Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Bindi Irwin

Ut Wikipedy
Bindi Irwin
tillefyzje-en/of radiopersoanlikheid
Bindi Irwin yn 2011.
Bindi Irwin yn2011.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBindi Sue Irwin
nasjonaliteitAustralysk
berne24 july1998
berteplakBuderim (Queenslân)
etnisiteitIersk
Ingelsk
wurkpaad
wurksum aspresintatrise,aktrise,model,
natoerbeskermster,sjongster
mediumtillefyzje
bekend fanBindi the Jungle Girl
Crikey! It's the Irwins
jierren aktyf2000 – no
prizenEmmy Award 2008
offisjele webside
Bindi Irwin opTwitter

Bindi Irwin (folút:Bindi Sue Irwin;Buderim (Queenslân),24 july1998) is inAustralyskpresintatrise,dokumintêremakster,natoerbeskermster,miljeu-aktiviste,aktrise,sjongster enmodel. Hja is dedochter fan 'e tragyskferstoarnenatoerbeskermer endokumintêremakkerSteve Irwin en dy synwiddoTerri Irwin, de eigneresse fandieretúnAustralia Zoo. Irwin hat meiwurke oan ferskatedokumintêres,films,tillefyzjesearjes enrealitytillefyzjeprogramma's. Mei njoggen jier wûn se yn2008 inEmmy Award.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Irwin waard yn1998 berne ynBuderim, yn 'eAustralyske steatQueenslân, as dedochter fannatoerbeskermer endokumintêremakkerSteve Irwin, de eigner fan 'edieretúnAustralia Zoo, en dy synAmerikaanskefrouTerri Raines. Oan 'e kant fan harheit is se fanIersketnyskkomôf, wylst se fan har memme kantIngelsk en Ierskbloed hat. Irwin is fierders inpakesizzer fanherpetolooch ennatoerûndersikerBob Irwin en desuster fantillefyzjepersoanlikheid enfotograafRobert Irwin.

Bindi Irwin mei harmemTerri by opnamen foarBindi the Jungle Girl.

Bindi Sue Irwin harfoarnammen komme fan 'e beide favoritebisten fan har heit, deseekrokkedil Bindi, út Australia Zoo, en synStaffordshire bullterriër Sui, dy't op23 juny2004 mei fyftjin jier deagie. Neffens har heit soe 'Bindi' yn ien fan'e talen fan 'eAustralyske Aborizjinals 'jong famke' betsjutte. Al fan 'e tiid ôf dat se inpjut fan twa jier wie, kaam Bindi Irwin geregeldwei op 'etillefyzje, dêr't se figurearre yn har heitedokumintêrerigeThe Crocodile Hunter Diaries. Se krigethúsûnderwiis fan har mem oant se har yn2014 ynskreau oan 'eTAFE Queensland East Coast oan 'e eastlikekust fan Queenslân, dêr't se mei súkses inoplieding ynsakemanagement ôfrûne en neitiid úteinsette mei in opliedingtoerisme.

Tillefyzje- en filmkarriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn2002, doe't fjouwer jier wie, spile Bindi Irwin harsels yn 'eôfleveringWiggly Safari fan 'ebernesearjeThe Wiggles. Neitiidpresintearre se in 26-dieligenatoerdokumintêre foarbern mei astitelBindi the Jungle Girl, in produksje fan itDiscovery Kids-tillefyzjenetwurk. Yn 'e iere ôfleverings wie har heit faak te sjen, foar't er ynseptimber2006 omkaam doe't er by itGrutte Barriêrerif deastutsen waard troch inpylroch. Op 'ebegraffenis fan har heit hold Bindi Irwin inlykrede dy't se sels skreaun hie foar 5.000 manroufolk en in wrâldwiidpublyk fan 300 miljoen minsken.

Nei de dea fan har heit waard de produksje fanBindi the Jungle Girl in skoft stillein, foar't ynjuny2007 de earste ôflevering útstjoerd waard. Ta gelegenheid dêrfan presintearre Irwin op 'e Amerikaanske tillefyzje inspecial oer har heit, mei as titelMy Daddy the Crocodile Hunter. Yn2008 wûn Irwin deLogie Award yn 'e kategory populêrste nijefrouliketalint. Datselde jiers wûn se mei njoggen jier as jongste persoan ea ek in AmerikaanskeEmmy Award yn 'e kategory treflike artyst yn inbernesearje.

Yn2010 wurke Irwin foar it earst asaktrise, doe't se yn 'efilmFree Willy: Escape from Pirate's Cove derol fan Kirra Cooper spile. Yn2012 wie se te sjen as Sunday Clovers yn in ôflevering fan 'e rigeMy Babysitter's a Vampire, en datselde jiers wie se asstimaktrise te hearren yn in ôflevering fan 'etekenfilmsearjeCurious George. Yn2013 fertolke se dehaadrol fan Nim Rusoe yn 'e filmReturn to Nim's Island.

Bindi Irwin yn2011 mei harbroerRobert.

Yn2012 presintearre Irwin op 'e Australyske tillefyzje ek de natoerkwisBindi's Bootcamp, dy't opnommen waard yn Australia Zoo. Datselde jiers wurke se mei oan 'e dokumintêreSteve Irwin's Wildlife Warriors, oerWildlife Warriors, ingoeddiedichheidsorganisaasje dy't yn2002 troch har heit oprjochte wie. Fierders wie se yn2012 tegearre mei har broerRobert te sjen ynGrowing Up Wild, wêrby't se bisten út Australia Zoo sjen lieten op The Pet Collective, inYouTube-kanaal foar jonge bistefreonen. Yn2013 wie Irwin koart te sjen yn 'e Australyske ferzje fan 'erealitytillefyzjesearjeBig Brother, wêryn't se dielnimmer Tim besocht, dy't earder ferskate kearen ferteld hie hoe'n gruttefan fan har oft er wie.

Ynmaart2014 ferskynde Irwin mei har mem en broer yn it AmerikaanskepraatprogrammaGood Morning America, om oan te kundigjen dat Australia Zoo in partnerskip oangie mei itdolfinariumSeaworld. Dy beslissing kaam har op in soadkrityk te stean fanbisterjochte-akivisten fan organisaasjes asPETA, mei't Seaworld troch de dokumintêreBlackfish negatyf yn it nijs west hie yn ferbân meibistemishanneling. Likegoed waard Irwin ynoktober fan datselde jier troch itAustralysk Geografysk Selskip útroppen ta Jonge Natoerbeskermer fan it Jier.

Yn2015 wie Irwin ien fan 'e dielnimmers oan it 21eseizoen fan it AmerikaanskerealitytillefyzjeprogrammaDancing with the Stars. Dêrfoar foarme se in pear mei profesjoneeldûnserDerek Hough. Om't Irwin op dat stuit mei sechstjin jier nochminderjierrich wie, hie se spesjale tastimming nedich fan 'erjochter ynKalifornje om meidwaan te meien. Op24 novimber2015 wûnen Irwin en Hough definale fan it programma.

Irwin wie yn2016 as gastkwismaster te sjen yn 'etillefyzjekwisHave You Been Paying Attention? Yn2018 kaam se mei har memTerri en har broerRobert wer geregeldwei op 'e tillefyzje yn in dokumintêre dy't harren folge by harren aktiviteiten yn Australia Zoo en yn it ramt fan 'e wrâldwidenatoerbeskerming. De rige krige de nammeCrikey! It's the Irwins ("Sapperdekryk! Dêr Hast de Irwins", nei in typyskAustralysk-Ingelske útrop dy't har heit populêr makke hie).

Muzykkarriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Behalven asaktrise,presintatrise en oer-alles-tillefyzjepersoanlikheid is Bindi Irwin ek aktyf assjongster. Op27 novimber2006 brocht se hardebútalbum út dêr't har heit noch oan meiwurke hie, mei as titelBindi Kid Fitness with Steve Irwin and The Crocmen. Dêr hearde ek indvd meifitnessoefenings foar bern by. Irwin waard foar haralbum nominearre foar inARIA Music Award yn 'e kategory 'bêste berne-album'. Yn2007 folge in twadde album:Trouble in the Jungle. Dat wie de iennichstecd fan harres meinûmers dêr't se ynrapte.Trouble in the Jungle omfieme ek in liet dat se opdroech oan har heit, mei as titelMy Daddy the Crocodile Hunter.

In trêde album folge yn2008, mei as nammeBindi Kid Fitness Volume 2: Jungle Dance Party, op 'e nij mei in bygeande fitness-dvd foar bern. Ek diskear waard se nominearre foar inARIA Music Award foar bêste berne-album.Bindi Kid Fitness Volume 2: Jungle Dance Party wie de lêste kear dat se gearwurke mei deband The Crocmen, dy't noch troch har heit gearstald wie. Neitiid rjochte se in eigen band op, The Jungle Girls. Dêrmei brocht se yn2013 ûnder nammeBindi and The Jungle Girls: African Dance Party har fjirde album út. In fyfde en foarearst lêste album ferskynde yn2016, mei as titelBindi and The Jungle Girls: Bindi's Island Dance Party.

Bindi Irwin.

Diskografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
albums
  • 2006 –Bindi Kid Fitness with Steve Irwin and The Crocmen
  • 2007 –Trouble in the Jungle
  • 2008 –Bindi Kid Fitness Volume 2: Jungle Dance Party
  • 2013 –Bindi and The Jungle Girls: African Dance Party
  • 2016 –Bindi and The Jungle Girls: Bindi's Island Dance Party.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBindi Irwin fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Bindi_Irwin&oldid=1038818"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp