Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Bier

Ut Wikipedy
Bier.

Bier is in lichtalkoholyske en koalsoerhâldende drank makke mei wetter, fermintearre mout en plantaardige bestândielen, lykas krûden en hop, (of ekstrakten dêrfan) dy't tsjinje foar de smaak en/of de hâldberens fan it bier. Bier is ien fan de âldste alkoholyske dranken fan de wrâld en de meast konsumearre dêrfan, en op wetter en tee nei de populêrste drank.

Der bestean ferskate wizen om bier te meitsjen. De meast brûkte metoade yn Europa en Noard-Amearika is it yn wetter fermintearje litten (alkoholyske gêsting) fan de mout fan koarn mei in gêst fan it geslacht Saccharomyces. Yn dit proses wurde koalsoergas en alkohol foarme. Foar it gêstjen wurde hopbellen, de froulike blommen fan hop, meisean as smaakmakker en konservearmiddel.

Fryslân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Bier wie oant yn de18e iuw noch folksdrank, al kamenkofje,tee,jenever enbrandewyn al op.Fryslân hie in soad ferneamde brouwerijen en biersoarten,Dokkumer- ofMaartebier,Knypster- enBiltbier. Fierders waard it swiereGrinzer bier enDimter bier noch nei1800 mei skipsladingen ynfierd. Nei it Grinzer Bier (ofKlúnbier) hiet in frachtskip fanGrins neiLjouwert noch lang Klúnkof. Jûns waard ek waarm bier meisjerp (ofhuning dronken, letter meisûker) en in snjit brandewyn.

Al yn de18e iuw ferfong deboerekofje it waarme bier. De lêste Fryske brouwers foar 1960 wienen Yde van der Meulen fanLjouwert en Ivo Hansma fanDokkum.

Anno 2023 binne der wer tsientallen aktive bierbrouwerijen yn Fryslân. Dat binne allegearre ambachtlike doarps-, steds- en mikrobrouwerijen. Guon fan dy brouwerijen binne feriene yn in kollektyfCRAFT.

Taal

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Byienkomsten dêr't bier skonken waard wienen:

  • Leedbier, by begraffenissen
  • Pannebier, by de bou fan in hûs
  • Flotbier, as in skip fan steapel rûn
  • Hynstebier, by ôfrekkenjen mei de hynstehâlder
  • Te bier gean, feestfiere yn deherberch

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBeer fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Bier&oldid=1111633"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp