Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Bismarck (Noard-Dakota)

Ut Wikipedy
Bismarck
Kapitool fan Noard-Dakota
Kapitool fan Noard-Dakota
Bestjoer
LânFeriene Steaten
SteatNoard-Dakota
CountyBurleigh County
Sifers
Ynwennertal61.272(2010)
Oerflak71 km²
Befolkingsticht.797,4 / km²
Stêdekloft108.779
Hichte514 m
Oar
Stifting1872
TiidsôneCST (UTC-6)
SimmertiidCDT (UTC-5)
Offisjele webside
Offisjele webstee fan Bismarck
Lizzing fan Bismarck yn Noard-Dakota

Bismarck is de haadstêd en op ien nei grutste stêd, neiFargo, fan deAmerikaanske steatNoard-Dakota. De stêd is ferneamd nei deDútske steatsmanOtto von Bismarck. Yn1872 waard de stêd stifte en wie sûnt1889 haadstêd fanNoard-Dakota. Yn2000 hat it plak 55.532 ynwenners.

Bismarck leit oan de eastigge fan de rivierMissoury, fuort tsjinoer it plakMandan.[1] De twa stêden binne it hert fan it Metropolitan Statistical Area Bismarck-Mandan .

It Kapitool fan Noard-Dakota is it heechste gebou fan steat, it stekt fier boppe it sintrum fan Bismarck út. De steatsoerheid hat goed 4000 minsken yn it wurk. Sûnensoarch, lyts- en middenbedriuw binne fan belang; Bismarck is it ekonomysk sintrum fan in grut part fan it midssúd Noard-Dakota en it midsnoarden fanSúd-Dakota.

Klimaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Sintrum Bismarck; Patterson Place (boud yn 1911 as it McKenzie Hotel) wie it heechste gebou yn de steat foardat it nije Kapitool set waard. It hat no âldereinwenten en in restaurant.

Yn jannewaris is de temperatuer trochstrings -6 °C en yn july is dat 29 °C. Yn de stêd falt by 't winter wol in protte snie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.dmr.nd.gov/ndgs/Publication_List/pdf/geoinv/GI_3.pdf
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Bismarck_(Noard-Dakota)&oldid=1091660"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp