Deblaumies (Cyanistes caeruleus) is in 11 sm grutte sjongfûgel út de famylje fan demiesfûgels (Paridae). De blaumies komt in protte foar ynJeropa enAazje.
De blaumies is goed wer te kennen, foaral oan syn blauwe krún. Fierder hat er wite wangen mei in swarte eachstreep. De fûgel hat in giele búk en in grienige rêch.
Lykas de meastemiezen is de blaumies inhoalebrieder. It wyfke leit 7-12aaien dy't se allinnich yn sa'n 2 wike útbriedt. De jongen wurde dêrnei noch 15-20 dagen troch beide âlden yn har nêst fuorre foar se útfleane.
Blaumiezen binne tige nijsgjirrich en leare ek maklik wat nijs oan. Bygelyks is bekend fan blaumiezen dat se fan molkeflessen de doppen stikken makken om by de rjemme op de molke te kommen. Dit keunstke waard foar it earst opmurken ynSouthampton ynGrut-Brittanje om 1920 hinne. De blaumiezen joegen dit keunstje troch oan soartgenoaten en yn1947 waard it in hiel Grut-Brittanje sjoen en ek by miezen ynNederlân,Sweden enDenemark. Om't de molke tsjintwurdich meast net mear troch de molkboer by de doar set wurde nimt dit ferskynsel de lêste tiid wer ôf.
De blaumies is fan âlds part fan it skaaiParus. Troch nije ûntwikkelings binne derornitologen (benammen Amerikanen) dy't de blaumies yn in apart skaai pleatse, nammentlikCyanistes. De binomiale namme wurdt danCyanistes caeruleus.