Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Blues

Ut Wikipedy
Ma Rainey (1886-1939) krige de bynamme "Mem fan de blues".
Taj Mahal Blues Trio

Blues is in fokale en ynstrumintalemuzykfoarm dy't ûntwikkele is út deAfrikaansk Amearikaanskework song's. Blues hat in grutte ynfloed hân op lettere populêre muzyk, sawol yn Amearika as dêr bûten. De ynfloed fan Blues is werom te finen ynjazz,rhythm and blues,rock and roll likegoed as yn de konvinsjonelepopmuzyk en sels yn moderneklassike muzyk.

Debetide plattelâns blues ûntstie oan 'e ein fan 19e, begjin 20e iuw yn de súdlike steaten fan deFeriene Steaten. Der waarden ienfâldige ynstruminten brûkt, benammen deakoestyske gitaar,piano en demûlharp. De lieten hiene in grut ferskaat oan struktuer enskema's, mar de12-maats en8-maats blues oerhearsken.

W.C. Handy wie ien fan de earste muzikanten mei in knappe muzykoplieding, dy't de bluesmeldijen yn in moderne styl oanbea oan bands en sjongers. Hy soe ferskate bluesstikken skriuwe wêrfanThe Saint Louis Blues faaks de bekendste is.

Tekstueel wiene de earste blues nûmers tige simpel fan opbou: Ien sin dy't twa as trije kear werhelle wurde. Underwerpen wiene faaks de misêre fan it libben, mar wol meast mei in kwinkslach en de nedige (sels)spot.

Rebecca, Rebecca, get your big legs off of me,
Rebecca, Rebecca, get your big legs off of me,
It may be sending you baby, but it's worrying the hell out of me.

Fan1917 ôf begjinne ek jazzbands bluesstikken op te nimmen. De blues út de 20-er jierren soe it leitmotyf foar de Amearikaanske populêre muzyk wurde. Yn dy tiid waarden in soad opnames makke troch sjongers asBlind Lemon Jefferson,Blind Blake enRobert enLonnie Johnson. Ek froulike bluesartysten wiene yn dy tiid tige populêr, under harrenMamie Smith,Gertrude "Ma" Rainey,Bessie Smith, enVictoria Spivey.

Yn de 40-er en 50-er jierren naam mei de urbanisaasje, ek it brûken elektroanysk fersterke muzykynstruminten ta. Benammen yn stêden as Chicago wie de blues populêr mei as bekende artystenHowling Wolf enMuddy Waters. De elektroanyske blues soe úteinlikrock and roll opleverje.

Yn de jierren 60 en 70 wiene it artysten asEric Clapton,Janis Joplin,Eric Burdon enJimi Hendrix dy't sterk beynfloede waarden troch sawol de betide as elektroanyske,Chicago blues.

De filmThe Blues Brothers makke yn de 80-er jierren dat blues ek by in grut, jong publyk bekend waard.

Yn Nederlân wie it de DrintHarry Muskee dy't mei syn band ûnder de nammeCuby&Blizzards yn it clubsirkwy oan it begjin fan de santiger jierren furoare makke. Ek yn de muzyk fan âld-BlizzardHerman Brood wiene de blueswoartels faak noch goed te hearren.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Smokestack Lightin' Internet Bluesradio
It jier fan de Blues

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Blues&oldid=1028367"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp