Hope waard berne yn Eltham, Súdeast-Londen, as fyfde fan sân soannen. Heit wiestienhouwer en mem song yn 'lichte' opera's. Yn 1907 ferhuze de húshâlding neiCleveland in de Amerikaanske steatOhio. Yn 1920 waard er Amerikaansk steatsboarger.
Doe't Hope tsien jier wie wûn er inCharlie Chaplin-ymitaasjewedstriid. Nei de middelbere skoalle naam er dûnslessen byKing Rastus Brown enJohnny Root. It die bliken dat er in natuertalint wie.
Op syn achttjinde joech er dûnsfoarstellingen mei syn doetydske freondinneMildred Rosequist ynCleveland en omkriten. Rillegau fûn er it paad nei de teäters ynNew York.
Nei syn debút opBroadway yn1927 yn demusicalThe Sidewalks of New York briek Hope yn 1933 troch as de koartswilligeHuckleberry Haines yn de musicalRoberta. Dêr krige er kunde oan de sjongsterDolores Reade mei wa't er yn 1934 troude. Hope wie in frouljusman en hie ûnder syn houlik ferskate ferhâldingen.
Bob Hope op besite by it Amerikaansk leger yn Fjetnam, 19 desimber 1966
Om reden fan it súkses fan syn satiryske radiomonologen krige Hope in rol yn de filmThe Big Broadcast of 1938, wat fuortendaliks in súkses wie. Yn dy film song erThanks for the Memory, wat in soarte fan persoanliketune wurde soe.
Hope's gearwurking meiBing Crosby enDorothy Lamour yn de ferskateRoad to...-films (1940-1952) soarge grif foar lange rigen foar de bioskopen. De searje begûn meiRoad to Singapore, folge trochRoad to Zanzibar (1941),... Morocco (1942),... Utopia (1946),... Rio (1947),... Bali (1948) en... Hong Kong (1952).
Oare komyske rollen hie er ynCaught in the Draft (1941),Let's Face It (1943),The Paleface (1948),Fancy Pants (1950) enMy Favorite Spy (1951).
Hope spile haadrollen yn mear as fyftich films en hie byrollen yn fyftjin oare (de lêste wieSpies Like US yn 1985).
Yn 1944 wie Hope syn radioprogramma it heechst wurdearre yn de FS en yn 1950 makke er syn debút optelefyzje.
Op 6 maaie1941 trede Bob Hope foar it earst op foar Amerikaanske militêren. Dat soe er dwaan bliuwe yn de rest fan deTwadde Wrâldoarloch, deKoreaanske Oarloch, deFjetnamoarloch en sels noch yn1991 ûnder deGolfoarloch. By syn optredens foar dy soldaten liet er sjen dat er tige belutsen wie en hast altyd droech er legerklean as teken fan stipe en bewûndering foar syn publyk.
Hope garre in fortún byinoar, dat er ynvestearre yn ûnreplik goed. It tydskriftForbes rûsde syn fermogen op goed 500 miljoen dollar.
Bob Hope sjit in golfbal yn in jiskepanne dy't fêsthâlden wurdt troch presidint Richard Nixon yn it Oval Office, 1973
Hope wie ek ferneamd om syn leafde foar sport. Doe't er jong wie, wie er koart skoft tiid berops-bokser, spilepool foar jild, wie er mâl meiAmerican football en wie er letter mei-eigener fan deCleveland Indians en deLos Angeles Rams. Syn grutste passy woe lykwolsgolf; hy spile sels yn in talPGA (Professional Golf Association) wedstriden. Ta syn eare waard deHope/Chrysler Classic nei him ferneamd.