Biology is de stúdzje fan it biologysk libben. It hâldt him dwaande mei de karakteristiken en gedragingen fan organismen, hoe't soarten en yndividuen ûntsteane, en hokfoar ynteraksje se mei elkoar en de omkanten hawwe. Biology wurdt rekkene ta deeksakte wittenskippen. Immen dy't him profesjoneel dwaande hâldt mei biology is inbiolooch.
Biology omfiemet in breed spektrum fan akademyske fjilden dy't faak sjoen wurde as selsstannige dissiplines. Meiïnoar bestudearje se it libben op ferskate skaal:
Ien fan de sintrale konsepten yn de biology is dat alle libben troch in proses fan evolúsje ôfstammet fan it earste mikro-organisme. De trochCharles Darwin formulearre evolúsjeteory, mei de troch him nei foarren brochtenatuerlike seleksje as meganisme, stiet oant hjoeddedei sintraal.Genetyske drift wurdt dêrby omearme as in addisjoneel meganisme yn de saneamdemoderne synteze. De evolúsjonêre histoarje fan in soart, dy't de karakteristiken fan foarôfgeande soart en de relaasje ta oare soarten beskriuwt, wurdtfylogeny neamd. It grut ferskaat oan wurkfjilden draacht by oan de ynformaasje yn de fylogeny, lykas: it fergelykjen fanDNA yn demolekulêre biology en it fergelykjen fanfossilen en oare resten fan âlde organismen yn depaleontology. Biologen organisearje en analisearje ferwantskip op ferskate wizen. Wichtige ûntwikkelingen yn de evolúsje binne gearfette deevolusjonêre tiidsline.
De wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de klassifikaasje fan libbensfoarmen wurdttaksonomy neamd. Ek de termensystematyk enkladistyk wurde hjir wol foar brûkt.
De biologyske taksonomy giet werom opCarolus Linnaeus yn de18e iuw en wie yn earste ynstânsje basearre opanatomyske fergeliking fan libbene wêzens, bisten, planten ensfh. Dit oarspronklike systeem dielde de wêzens yn ynsoarten (species),skaaien (genus),famyljes ( familia),skiften (ordo),klassen (classis),stammen (phylum) enriken (regnum), mar der waard dêrby oannommen dat soarten ûnferoarlik wiene.
Oer dizze yndieling ûntstie yn de 19e iuw in soad diskusje, omdat troch deevolúsjeteory fan Darwin oan dizze yndieling in nije diminsje tafoege waard, nammentlik dy fanstamferwantskip. Ek de stúdzje fan fossilen kaam yn dy tiid op. De faktor tiid en wannear der sprake is fan ferskillende soarten waarden belangrike ûnderwerpen fan diskusje. De klassike yndieling blykte op in soad punten net krekt te wêzen.
Yn de lêste jierren fan de20e iuw kaam der in tredde boarne fan ynformaasje beskikber,DNA-sibskip, meast fan libbene wêzens, mar ek fan in tal noch net al te lang lyn útstoarne soarten. De gefolgen fan dizze nije revolúsje binne no (2003) noch mar foar in part te oersjen.
Yn de moderne taksonomy wurdt besocht út dizze trije haadboarnen fan ynformaasje (anatomy, fossile foarmen en genetika) in sadanige systematyk op te setten, dat der allinne groepen (taksa, inkelfâldtakson) binne dy'tmonofyletysk binne, dat wol sizze dat:
de groep fan ien stamfoarm ôfstammet en
alle ôfstammelingen fan dy stamfoarm ta de groep hearre.