Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Boskmûs

Ut Wikipedy
boskmûs
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljemûseftigen (Muridae)
skaaiboskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus sylvaticus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Deboskmûs ofheidemûs (wittenskiplike namme:Apodemus sylvaticus) is insûchdier út itskift fan 'ekjifdieren (Rodentia), defamylje fan 'emûseftigen (Muridae) en itskaai fan 'eboskmûzen (Apodemus), dat yn hast hielJeropa foarkomt. Ek ynNederlân is er frij algemien, en itselde jildt foarFryslân, deWaadeilannen ynbegrepen. Ditbistke is nau besibbe oan 'egrutte boskmûs of gielhalsboskmûs, mar ferskilt dêrfan troch it ûntbrekken fan 'e bân fan gielichhier om 'ehals, syn justjes lytsereearen en syn justjes behindiger postuer. De boskmûs libbet gear mei deminske en wurdt sadwaande ek wol as ûngedierte beskôge.

Fersprieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Algemien foarkommen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De boskmûs is lânseigen yn hast hieleJeropa, ynkl. de gruttereBritske Eilannen, deOrkney- enSjetlâneilannen, de measteDeenskeeilannen, in protte eilannen yn 'eMiddellânske See (lykas deBaleären,Korsika,Sardynje,Sisylje,Korfû enKreta) en it eilânGotlân, yn 'eEastsee. Hy ûntbrekt lykwols op 'e measte lytsereGrykske eilannen,Syprus, deHebriden, deFêreu-eilannen en yn sintraal en noardlikSkandinaavje. YnFinlân,Estlân enLetlân komt er hielendal net foar. De eastgrins fan syn ferspriedingsgebiet rint troch súdlikLitouwen,Wyt-Ruslân, nimt noch in hoekje fan westlikRuslân mei, en folget dan in kromme line troch it easten en suden fan 'eOekraïne, om bewesten deKrim by de kust fan 'eSwarte See út te kommen. Yn it súdeasten foarmet deBosporus de grins. Bûten Jeropa komt de boskmûs inkeld foar yn itAtlasberchtme fanNoard-Afrika, fanTuneezje oantMarokko. OpIislân is er in by fersin troch deminske yntrodusearreeksoat.

Yllústraasje troch A. Thorburn, útBritish Mammals (1920).

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

YnNederlân, en ek ynFryslân, komt de boskmûs algemien foar. Ek op alle gruttereWaadeilannen besteane populaasjes.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De boskmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7½-11 sm, mei in sturtlingte fan 7-10½ sm en in gewicht fan 14-35 g. Desturten fan boskmûzen binne kwetsber, en de einen brekke maklik ôf (en groeie dan yn 'e regel net wer oan). Dit is inevolúsjonêre adaptaasje ta beskerming tsjinpredaasje. Men moat in fongen boskmûs dus nea allinnich by de sturt beethâlde.

Folwoeksen eksimplaren hawwe gielich oant brunich hier op 'e rêch en grizich wyt hier op 'e búk. De demarkaasjeline tusken dy beide kleuren is altyd wat dizenich. Opfallend is dat de boskmûzen op 'eWaadeilannen helderder kleure binne mei yn in protte gefallen in frij dúdlike dûnkere streek oer de rêch. Op 'e kiel hawwe boskmûzen oer it generaal in gielich plakje sitten, dat lykwols nea, sa't by degrutte of gielhalsboskmûs it gefal is, in sletten halsbân foarmet. Wol is it mooglik dat it plakje oergiet yn in útrutsen gielige streek tusken de foarpoaten troch en oer de búk. Jongere bisten binne trochstrings effen griisbrún en kinne sadwaande maklik betize wurde mei folwoeksenhûsmûzen. Deearen eneagen binne lykwols grutter, en fierders ken men boskmûzen werom oan harren soarteigen rook, har spitsere snút en de ynkeping yn 'e boppekjiftosken.

Biotoop

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nettsjinsteande har namme bewenje bosk- of heidemûzen net inkeldwâlden enheide, mar ekgerslân, ikkers meilânbougewaaksen,nôtfjilden,tunen, braaklizzend terrein ensândunen. Feitliks hawwe se leaverhagen enstrewelleguod as bosken. Yn berchgebieten komme se selden boppe debeamgrins foar, al binne se yn 'eAlpen oant op 2.000 m hichte oantroffen. Fierders ûntbrekke se krektlyk yn leechleine, wiete lânskippen. Yn 'ewintermoannen nimme se gauris har yntrek yn skuorren, hokken of selsminsklike wenten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De boskmûs fan deunby.

Boskmûzen binnenachtdieren, mar by ljochtmoanne en as it nachts kâld en/of wiet is, sette se net folle út 'e wei. Se libje frijwol útslutend op 'e grûn, ek al binne se trochkrûpt yn klimmen en springen. Mei dekjiftosken en de foarpoaten grave in protte, soms wol oant 50 sm djipte. Har gongen hawwe in trochsneed fan 3 sm en kinne 1 m lang wêze. Gongestelsels hawwe yn 'e regel mear as ien útgong en wurde faak brûkt troch ferskate generaasjes boskmûzen. De boskmûs is in yntelligint bistke dat de foar ûndersikers ferfelende gewoante hat om 'e yngongen fan ynrinfâlen ticht te stopjen mei ierde en stientsjes.

De boskmûs bejout him oer it algemien mar selden mear as 14-20 m fan syn hoale ôf, of it moat yn 'epeartiid wêze. De grutte fan itterritoarium hinget fan it soartebiotoop ôf, mar dat fan 'e mantsjes is mei 1.200-13.000 m² oansjenlik grutter as dat fan 'e wyfkes (800-4.000 m²). De sosjale hierargy fan 'e boskmûs is noch altyd net alhiel klear; dominante mantsjes ferdigenje har territoarium tsjin ynkringers, en yn 'e peartiid oerlaapje de territoaria fan 'e mantsjes inoar, mar dy fan 'e wyfkes net. It tinken is dat boskmûzenpolygaam binne.

De fuortplanting fynt by de boskmûs plak tuskenmaart/april enoktober, mei útrinners neinovimber, ôfhinklik fan 'ewaarsomstannichheden en de dêrmei ferbân hâldende beskikberens fan fretten. Nei indraachtiid fan likernôch 25 dagen wurde trochinoar 3 kear jiers 3-8 jongen smiten, dy't mei 3 wiken selsstannich binne en it nêst ferlitte. Neigeraden dat it letter yn it jier wurdt, fynt der almar mearresorpsje fan embryo's plak, sadat de smeten hieltyd lytser wurde. De populaasjetichtheid kin by boskmûzen fariëarje fan 1 oant wol 200 eksimplaren de ha, ôfhinklik fan hoefolle fretten oft der foarhâns is. Yn it wyld libbet de boskmûs yn trochsneed mar in fearnsjier, mei in maksimum fan oardel jier. Yn finzenskip kin er wol 4 jier wurde. Boskmûzen foarmje in wichtigeproai foar in ferskaat oanrôfdieren, wêrûnder dedas,harmeling,wezeling,stienmurd,beamotter,hûskat,foks en ferskate soartenrôffûgels, lykas dereade wikel,wâldûle,goudûle,stienûle enkatûle.

In boskmûs.

Fretten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boskmûzen frette yn haadsaaksiedkerlen fannôt en alderhanne soartennuten, benammen fanbeammen as deiik,bûk,esk,linebeam,hagedoarn eneskdoarn. Dêrnjonken meie se ek wolfruchten enbeien,blomknoppen,poddestuollen enmoas. Fierders steane ekynsekten,tûzenpoaten,spinnen,reinwjirms enslakken op it menu.Winterdeis libbet de boskmûs û.m. fan 'e fruchtbere dielen fanrintfearren (varens), wat seldsum is foarwringedieren.

Status

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De boskmûs hat deIUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet rûnom foarkomt. Soms wurde boskmûzen as skealik ûngedierte beskôge om't se skea oanrjochtsje oanlânbougewaaksen; sa frette se bygelyks knoppen en fruchten oan fan û.m.nôt enbiten. Yn huzen kinne se fral winterdeis wol oer itensfoarrieden gear gean en oare gnauskea oanrjochtsje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, J.,It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van,Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten),ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryApodemus sylvaticus fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Boskmûs&oldid=1177002"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp