanje neamd, wylst it Gallotalige dielOpper-Bretanje hjit. De beide talen ferhâlde har ta-inoar lykas itFrysk en itStedsk of lykas itSkotsk en itSkotsk-Gaelysk. Beide binne yn2004 troch de folksfertsjintwurdiging fan 'eregio Bretanje erkend aslangues de Bretagne ("talen fan Bretanje"). Dat is lykwols inkeld insymboalyske erkenning, mei't de Frânske oerheid noch altyd tige ôfwizend stiet foaroer help oan of erkenning fanminderheidstalen.

Twataligebeweiwizering ynQuimper, mei itFrânsk boppe en itBretonsk ûnder.

Bretonsk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

ItBretonsk is inKeltyske taal dy't yn 'e mande mei itWelsk fanWales en itKornysk fanCornwall detaalgroep fan 'eBrytoanyske talen foarmet. Dat it in fuortsetting fan itGallysk út 'eAldheid wêze soe, is in misferstân. It Gallysk stoar út yn 'eRomeinske Tiid, wêrnei't yn 'efyfde ensechsde iuwymmigranten fan it eilânGrut-Brittanje, dy'tde wyk namen foar deAngelsaksyske ynvaazje, harrenEilânkeltyske Brytoanysk yn Bretanje yntrodusearren. Yn 'e Midsiuwen begûnen deadel en degeastlikheid Frânsk te sprekken en waard it Bretonsk de taal fan 'e gewoane man, benammen op itplattelân.

Yn 'enjoggentjinde iuw waard ek de gewoane befolking fia itûnderwiis oan it Frânsk bleatsteld, wêrby't de Frânske steat aktyf besocht it Bretonsk út te rûgjen (sa't it dat mei alle minderheidstalen prebearre). Hoewol't it Bretonsk midstweintichste iuw yn Neder-Bretanje noch rûnom sprutsen waard, kaam it der al raar foar te stean om'tâldelju de taal net mear oerdroegen oan harrenbern. Yn 'e1970-er jierren ûntstie yn reäksje dêrop in taaloplibbing wêrby't pleatslike autoriteiten it brûken fan it Bretonsk begûnen oan te fiterjen en twataligeskoallen iepene waarden. It persintaazjeskoalbern dat Bretonske lessen folget, is tusken2006 en2012 mei 33% omheech gien nei 14.709.

De Lann-Bihoué, inmilitêre kapel fan 'eFrânske Marine tarist mei tradisjonele Bretonskedoedelsekken.

Yn1950 wiene der noch mear as in miljoen minsken dy't it Bretonsk as memmetaal hiene, mar yn2007 wie dat tal sakke nei 226.000 minsken, oftewol 4,7% fan 'e ynwenners fan it skiereilân Bretanje. Fan 'e Bretonsksprekkers wie boppedat 61% âlder is as 60 jier. Neffens gegevens út1999 spriek doe noch 12% fan allefolwoeksenen yn Bretanje Bretonsk, mar dêrby wienetwadde-taalsprekkers meirekkene.

It Bretonsk hat trije nau besibbedialekten:Kernevysk (Cornouillais) yn 'e krite omQuimper hinne,Leönaarsk (Léonard) yn 'e omkriten fanSaint-Pol-de-Léon enTregorreesk (Trégorrois) yn 'e neite fanTréguier. Dy trije dialekten foarmje indialektkontinuum en rinne stadich yninoar oer. De grins mei it fjirde dialekt fan it Bretonsk, itFanneteesk, dat omVannes hinne sprutsen wurdt, is folle abrupter. It Fanneteesk wykt frij sterk ôf en is mar amper ûnderling fersteanber mei de oare trije dialekten.

Gallo

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

ItGallo (of Gallo-Bretonsk) is inRomaanske taal, dy't mei itFrânsk en ferskate oarestreektalen yn noardlik en westlik Frankryk en súdlikBelgje (lykasWaalsk,Pikardysk enNormandysk) deOïlaanske taalkloft foarmet. It Gallo is datoangeande eins in wat frjemde ein yn 't byt, mei't it fanwegen syn taalgebiet in frij sterkeKeltyske ynfloed ûndergien hat. Oars as it Bretonsk wurdt it Gallo faak weiset as indialekt fan it Frânsk, of, minder noch, as in ynkorrekte wize fan Frânskpraten.

In seldsum boerd yn itGallo (ûnder).

Oant yn 'enjoggentjinde iuw wist it Gallo him goed te hanthavenjen, mar fan dy tiid ôf ûndergie it itselde frânsifisearringsbelied dêr't ek it Bretonsk slachtoffer fan waard. Oars as by it Bretonsk yn 'etweintichste iuw it gefal wie, kaam der foar it Gallo gjin ommekear oangeande it taalferfal en it gebrek oanprestiizje. Krektoarsom, it Gallo hat tsjintwurdich net inkeld te lijen ûnder de oanhâldende druk fan it Frânsk, mar ek fan 'e taaloplibbing fan it Bretonsk, dat dêrtroch terrein wint yn gebieten dêr't foarhinne Gallo sprutsen waard. Dêrby komt noch it probleem dat it Gallo altyd insprektaal en nea inskriuwtaal west hat, en dat de ferskate rivalisearjendestaverings dy't derfoar ûntwikkele binne, faak frijwol net nei te kommen binne, sels foar lju foar wa't it Gallo har memmetaal is. De taaloerdracht fan âldelju op bern is foar wat it Gallo oangiet, ekstreem leech.

Der wurdt rûsd dat der noch goed 28.000 sprekkers fan it Gallo binne. It is instreektaal dy't op net-ferplichte basis op guon skoallen ûnderwiisd wurdt, benammen yn it departemintIlle-et-Vilaine. Oan 'e oare kant kenne in protte lju ynLoire-Atlantique, dêr't it gebrûk fan it Gallo hielendal net stimulearre wurdt troch de pleatslike autoriteiten, it wurd "Gallo" net iens, lit stean dat se in idee hawwe fan 'e stavering of depublikaasjes yn en oer de taal.

Byldhouwurken fan 'ekrusiging fan Jezus binne yn in protte Bretonskedoarpen te finen.

Godstsjinst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fan âlds wie Bretanje ien fan 'e meast religieuze dielen fanFrankryk, mei eins mar ien foarm fanreligy: itroomsk-katolisisme. Dekerstening fan Bretanje begûn oan 'e ein fan 'eRomeinske Tiid en waard yn 'eachtste iuw foltôge trochsindelingen fan 'eBritske Eilannen, ûnder waGildas. Bretanje hat mear as 300hilligen, hoewol't de measten dêrfan saneamdefolkshilligen binne, dy't net offisjeel erkend wurde troch deRoomsk-Katolike Tsjerke. Debeskermhillige fan Bretanje is de hilligeAnna, marIvo fan Kermartin, intrettjinde-iuwskepreester dy't yn itBretonsk bekendstiet asSant-Erwan en yn itFrânsk asSaint-Yves, is populêrder. Synhjeldei,19 maaie, is denasjonale feestdei fan Bretanje.

Mei't offisjelestatistiken oangeande religieuzedenominaasje yn Frankryk bywet ferbean binne, besteane der gjin offisjele sifers oer de ferdieling fan 'e Bretonske befolking nei religy. Opinoar folgjende opinypeilings hawwe lykwols sûnt de1960-er jierren in stadigesekularisaasje fan it skiereilân sjen litten, dy't syn woartels hie yn 'eurbanisaasje fan it gebiet nei deTwadde Wrâldoarloch. Neffens in opinypeiling út2006 hat inkeld it departemintMorbihan noch in befolking dy't foar mear as twatrêde diel (70%) roomsk is.Loire-Atlantique enCôtes-d'Armor hearden yn2006 al ta de minst roomskedeparteminten fan Frankryk, mei mar sa'n 50% roomsen, wylstIlle-et-Vilaine enFinistère dêrtuskenyn sieten mei krapoan 65% roomsen. De rest fan 'e befolking bestiet yn alle fiif departeminten yn grutte mearderheid útagnosten enateïsten. Inkeld Ille-et-Vilaine en Loire-Atlantique hawwe inislamityske minderheid dy't it neamen wurdich is, fan 1%, resp. 3%.

Inreliëf fan 'eAnkoù ynPloudiry.

Folkloare

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ien fan 'e bekendste wêzens út 'e Bretonskefolkloare is deAnkoù, in tsjinner fan 'eDea dy't gauris misbegrepen wurdt asde personifikaasje fan 'e Dea sels. Ofbyldings fan 'eAnkoù binne yn Bretanje oeral te finen. Hy wurdt soms foarsteld as inskrinkelman bewuoalle yn inlykklaad mei in Bretonskemûtse op, en soms as in echte,ferstoarne minske, te witten: de lêste deade fan it jier, dy't tawijd is oan it lieden fan 'e oare ferstoarnen nei de Dea ta. DeAnkoù, dy't ek wol omskreaun wurdt as de 'risper fan 'e Dea', doarmet bynacht om mei in opholdenseine, dy't er foar him út smyt om syn "rispinge" te folbringen (d.w.s. om lju dy't er tsjinkomt, dea te meitsjen). Soms is er geandefoets, mar ornaris reizget er yn inwein, dekarrig an Ankoù, dy't lutsen wurdt troch twaoksen en in meagerhynder. Twa legere tsjinners, dy't krekt sa klaaid binne as deAnkoù, lade de "rispinge" yn 'e wein. Foarhinne leaude men yn Bretanje dat as jin it kreakjen fan 'ekarrig an Ankoù hearre koene, dat infoartsjirmerij wie dy't betsjutte dat jins dea nei-oan wie.

Itwapen fan Bretanje: in fjild fanharmeling.

Symboalen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Wapen en flagge

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It bekendstesymboal fan Bretanje en de Bretonske identiteit is deflagge fan Bretanje. De earste Bretonske flagge wie inwapenbanier, basearre op itwapen fan Bretanje. Dat is apart om't it neffens de wetten fan 'eheraldyk mar ienkleur (tinktuer) hat, hoewol't de measte minsken dy't ûnbekend binne mei de heraldyk dat net sa sjen sille. It is nammentlik in fjild fanharmeling: wyt mei in weromkearend swart patroantsje, dat depels fan inharmeling foarsteld (dy'twinterdeis wyt is mei in swart puntsje oan 'esturt). De heraldyk omfettet ferskaten fan sokkepelswurken, dy't as ien kleur sjoen wurde. It by it wapen hearrendebiedwurd fan Bretanje is "Potius Mori quam Fœdari" ("Leaver Dea as Earferlies").

Doe't men op in stuit de flagge mei in fjild fan harmeling as tearistokratysk begûn te sjen, waard deKroaz Du, it "Swarte Krús", ynfierd as alternative, mearreligieus tinte flagge fan Bretanje. Dat wie inwyt fjild mei inswartkrús, feitliks in folslein negatyf byld fan 'eflagge fan Cornwall (dy't bestiet út in swart fjild mei in wyt krús). Yn 'eKroaz Du waarden de kleuren fan 'e harmelingbanier kombinearre mei it krús fan itkristendom.

DeGwenn ha Du, deflagge fan Bretagne.

Yn1923 waard lykwols in nijeflagge ûntwurpen, deGwenn ha Du (it "Wyt en Swart"), dy't basearre wie op 'eAmerikaanske flagge. Dat is in flagge dy't bestiet út inkanton (lofterboppehoeke) fan harmeling, oanfolle mei njoggenhorizontale swarte en wite streken oer de rest fan 'e flagge. De fiif swarte streken steane foar de oarspronklikeBretonsktaligebisdommen enfiskaal-militêredistrikten, en de fjouwer wite streken symbolisearje de oarspronklikeGallotalige bisdommen en fiskaal-militêre distrikten. Sûnt de1920-er jierren is deGwenn ha Du tige populêr wurden en tsjintwurdich sjocht men de flagge oeral yn Bretanje, en by gruttesporteveneminten, lykas deTour de France, ek yn oare dielen fan Frankryk.

Folksliet

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It Bretonskefolksliet (dat gjin offisjele status hat) isBro Gozh ma Zadoù ("Ald Lân fan Us Foarâlden"), dat oan 'e ein fan 'enjoggentjinde iuw skreaun waard. Yn 'emeldij en it ûnderwerp is in dúdlike ynfloed te bespeuren fan sawol itWelske folkslietHen Wlad fy Nhadau as itKornyske folkslietBro Goth agan Tasow.

Galettes (Bretonskepankoeken) servearre meibakt aai enwoarst.

Oar

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Oare symboalen fan 'e Bretonske identiteit binne de Keltysketriskelion, demenhirs en oaremegalityskemonuminten en regionalegerjochten lykasgalettes (Bretonskepankoeken). In gongbereôfkoarting fanBreizh, deBretonske namme foar Bretanje, isBZH. Bretonskenasjonalisten en oaren dy't har sterk mei Bretanje ferbûn fiele, plakke gauris inBZH-sticker op 'e efterkant fan harrenauto, hoewol't dat yn Frankryk by wet ferbean is. Deynternetekstinsje.bzh is in goedkardtop level domain fan itynternet, dat bedoeld is foarwebsiden dy't te krijen hawwe mei de Bretonskekultuer entalen.

Klimaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Bretanje hat in feroarlikseeklimaat, meidelslach yn allejiertiden, mar it measte by 'thjerstmis,winterdeis en yn 'emaityd.Simmerdeis binnetemperatuerenoerdeis fan rom boppe de 30 °C hielendal net útsûnderlik, wylst it kwik by 't winternachts sakje kin oant –10 °C. Dewaarmstemoanne isjuny, mei (ynQuimper, oan 'e súdkust) in trochsneed temperatuer oerdeis fan 35,9 °C. Dochs is Bretanje dan ornaris noch ien fan 'e koelste dielen fan Frankryk. Dekâldste moanne isjannewaris, mei in trochsneed temperatuer oerdeis (yn Quimper) fan 9,4 °C. It temperatuerferskil tusken simmer en winter bedraacht op 'e measte plakken trochinoar likernôch fyftjin graden. Oan 'e kust is itwaar winterdeis oer it algemien mylder as yn it binnenlân. Quimper kriget jiers 1.248,6 mmdelslach. DeMonts d'Arrée krije, nettsjinsteande har beheinde hichte, folle mearrein as de rest fan it skiereilân.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBrittany fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Bretanje&oldid=1177542"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp