Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Brún hier

Ut Wikipedy
AktriseJennifer Connolly hat brún hier.

Brún hier is de op ien nei meast foarkommende soarte fanminsklikhier, neiswart hier. Dizzehierkleur docht him foar yn in wiid ferskaat oan tinten, fan hiel ljochtbrún oant frijwol swart. Brún hier ûnderskiedt him fan oare hiersoarten trochdat it mear fan it dûnkerepigminteumelanine befettet en minder fan it bleke pigmintfeomelanine. Brune hierren binne tsjûker asblûne hierren, mar minder tsjûk asreade hierren.Froulju dy't brún hier hawwe, wurde gauris oantsjut asbrunettes ofbrúntsjes (brunette is de sjikere,Frânske foarm fan "brúntsje").

Brún hier komt foar mank in grut tal minsklike populaasjes yn 'e Westerske wrâld, benammen by lju dy't útMidden-Jeropa,Noardwest-Jeropa, deBritske Eilannen,East-Jeropa enSúd-Jeropa komme of dêrwei ôfstamje (wat teffens in grut part fan 'e befolking fanNoard- enSúd-Amearika,Súd-Afrika enAustralaazje omfiemet). Fierders is brún hier ek tige gewoan ûnderAustralyske Aborizjinees enMelaneziërs, út it gebiet fan 'e súdwestlikeStille Oseaan.

Tinten fan brún hier kinne wêze:

  • auberzjine
  • djipbrún
  • dûnkerbrún
  • dûnkerkastanjebrún
  • ebben
  • goudbrún
  • hazzenútkleurich
  • jiskebrún
  • koperbrún
  • ljochtbrún
  • ljochtkastanjebrún
  • mahoanjebrún
  • middelbrún
  • readbrún
  • roastbrún
  • sûkelarjebrún
  • wâlnútkleurich

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBrown hair fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Brún_hier&oldid=1137671"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp