Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Boston

Ut Wikipedy
Boston
Emblemen
            
Bestjoer
LânFeriene Steaten
SteatMassachusetts
CountySuffolk County
Sifers
Ynwennertal625.087(2012)
Oerflak232,1 km²(ynkl. wetter)
125,4 km²(allinnich lân)
Befolkingsticht.4.983,5 / km²
Stêdekloft4.591.112(2012)
Hichte43 m
Oar
Stifting1630
TiidsôneUTC-5
SimmertiidUTC-4
Koördinaten42°21′29″N 71°03′49″W
Offisjele webside
www.cityofboston.gov
Kaart
De lizzing fan Boston ynSuffolk County en de steatMassachusetts.

Boston is de haadstêd en de grutste stêd fan 'eAmerikaanskesteatMassachusetts. It is ek de grutste stêd yn hieleNij-Ingelân, de noardeastlike regio fan 'e Feriene Steaten, en it haadplak fanSuffolk County. Neffens in offisjele skatting út2012 hie Boston doe 625.000 ynwenners; as stêdekloft, mei alle foarstêden en de heal ferstedske plattelânskrite deromhinne, komt dat sifer út op mar leafst krapoan 4,6 miljoen minsken. Boston waard oarspronklik stifte op itShawmut-skiereilân, mar hat troch de iuwen hinne syn grûngebiet útwreide troch in proses fandrûchlizzing en anneksaasje.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De krite dêr't Boston no leit, wie teminsten 5.000 jier lyn al bewenne. De earsteJeropeeske kolonisten dy't har dêr fêstigen, wieneIngelskepuriteinen, dy't de stêd yn1630 stiften, en ferneamden nei it IngelskeBoston, yn it greefskipLincolnshire. Boston woeks al rillegau út ta in plak fan formaat, en it wie de grutste stêd ynBritskNoard-Amearika oant it yn 'e midden fan 'eachttjinde iuw foarbystribbe waard trochPhiladelphia, mar it krige de offisjele status fan stêd pas yn1822. Yn1636 waard de earste Noardamerikaanske universiteit, deUniversiteit fan Harvard, fuort bûten Boston, yn it plakjeCambridge oprjochte.

It sintrum fan Boston yn1909.

In grut al krúsjale foarfallen fûnen ûnder deAmerikaanske Revolúsje en de dêropfolgjendeAmerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch yn en om Boston plak. Sa wie der itBloedbad fan Boston, wêrby't yn1770 Britske troepen mei skerp op in oproerige kliber folk skeaten en fiif manlju deaden, en de saneamdeBoston Tea Party, wêrby't yn1773 opstannige Amerikanen yn 'e haven fan Boston de ladingstee fan Ingelske skippen oerboard kiperen; dat ynsidint wurdt yn 'e regel beskôge as it begjin fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch. Yn1775 fierdePaul Revere tichteby Boston syn letter troch dedichterLongfellow besongen "midsnachtlike rit" út, wêrmei't er de Amerikanen krekt op 'e tiid warskôge foar in op hannen wêzende Britske oanfal, resultearjend yn 'eSlaggen by Lexington en Concord. Datselde jiers fûnen ek deSlach by Bunker Hill en itBelis fan Boston plak. Nei't de Amerikanen harren ûnôfhinklikheid wûn hiene, ûntjoech Boston him ta ien fan 'e rykste havenstêden fan 'e wrâld, dêr't fralrum,fisk,sâlt entabak ferhannele waard.

Troch it hannelsembargo dat de Britten yn1807 ûnder deNapoleontyske Oarloggen foar de Feriene Steaten oer oannamen, en letter troch deOarloch fan 1812, it lêste militêre treffen tusken Britten en Amerikanen, rekke de wichtigens fan Boston as havenstêd bot yn it neigean. Letter, doe't de hannel wer oanloek, hiene de rike Bostonske keaplju ûnderwilens al oare saken fûn om yn it ynvestearjen, en sadwaande ûntjoech de stêd him om 'e midden fan 'enjoggentjinde iuw hinne ta in yndustrieel sintrum, in status dy't it oant yn 'etweintichste iuw behold. Kultureel gie it Boston yn dy snuorje ek foar de wyn, en de Bostonske hegerein hearde ta de maatskiplike elite fan 'e Feriene Steaten. Behalven dat se dekeunsten finansjeel ûnderstipen, bemuoiden in protte fan harren har ek mei de politike sitewaasje fan 'e Feriene Steaten fan foar deBoargeroarloch, en Boston waard it sintrum fan 'eabolysjonistyske beweging, dy't stribbe nei it ôfskaffen fan 'eslavernij.

Underwilens wie de stêd troch de oanhâldende ymmigraasje út 'eAlde Wrâld almar trochgroeid. De nijynkommelingen wiene yn 't earstoan foar it meastepartIeren, dy't har eigen lân, fral nei deIerske Ierappelhongersneed, massaal ûntflechten. Tsjin1850 wennen der likernôch 35.000 Ieren yn Boston, en oant hjoed de dei ta is Boston ien fan 'e grutste "Ierske" stêden bûtenIerlân bleaun, en ien dêr't de Ierske ynfloed noch it sterkst fielber is. (De meast ferneamde neikommeling fan dy iere Ierske ymmigranten wie fansels presidintJohn F. Kennedy.) Yn 'e twadde helte fan 'enjoggentjinde iuw setten har ek in protte oare ymmigranten yn 'e stêd nei wenjen, lykasDútsers,Italjanen,Libaneeske enSyryskekristenen,Russyske enPoalskejoaden enFrânsk-Kanadezen.

Defiver foar ithaadkertier fan 'eChurch of Christ, Scientist.

Underwilens hie Boston syn grûngebiet stadichoan útwreide troch it drûchlizzen fan 'e sompen yn 'e neite fan 'e stêd, dêr't fral nei deGrutte Brân fan Boston, yn1872, flink mei opsketten waard. Teffens hie de stêd doe al in stikmannich oare stedsjes en plakken opslokt, lykasSouth Boston (1804),East Boston (1836),Roxbury (1868) enDorchester (1870), wylst oaren noch folgje soene:Brighton (1874),West Roxbury (1874),Charlestown (1874) enHyde Park (1912).

Om 'e midden fan 'etweintichste iuw hinne gie it mei Boston berchôf, doe't de yndustry ferâldere rekke en bedriuwen nei oare kriten ta ferfearen, dêr't de arbeidskrêften goedkeaper wiene. De stêd reägearre troch in ferskaat oan stedsfernijingsprojekten op te starten. Tsjin 'e jierren santich draaide de stedsekonomy, nei tritich jier yn 'e lytse loege, wer folop.

Op15 april2013 fûn yn Boston inbomoanslach plak op 'eMaraton fan Boston, wêrby't 3 minsken de dea fûnen en hûnderten oaren ferwûne rekken.

Hjerstwâlden ynMassachusetts mei deskyline fan Boston op 'e eftergrûn.
Huzen yn 'ewyk Back Bay.

Boston hjoed-de-dei

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hjoed-de-dei is Boston noch altiten in yntellektueel, technologysk en polityk sintrum foar de regio Nij-Ingelân, al hat it guon wichtige regionale ynstellings ferlern, lykas dekranteThe Boston Globe, dy't oernommen is trochThe New York Times. Fanwegen alle hegeskoallen en universiteiten yn 'e stêd wurdt Boston wol "it Atene fan Amearika" neamd. De ekonomy is benammen basearre op it bank- en fersekeringswêzen, de tsjinstesektor en amtnerij. De rikeskiednis fan 'e stêd lûkt fierders jiers grutte oantallentoeristen oan. AllinnichFaneuil Hall, it âlde beursgebou fan 'e stêd, dêr't om 'e tiid fan 'eAmerikaanske Revolúsje hinne troch ferneamde politisy ferskate wichtige taspraken holden waarden wêrby't oproppen waard ta de ûnôfhinklikens fan 'eFeriene Steaten, wurdt jiers al troch 20 miljoen toeristen besocht. De lofthaven fan 'e stêd,Logan International Airport, is ien fan 'e droksten fan 'e Feriene Steaten.

Ferneamde Bostonsters

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Logan International Airport út 'e loft wei besjoen.
DeJohn Hancock Tower, mei 240 m it heechstegebou fan Boston.
Faneuil Hall.

Stoarn yn Boston

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther Reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBoston fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Boston&oldid=1205767"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp