De haven fan BizerteDe Haven mei boatsjeminskenLoftfoto fan Bizerte (2008)
Bizerte ofBizerta (Arabysk: بنزرت,Benzart),Hippo yn deKlassike Aldheid, is in stêd yn it noarden fanTuneezje, yn itgûvernemintBizarte oan deMiddellânske See. It is de noardlikste stêd fanAfrika en leit 65 km benoardenTunis. It is ien fan de âldste plakken fan Tuneezje en waard stifte trochFenisyske hannelers fan de stêdSidon. De stêd wie it lêste plak dat ûnder Frânsk bestjoer wie, wylst de rêst fan it lân al ûnôfhinklik fanFrankryk wurden wie. De stêd hie 136.917 ynwenners yn 2014.
Romeinsk mozayk dy't it libben yn in fiskersdoarp ôfbyldet
Hippo is de latinisearre foarm fan inPunyske namme (Punysk: 𐤏𐤐𐤅𐤍, ʿpwn), mooglik besibbe oan it wurd 'ûbôn', dat "haven" betsjut. Om it fanHippo Regius, it hjoeddeistigeAnnaba ynAlgerije, te ûnderskieden heaken deGriken enRomeinen der ferskate bynammen oan ta, bygelyksHippo Akra enHippo Polis (Hippo de Stêd).Polybius neamde itHippo Diarrhytus (Gryksk: Ἱππὼν διάρρυτος,Hippōn Diárrhytos), dat betsjut "Hippo Ferdield-troch-it-Wetter", as ferwizing nei it promininte kanaal dat troch it plak rint. It plak ferskynt ek yn Romeinske, Fandaalske, en Byzantynske boarnen asHippo Zarytus. DeArabyske nammeBanzart (بنزرت) en deFrânske namme komme fan fonetyske ûntwikkelings fan de oarspronklike namme.
Neffens de oerlevering stiftenFenysjers fanSidon Bizerte om1100 f.Kr. hinne. It wie ynearsten in lytse Fenisyske hannelshaven yn it westlikeMiddellânske Seegebiet. It plak lei 30 km benoardenUtika en 50 km benoardwestenKartago. De stêd kaam letter ûnder de ynfloed fan Kartago en rekke belutsen yn deSisylaanske oarloggen. Nei'tAgatokles fan Syracuse ferslein waard, kaam Hippo fannijs ûnder Kartaachsk bestjoer. Ferskate Kartaachske generaals brûkten de haven fan Hippo as ûtfalsbasis yn dePunyske oarloggen.
Yn149 f.Kr. setten de earste Romeinske oanfallen út ein.Julius Caesar oermastere de stêd en nemade itHippo Diarrhytus. Underkeizer Augustus bloeide de stêd wer op en hold hannelskontakten meiOstia enRome. Letter yn de Romeinske tiid fersprate itkristendom him nei de stêd ta.
Fan534 oant642 wie de stêd yn hannen fan itByzantynske Ryk, nei't dy de Fandalen yn deFandaalske Oarloch fan 534 ferslein hiene. Hja bouden it fort fan Bizerte.
Arabyske legers namen Bizerte yn647 yn, mar de stêd kaam fannijs yn Byzantynske hannen oant dy yn 695-698 foargoed útNoard-Afrika ferdreaun waarden. Troepen fan keizerKarel V fan itHillige Roomske Ryk oermasteren de stêd yn1535 en deOttomanen namen de stêd yn1574 yn. De haven fan de stêd waard dêrnei troch deBarbarijske seerôvers brûkt.
Troch de besetting fan Tuneezje yn1881 krigeFrankryk kontrôle oer Bizerte en dy bouden dêr in grutte seehaven.
Yn deTwadde Wrâldkriich besetten Dútske en Italjaanske troepen Bizerte oant deAlliearden harren op7 maaie1943 wer ferdreaune. By de fjochterijen flechten in soad ynwenners fan de stêd nei it plattelân of nei Tunis. De stêd rekke swier skansearre yn de slach.
Nei deUnôfhinklikens fan Tuneezje woene de Frânsken Bizerte om syn strategyske lizzing hâlde. Yn july1963 ûntstiene der fjochterijen tusken Frânske en Tunezyske troepen, wêrnei't deFeriene Naasjes Frankryk ta in oerienkomst ta twongen. De lêste Frânske troepen ferlieten Bizerte op15 oktober 1963.
Hippo Diarrhytus is intitulêr bisdom fan deRoomsk-katolike tsjerke. Fan 1989-2002 wie Tadeusz Kondrusiewicz detitulêre biskop, dêrnei Jose Paala Salazar yn 2002–2004 en Manfred Grothe sûnt 14 oktober 2004. De stêd en bisdom Hippo Diarrhytus moatte net betiisd wurde mei dy fan Hippo Regius dêr't dehilligeAugustinus fan Hippo de biskop wie.
Bizerte leit oan de westkant fan in ynham fan de Middellânske See 15 km fan de kaapRas ben Sakke, dat it noardlikste punt fan Afrika is. It leit 20 km benoardeasten de marIchkeul, dat inWrâlderfgoed is, en 30 km benoarden de ruïnestêdUtika en 65 km benoarden de Tunezyske haadstêdTunis.
Bewesten de stêd lizze de útrinnende heuvels fan deTell Atlas dy't by de kust del rinne, dêr't de strannen fan Sidi Salem, La Grotte, Rasenjela, en Al Rimel binne. It hat in Middellânske Seeklimaat lykasSardynje enSisylje, ta tsjinstelling fan de kusten yn it suden fan it lân dêr't in drûch woastynklimaat it gânse jier troch is.
De stêd leit benoarden it kanaal fan Bizerte dy't de Middellânske See nei in tijmar,Lac le Bizerte, ferbynt.