De bienfiskeftigen foarmje de grutste groep fan 'efisken, en se ûnderskiede har fan oare groepen troch it hawwen fankaken, dy't ûntbrekke by dekaakleaze fisken (Agnatha), en inskelet fanbien, dêr't dekreakbienfisken (Chondrichthyes) net oer beskikke. In oar skaaimerk fan bienfiskeftigen is dat se inswimblaas hawwe kinne, dy't helpt om yn it lichem in neutrale balâns te hâlden tusken sinken en driuwen. By in prottesoarten mist sa'n swimblaas lykwols, wylst er him by delongfisken (Dipnomorpha) ûntwikkele hat ta primitivelongen. Fierders hawwe bienfiskeftigen inoperkulum, dat makket dat sesykhelje kinne sûnder dat se hoege te swimmen (yn tsjinstelling ta in prottekreakbienfisken, lykashaaien, dy't allegeduerigen swimmende bliuwe moatte, om't se oars stikke).
De bienfiskeftigen kinne opdield wurde yn twaklassen, nammentlik dekwastfinnigen (Sarcopterygii) en destrielfinnigen (Actinopterygii). Ut 'e kwastfinnigen binne de lânwringedieren fuortkommen, en dy klasse omfiemet tsjintwurdich noch mar acht libbene soarten, mei as bekendsten delongfisken (Dipnoi) en deselakanten (Latimeria). Fierwei de grutste subgroep wurdt sadwaande foarme troch de strielfinnigen, dêr't 99,9% fan alle bienfiskeftigen ta heart. Binnen de strielfinnigen foarmje debearseftigen (Perciformes) de grutste groep, mei 40% fan alle libbene fiskesoarten.