Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Billboard 200

Ut Wikipedy
Itlogo fanBillboard.

DeBillboard 200 is inAmerikaanske albumlist wêryn't de twahûndert meast ferkochtemuzykalbums enEP's werjûn wurde op folchoarder fan populariteit. De list wurdt eltsewike gearstald troch it toanoanjaandetydskriftBillboard. DeBillboard 200 wurdt gauris brûkt om 'e populariteit fan insjonger,sjongster ofband oan te jaan, bgl. troch it tal albums te neamen dat it earste plak yn 'e list helle hat. De list waard yn1956 ynsteld as in top 10-list, wêrnei't er stadichoan útwreide waard oant er ynmaaie1967 twahûndert plakken krige. DeBillboard 200 krige syn hjoeddeistigenamme pas ynmaart1992; earder hiet erBest-Selling Popular Albums (1956),Best-Selling Pop Albums (1956-1957),Best-Selling Pop LPs (1957-1960), deBillboard Top LPs (1961-1972), deBillboard Top LPs & Tapes (1972-1984), deBillboard Top 200 Albums (1984-1985) en deBillboard Top Pop Albums (1985-1992).

De albumlist is foar it meastepart basearre op Amerikaanskeferkeapsifers (sawol út 'e fysikedetailhannel as fiadigitaledownloads), en yn mindere mjitte (sûnt2014) ek op itstreamen fanmuzyk. Oarspronklik rûn de wyklikse perioade fan 'eBillboard 200 fanmoandei oant en mei snein, mar sûntjuly2015 rint er fanfreed (de dei dat demuzykyndustry wrâldwiid nije muzyk útbringt) oant en meitongersdei. De nije list wurdt dan opsneon publisearre. Albums dy't net yn 'e Feriene Steaten útbrocht binne, mar dêr wol kocht wurde kinne fiaymport, komme net foar in plak yn 'eBillboard 200 yn oanmerking. Foarhinne kamen ek albums dy't eksklusyf troch beskatebedriuwen ferkocht waarden (lykas desupermerkkeatlingWalmart of dekofjehûskeatlingStarbucks), net foar opname yn 'e list yn oanmerking, mar dy útsluting waard mei yngong fan17 novimber2007 opheft.

It album dat it langste op it earste plak yn 'eBillboard 200 stien hat, is desoundtrack fan 'efilmmusicalWest Side Story, dy't yn1962-1963 mar leafst 54 wiken efterinoar op it earste plak stie. Dêrnei komtThriller, fanMichael Jackson (37 wiken op nûmer 1 yn1983-1984), folge troch in dield trêde plak mei trije albums dy't 31 wiken op nûmer 1 stiene:Calypso fanHarry Belafonte (1956-1957), de soundtrack fanSouth Pacific (1958-1959) enRumours fanFleetwood Mac (1977-1978). Fan alle artysten hawweThe Beatles de measte nûmer 1-albums yn 'eBillboard 200 hân, te witten: 19.RapperJay-Z hie 14 nûmer 1-albums enBarbra Streisand enBruce Springsteen allebeide 11, folge trochElvis Presley enEminem mei 10. Rekkene sûnt1963 stiene The Beatles opteld de measte wiken op it earste plak (132), folge trochcountrysjongerGarth Brooks (52) en deKing of PopMichael Jackson (51).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Billboard_200&oldid=1128000"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp