Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Beyoncé Knowles

Ut Wikipedy
Beyoncé Knowles
sjongeren/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBeyoncé Giselle Knowles-Carter
nasjonaliteitAmerikaansk
berne4 septimber1981
berteplakHouston (Teksas)
etnisiteitAfro-Amerikaansk
Lousiaansk-Kreoalsk
Yndiaansk
Cajun
Frânsk
Iersk
wurkpaad
sjenreR&B,dance,hiphop,soul
sjongtaalIngelsk,Spaansk
grutste hit(s)Crazy in Love
Irreplaceable
Single Ladies (Put a Ring on It)
If I Were a Boy
Halo
jierren aktyf1997 – no
prizen20Grammy Awards
Emmy Award 2013
offisjele webside
beyonce.com

Beyoncé Knowles (útspr.: /biːˈjɒnseɪ: noʊlz/; folút:Beyoncé Giselle Knowles-Carter, en ek wol simpelwei bekend as:Beyoncé;Houston (Teksas),4 septimber1981), is inAmerikaansksjongster,dûnseresse,lietsjeskriuwster,goreografe,aktrise,regisseur,muzykprodusinte,moadeûntwerpster en ûndernimster fan mingdetnysk komôf. Hja naam as bern diel oan ferskate sjong- en dûnswedstriden, en briek oan 'e ein fan 'e njoggentiger jierren troch as delead-sjongster fan 'e fammegroepDestiny's Child. Yn2003 fêstige Knowles mei har debútalbumDangerously in Love har solokarriêre, dat nei it útinoar fallen fanDestiny's Child, yn2005, koe hja daliks in trochstart meitsje. Mei 20Grammys, inEmmy, 75 miljoen ferkochte platen as solo-artyste en dêropta nochris 60 miljoen as lid fanDestiny's Child is Knowles ien fan 'e grutste en bêstferkeapjende muzykartysten aller tiden. Njonken har sjongkarriêre hat hja har ek oppenearre as aktrise, wêrby't se û.m. de opDiana Ross basearre rol fanlead-sjongster yn in jierren-sechtichfammegroep fertolke yn 'e filmDreamgirls. Guon fan har bekendste nûmers binneCrazy in Love,Irreplaceable,Single Ladies (Put a Ring on It),If I Were a Boy enHalo.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Beyoncé Knowles waard yn1981 berne ynHouston, yn 'esteatTeksas, as de dochter fanMathew Knowles, it haad ferkeap bykopiëarmasinefabrikantXerox, enCelestine Ann "Tina" Beyincé, de eigneresse fan inkapsalon. Har ûngebrûklike foarnamme is in tribút oan har memme famkesnamme. Hja hat in jongere suster,Solange, dy't ek sjongster is. Oan har heitekant is hja fanAfro-Amerikaansk komôf, en oan har memmekant grutdiels fanLouisiaansk-Kreoalsk komôf, fermongen meiYndiaansk,Cajun,Frânsk enIersk bloed. Ien fan har foarâlden wie deAkadyske foaroanmanJoseph Broussard, byneamdBeausoleil.

Knowles (m.) en har mem Tina Knowles (lofts fan har) by de iepening fan itBeyoncé Cometology Center, yn2010.

Op 'elegere skoalle, ynFredericksburg, folge Knowles aldûnslessen. It wie ek dêr, dat har sjongtalint ûntdutsen waard. Mei sân jier wûn hja in talintejacht foar skoallearlingen, wêrby't hja bern fan fyftjin en sechstjin jier fersloech. Sadwaande skreaune har âlden har yn1990 yn op 'eParker Elementary School yn Houston, dêr't in grut diel fan it lesprogramma opmuzyk rjochte wie. Dêrnjonken song Knowles ek yn intsjerkkoar. Mei acht jier foarmen Knowles, har kammeraatskeKelly Rowland en fjouwer oare famkes nei in audysje de fammegroepGirl's Tyme. Koarte tiid letter die dy groep mei oan 'e talintejachtStar Search, dy't yn 'e Feriene Steaten útstjoerd waard op 'e nasjonaletillefyzje, mar se foelen bûten de prizen.

Yn1995 joech Knowles har heit syn baan op om foltiids manager fanGirl's Tyme te wurden. Dêrtroch waard syn ynkommen mei de helte werombrocht, en fan gefolgen moast it gesin Knowles harren hûs ferkeapje en kamen Beyoncé har âlden yn aparte apartemintsjes te wenjen. Ien fan Mathew Knowles syn earste besluten as manager wie om 'e leden fan 'e groep werom te bringen fan seis nei fjouwer. De trochbraak fanGirl's Tyme bleau út, en doe't de finansjele swierrichheden dêrtroch oanboazen, rekke de relaasje fan Knowles har âlden yn swierwaar. Yn1996 koe de groep troch in oerienkomst meiSony Music einlings begjinne mei it opnimmen fan it debútalbum, wat late ta in fermoedsoening binnen de Knowles-famylje. Koarte tiid letter wist Mathew Knowles foar de famkes in kontrakt byColumbia Records yn 'e wacht te slepen.

In optreden fanDestiny's Child.

Girl's Tyme feroare yn1996 syn namme ynDestiny's Child ("Bern fan it Lot"), op grûn fan in passaazje út it boekJesaja, dy't útkeazen wie troch Knowles harbibelfêste mem. Yn1997 waard it earsteliet by in grut muzyklabel útbrocht:Killing Time, dat ûnderdiel útmakke fan 'esoundtrack fan 'e súksesfolleHollywood-filmMen in Black. It jiers dêrop kaam it debútalbum út, dat ek fanDestiny's Child hiet, mei dêrop û.m. de earste grutte hit fan 'e groep: it nûmerNo, No, No. It twadde album,The Writing's on the Wall (1999) waard ferskate kearenplatina, en befette nûmers asBills, Bills, Bills,Jumpin' Jumpin'enSay My Name. Dat lêste nûmer waard ien fan 'e grutste hits fanDestiny's Child, dêr't de groep syn earste beideGrammy Awards mei binnenhelle. Wrâldwiid waarden der fanThe Writing's on the Wall mear as 8 miljoen eksimplaren ferkocht.

Om dy tiid hinne ûntstie der rebûlje yn 'e band, doe't twa fan 'e fjouwer leden,LaTavia Roberson enLeToya Luckett, har nocht krigen fan 'e Mathew Knowles syn oerhearskjende hâlding. Hja ferlieten úteinlik de groep en waarden ferfongen trochFarrah Franklin enMichelle Williams. Yn 'emedia krige Beyoncé Knowles de skuld hjirfoar op 'e lea skood en har langjierrige freon makke der de ferkearing om út, dat fan gefolgen rekke hja swierdepressyf, wat ferskate jierren oanhold. Franklin koe al rillegau wer opstappe, enDestiny's Child gie fierder mei inkeld Knowles, Kelly Rowland en Michelle Williams. Yn dy gearstalling naam de band it nûmerIndependent Woman Part I op, dat ûnderdiel útmakke fan 'esoundtrack fan 'e filmCharlie's Angels, en dat alve wiken efterinoar op nûmer 1 stie yn 'e Amerikaanske hitlisten. Yn2001 kaam it albumSurvivor út, mei as grutste hitsBootylicious en de titelsongSurvivor, dy'tDestiny's Child op 'e nij inGrammy Award opsmiet. Mar nei't ynoktober2001 itkrystalbum8 Days of Christmas útbrocht wie, waard oankundige datDestiny's Child foarearst stillein waard, sadat de bandleden elts in solokarriêre prebearje koene.

Beyoncé Knowles by in optreden ûnder it nûmerBaby Boy, yn2003.

Knowles har earste muzykopname los fanDestiny's Child wie har bydrage oan it nûmer’03 Bonnie & Clyde, fanrapperJay-Z, ynoktober2002. Har earste solo-album, mei as titelDangerously in Love, kaam út ynjuny2003, nei't sawol Michelle Williams as Kelly Rowland in eigen album publisearre hiene. FanDangerously in Love, dat boppe-oan yn 'e albumlisten binnenkaam, giene allinnich al yn 'e earste wike 317.000 eksimplaren oer de toanbank. Uteinlik soene der wrâldwiid mear as 11 miljoen eksimplaren fan ferkocht wurde, wêrmei't it yn 'e Feriene Steaten fjouwer kear platina waard, ynAustraalje enGrut-Brittanje trije kear platina en ynDútslân,Kanada enNij-Seelân ien kear platina. De meast súksesfolle nûmers wieneCrazy in Love,Baby Boy,Naughty Girl enMe, Myself and I. Ein2003 gie Knowles op toernee ynJeropa en lettere ek yn 'eFeriene Steaten, en op1 febrewaris2004 waard hja útornearre om it Amerikaanskefolksliet te sjongen oan it begjin fan 'eSuper Bowl, de bêst besjoene Amerikaanskesportwedstryd fan it jier.

Hoewol't Knowles eins fan doel west hie om daliks in twadde solo-album út te bringen, lei se dat wurk earst oan kant om mei Rowland en Williams in lêste album fanDestiny's Child te meitsjen. Dat album,Destiny Fulfilled, kaam ynnovimber2004 út, mei as grutste hitsSoldier enLose My Breath. Neitiid gie de groep op in wrâldtoernee, wêrby't Kelly Rowland op11 juny2005 ynBarseloana oankundige dat oan 'e ein fan it toernee definityf it doek falle soe foarDestiny's Child.

Beyoncé Knowles sjongtSingle Ladies (Put a Ring on It, yn2009.

Ynseptimber2006 brocht Knowles har twadde solo-album út,B'Day, dêr't yn 'e earste wike 541.000 eksimplaren fan ferkocht waarden. Delead-singleDéjà Vu, mei rapper Jay-Z, die it tige goed yn 'e Feriene Steaten, mar ynternasjonaal wie it nûmerIrreplaceable in folle grutter súkses. Nei har earste wrâldtoernee as solo-artyste, wêrmei't se mear as $24 miljoen fertsjinne, brocht KnowlesB'Day op 'e nij út mei fiif ekstra nûmers, wêrûnderBeautiful Liar, in duët meiShakira. Har trêde studio-album,I Am... Sasha Fierce, folge in lyts jier letter, ynapril2008. Dêrop yntrodusearre Knowles haralter ego, "Sasha Fierce", in personaazje dat se optocht hie ûnder it meitsjen fan 'e singleCrazy in Love, yn2003.I Am... Sasha Fierce kaam yn 'e Amerikaanske albumlisten op it earste plak binnen, en omfieme û.m. de ûnbidich grutte hitSingle Ladies (Put a Ring on It), mei infideoklip dy't ikoanysk wurden is, en teffens oare súksesnûmers asIf I Were a Boy enHalo.

Nettsjinsteande it grutte súkses fan it nûmer wûnSingle Ladies by de útrikking fan 'eMTV Video Music Awards de priis yn 'e kategory bêste fideoklip fan in froulike artyst net. Dy gie nammentlik neiYou Belong with Me, fancountry-popsjongsterTaylor Swift. Dit late ta inopsjen jaand ynsidint, wêrby't sjongerKanye West tige ûnfatsoenlik it tankwurd fan Swift ûnderbriek om syn miening te oppenearjen dat de priis eins oan Knowles takaam. Knowles makke dy sneue behanneling letter goed troch, doe't sy yn in oare kategory àl yn 'e prizen foel, net in eigen tankwurd út te sprekken, mar Swift wer op it poadium te heljen om har nochris yn it sintsje te setten.

Beyoncé Knowles by in optreden ynMontreal, yn2013.

Yn2009 gie Knowles op 'e nij op wrâldtoernee, en helle dêrmei $119,5 miljoen op. Yn2010 wurke se mei oanTelephone, in single en fideoklip fanLady Gaga, dy't nominearre waard foar inGrammy Award. Datselde jiers joech Knowles oan dat se, op advys fan har mem, har sjongkarriêre eefkes in hoartsje stilsette. Dat skoftsjen duorre njoggen moannen, en yn dy tiid brocht Knowles benammen in soad tiid troch mei har man, en fierders reizge se in protte, wêrby't se û.m. deSineeske Muorre, dePiramiden fan Giza,Austraalje,Ingelân en in ferskaat oanmuseä enballetfoarstellings besocht. Ynjuly2011 publisearre Knowles in eigenskreaun ferslach fan har aktiviteiten yn har skoft, ûnder de titelEat, Play, Love, yn ittydskriftEssence, dêr't se in skriuwpriis mei wûn fan 'eNew York Association of Black Journalists.

Har fjirde album, mei de ûntsjinsisber tapaslike titel4, brocht Knowles út ynjuny2011. Ek dycd kaam wer op it earste plak yn 'e Amerikaanske albumlisten binnen. Foarôf hie se twa singles fan4 útkomme litten:Run the World (Girls) enBest Thing I Never Had, wêrmei't se tuskenbeiden súkses hie. De fjirde single,Love on Top, waard in kommersjeel súkses yn 'e Feriene Steaten, mar oer it gehiel nommen die4 it minder goed as Knowles har eardere albums.

Knowles by it sjongen fan it nûmerRun the World (Girls), yn2011.

Ynjannewaris2013 song Knowles it Amerikaanske folksliet by de twadde ynauguraasje fanBarack Obama as presidint, en in moanne letter trede se ynNew Orleans op yn it skoft fan 'eSuper Bowl, mei in show wêrfoar't se neitiid inEmmy Award wûn, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis, yn 'e kategory bêste beljochting. Fanapril2013 oantmaart2014 gie se wer op wrâldtoernee, en op13 desimber2013 oerfoel se har fans troch sûnder foarôfgeande promoasjekampanje har fyfde studio-album,Beyoncé, út te bringen. Ek dy cd kaam op nûmer 1 binne yn 'e Amerikaanske albumlisten, en dat makke Knowles ta de earste frou ea dy't fiif albums efterinoar op it earste plak hân hie. Fan 'e singles dieDrunk in Love, mei in gastoptreden fanJay-Z, it it bêst.

Knowles yn2006, op 'e premiêre fan 'e filmDreamgirls.

Mei har aktearkarriêre sette Knowles yn2001 útein mei detillefyzjefilmCarmen: A Hip Hopera, in moderne ynterpretaasje fan 'e bekendeoperaCarmen, fan 'enjoggentjinde-iuwskeFrânskekomponistGeorges Bizet. Yn2002 hie se ien fan har bekendste rollen as Foxxy Cleopatra yn 'eMike Myers-komeedzjeAustin Powers in Goldmember. It jiers dêrop spile Knowles meiCuba Gooding jr. yn 'e komyskemusicalThe Fighting Temptations, dy't net al te bêsteresinsjes krige, mar yn 'e Feriene Steaten dochs in winst fan $30 miljoen makke. Neitiid spile se ek yn 'eremake fanThe Pink Panther, meiSteve Martin.

Yn2006 makke Knowles namme mei de filmDreamgirls, mei û.o.Eddie Murphy, oer in fammegroep út 'e jierren sechstich dy't basearre wie opThe Supremes, mei Knowles as in personaazje basearre opDiana Ross. Foar dy rol krige hja tige loovjende kritiken en waard hja nominearre foar inGolden Globe. In oare heech oanskreaune rol fan Knowles wie dy fanbluessjongsterEtta James yn 'ebiografyske filmCadillac Records, út2008. Har rol yn 'eskrillerObsessed, út2009, waard troch de kritisy in stik minder wurdearre, mar dy film makke lykwols in winst fan $68 miljoen (op in budget fan $20 miljoen).

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Behalven assjongster,dûnseresse (yn har fideoklips) enaktrise is Beyoncé Knowles ek aktyf aslietsjeskriuwster,stimaktrise,goreografe,muzykprodusinte, ûndernimster enregisseur en produsinte fan fideoklips endokumintêres. Har dokumintêre fan spylfilmlingteLife Is But a Dream waard op16 jannewaris2013 foar it earst útstjoerd, opHBO. Dat is in film oer harsels, wêrfoar't se û.m. ek gebrûk makke fan amateurbylden út har jonkheid. De sjogger kriget Beyoncé Knowles te sjen as bern, as sjongster, as oarehelte, mem en sakefrou, by it opnimmen fan in plaat en by it repetearjen foarlive-optredens.

Beyoncé Knowles.

Op it mêd fanreklamespotsjes hat Knowles sûnt2002 in fêst kontrakt meiPepsi Cola. Dêrnjonken hat se û.m. decreditcards fanAmerican Express, dekompjûterspultsjes fanNintendo DS, dekosmetika fanL'Oréal en itrûkersguod fanTommy Hilfiger enEmporio Armani oanpriizge. Yn2010 brocht se ûnder de nammeHeat foar it earst in eigen parfum op 'e merk, folge trochHeat Rush ynfebrewaris2011, enPulse letter dat jiers. De yn totaal seis edysjes fanHeat binne op 't heden wrâlds bêstferkeapjende rûkersguod fan in ferneamd persoan, mei ferkeapsifers fan boppe de $400 miljoen. Yn2005 begûnen Knowles en har mem tegearre, ûnder de nammeHouse of Deréon, frouljusmoade te meitsjen. It merk is ferneamd nei Knowles har beppe oan memmekant, Agnèz Deréon, dy't yn har tiid in heech yn oansjen steand naaister wie yn New Orleans. De kolleksje omfiemet sportklean,denim meibûnt, en frouljusklean mei asseswares, lykashântaskes enskuon.

Knowles mei har manJay-Z, by in mienskiplik optreden.

Knowles begûn in relaasje meirapperJay-Z nei harren gearwurking foar syn single’03 Bonnie & Clyde, yn2002. Hja trouden bûten de publisiteit om, op4 april2008, en steane derom bekend dat se as troud pear tige op har privacy steld binne. Earne yn2010 of begjin2011 krige Knowles inmiskream, in ûnderfining dy't se neitiid omskreau as it fertrietlikste dat har ea oerkomd wie. Ynapril2012 rekke se ynParys, dêr't se wiene foar opnamen foar de omslach fan har album4, ûnferwachts werswier. Dat bliere nijs brocht Knowles út oan 'e wrâld troch oan 'e ein fan har optreden op 'e útrikking fan 'eMTV Video Music Awards fan dat jier de mikrofoan falle te litten en har bloeske iepen te knoopjen om har groeiendebúk sjen te litten. Op7 jannewaris2012 befoel se ynNew York fan har dochter Blue Ivy Carter.

Underwilens hie Knowles har heit in oardeljierrige affêre hân mei aktriseAlexsandra Wright, dy't ynfebrewaris2010 Knowles har healbruorke Nixon te wrâld brocht. Doe't dat oan it ljocht kaam, wie it de deastek foar ithoulik fan har âlden, en ynnovimber2011 skieden dy nei 31 jier byinoar west te hawwen. Knowles ferbriek dêrnei alle saaklike bannen mei har heit, al hâldt se út dat se inoar privee noch wol sjogge.


Knowles stiet ek bekend om hargoeddiedichheidsprojekten. Sa rjochte se yn2005, nei de evakuaasje en ferrinnewearring fan New Orleans troch deorkaanKatrina, meiKelly Rowland deSurvivors Foundation op, om tydlik ûnderdak foar de evakuees yn Houston te fersoargjen. Dystifting bestiet noch altyd en hat syn wurkterrein sûnt ek útwreide nei oare projekten. Nei deswiere ierdskodding opHaïty, yn2010, die Knowles mei oan 'e helpaksje foar dat lân, dy't organisearre wie troch akteurGeorge Clooney en muzikantWyclef Jean. Datselde jiers iepenen Knowles en har mem itBeyoncé Cosmetology Center yn itPhoenix House, in opfangtehûs foardrugsferslaafden yn 'e Newyorkske wykBrooklyn, dêr't de bewenners in sân moannen duorjende oplieding ynkosmetology folgje kinne.

Diskografy (as solo-artyste)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Studio-albums
JierTitelPrizen en nominaasjesResultaat
2003Dangerously in LoveGrammy Award foar bêste kontemporêne R&B-album
Soul Train Music Award foar bêste R&B/soul-album fan in froulike artyst
Premio Amigo foar bêste ynternasjonale album
nom. foar inAmerican Music Award foar bêste soul/R&B-album
nom. foar inMTV Europe Music Award foar bêste album
nom. foar inSoul Train Music Award foar album fan it jier
nom. foar inBRIT Award foar bêste ynternasjonale album
nom. foar inMOBO Award foar bêste album
Feriene Steaten: 4x platina
Austraalje: 3x platina
Grut-Brittanje: 3x platina
Dútslân: platina
Kanada: platina
Nij-Seelân: platina
wrâldwiid: platina
2006B'DayGrammy Award foar bêste kontemporêne R&B-album
nom. foar inAmerican Music Award foar bêste soul/R&B-album
nom. foar inSoul Train Music Award foar bêste R&B/soul-album fan in froulike artyst
nom. foar inNAACP Image Award foar treflik album
Feriene Steaten: 3x platina
Grut-Brittanje: platina + goud
Austraalje: platina
Ierlân: platina
Kanada: platina
Nij-Seelân: platina
Dútslân: goud
Switserlân: goud
2008I Am... Sasha FierceGrammy Award foar bêste kontemporêne R&B-album
Soul Train Music Award foar album fan it jier
nom. foar inGrammy Award foar album fan it jier
nom. foar inAmerican Music Award foar bêste soul/R&B-album
nom. foar inNRJ Music Award foar ynternasjonaal album fan it jier
nom. foar inMOBO Award foar bêste album
nom. foar inTeen Choice Award foar favorite album fan in froulike artyst
nom. foar inNAACP Image Award foar treflik album
Grut-Brittanje: 5x platina
Austraalje: 3x platina
Kanada: 3x platina
Feriene Steaten: 2x platina
Ierlân: 2x platina
Nij-Seelân: 2x platina
Dútslân: platina
Switserlân: goud
20114Billboard Music Award foar bêste R&B-album
nom. foar inAmerican Music Award foar bêste soul/R&B-album
nom. foar inPeople's Choice Award foar favorite album
nom. foar inSoul Train Music Award foar album fan it jier
nom. foar inGrammis Award foar bêste ynternasjonale album
nom. foar inNAACP Image Award foar treflik album
Grut-Brittanje: 2x platina
Feriene Steaten: platina
Austraalje: platina
Ierlân: platina
Kanada: goud
Nij-Seelân: goud
2013BeyoncéGrammy Award foar bêstesurround sound-album
American Music Award foar bêste soul/R&B-album
Soul Train Music Award foar album fan it jier
nom. foar inGrammy Award foar bêsteurban contemporary-album
nom. foar inGrammy Award foar album fan it jier
nom. foar inBillboard Music Award foar bêsteBillboard 200-album
nom. foar inBillboard Music Award foar bêste R&B-album
nom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste album
Feriene Steaten: 2x platina
Austraalje: platina
Grut-Brittanje: platina
Kanada: platina
Nij-Seelân: platina
Ierlân: goud
Switserlân: goud
2016Lemonade
Live-albums
JierTitelPrizen en nominaasjesResultaat
2004Live at Wembleyn.f.t.n.f.t.
2007The Beyoncé Experience Liven.f.t.n.f.t.
2009I Am... Yoursn.f.t.n.f.t.
2010I Am... World Tournom. foar inGrammy Award foar bêste fideoklip (lange foarm)n.f.t
2019Homecoming: The Live Album
Extended Plays
JierTitelPrizen en nominaasjesResultaat
2004True Star: A Private

Performance

2007Irreemplazablen.f.t.n.f.t.
2011Heat
20124: The Remixn.f.t.n.f.t.
2014Moren.f.t.n.f.t.
Kompilaasje-albums
JierTitelPrizen en nominaasjesResultaat
2008Dangerously in Love / Live at Wembleyn.f.t.n.f.t.
2009Above and Beyoncén.f.t.n.f.t.
Eigen singles
JierTitelPrizen en nominaasjesResultaat
2002Work It Outnom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste fideoklip út in filmAustraalje: goud
2003Fighting Temptation(meiMissy Elliott,MC Lyte enFree)n.f.t.n.f.t.
Crazy in Love(meiJay-Z)Grammy Award foar bêste R&B-liet
Grammy Award foar bêste rap/sang-gearwurking
BET Award foar bêste gearwurking
MTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
MTV Video Music Award foar bêste R&B-fideoklip
MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip
MTV Europe Music Award foar bêste liet
MTV Video Music Award Japan foar bêste gearwurking
International Dance Music Award foar bêste R&B/urban-nûmer
Vibe Award foar coolste gearwurking
MuchMusic Video Award foar ynternasjonale fideoklip fan it jier
Teen Choice Award foar favorite leafdesliet
Teen Choice Award foar favorite simmerliet
ASCAP Award foar meast útfierde popliet
ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
BMI Pop Music Award foar meast útfierde liet
BMI Urban Music Award foar bêste liet
nom. foar inGrammy Award foar plaat fan it jier
nom. foar de publykspriis fan 'eMTV Video Music Awards
nom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
nom. foar inSoul Train Music Award foar bêste R&B/soul-single fan in froulike artyst
nom. foar inBET Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar de publykspriis fan 'eBET Awards
nom. foar inMOBO Award foar bêste fideoklip
nom. foar inMOBO Award foar bêste single
nom. foar inVibe Award foar hipste fideoklip
nom. foar inNAACP Image Award foar treflik liet
nom. foar inNAACP Image Award foar treflike fideoklip
Feriene Steaten: platina
Austraalje: platina
Grut-Brittanje: goud
Nij-Seelân: goud
Baby Boy(meiSean Paul)ASCAP Award foar meast útfierde popliet
ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
BMI Pop Music Award foar meast útfierde liet
BMI Urban Music Award foar bêste liet
Feriene Steaten: platina
Austraalje: platina
Me, Myself and IASCAP Award foar meast útfierde popliet
ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
ASCAP Award foar poplietsjeskriuwer fan it jier
nom. foar inGrammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in froulike artyst
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste R&B-fideoklip
nom. foar inVibe Award foar bêste R&B-liet
nom. foar inVibe Award foar hipste fideoklip
n.f.t.
Summertime(meiP. Diddy)n.f.t.n.f.t.
2004Naughty GirlMTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
ASCAP Award foar meast útfierde popliet
ASCAP Award foar poplietsjeskriuwer fan it jier
BMI Pop Music Award foar meast útfierde liet
BMI London Award foar bêste popliet
BMI London Award foar bêsteurban-liet
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêstedance-fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste sinematografy yn in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip
nom. foar inMTV Australia Music Award foar bêste R&B-fideoklip
nom. foar inMTV Australia Music Award foar meast seksy fideoklip
nom. foar inSoul Train Music Award foar bêste R&B/soul-single fan in froulike artyst
Feriene Steaten: goud
Austraalje: goud
The Closer I Get to You(meiLuther Vandross)Grammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in duo of groepn.f.t.
2005Wishing on a Starnom. foar inGrammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in froulike artystn.f.t.
Check on It(meiSlim Thug)MTV Video Music Award foar bêste R&B-fideoklip
ASCAP Award foar meast útfierde popliet
ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
ASCAP Award foarsoundtrack-liet fan it jier
BMI Pop Music Award foar bêste liet
nom. foar inBET Award foar bêste duët/gearwurking
nom. foar inBET Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar inInternational Dance Music Award foar bêste rap/hiphop-nûmer
Feriene Steaten: goud
Kanada: goud
2006Déjà Vu(meiJay-Z)MOBO Award foar bêste fideoklip
MOBO Award foar bêste liet
nom. foar inGrammy Award foar bêste R&B-liet
nom. foar inGrammy Award foar bêste rap/sang-gearwurking
nom. foar inMTV Australia Music Award foar bêste gearwurking
nom. foar inMTV Australia Music Award foar meast seksy fideoklip
nom. foar inBET Award foar bêste gearwurking
nom. foar inInternational Dance Music Award foar bêste R&B/urban-nûmer
nom. foar inInternational Dance Music Award foar bêste pop/dance-nûmer
Feriene Steaten: goud
Ring the Alarmnom. foar inGrammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in froulike artystFeriene Steaten: goud
IrreplaceableBET Award foar fideoklip fan it jier
Soul Train Music Award foar bêste R&B/soul-single fan in froulike artyst
ASCAP Award foar meast útfierde popliet
ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
BMI Pop Music Award foar bêste liet
BMI London Award foar bêste popliet
BMI London Award foar bêsteurban-liet (2007 & 2008)
Robert S. Musel Award
Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite liet
nom. foar inGrammy Award foar plaat fan it jier
nom. foar inMTV Video Music Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar inMTV Australia Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
nom. foar inMTV Australia Music Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar inPeople's Choice Award foar favorite popliet
nom. foar inSoul Train Music Award foar bêste R&B/soul/rap-fideoklip
nom. foar de publykspriis fan 'eBET Awards
nom. foar inVibe Award foar liet fan it jier
nom. foar inNAACP Image Award foar treflik liet
nom. foar inNAACP Image Award foar treflike fideoklip
Feriene Steaten: 2x platina
Kanada: 2x platina
Austraalje: platina
Nij-Seelân: platina
Grut-Brittanje: goud
2007Listennom. foar inGolden Globe foar bêste orizjinele liet út 'esoundtrack fan in film
nom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste fideoklip út in film
nom. foar inNickelodeon Kids' Choice Award, UK foar favorite fideoklip fan in MTV-hit
Grut-Brittanje: sulver
Amor Gitano(meiAlejandro Fernández)Premio Amigo foar meast downloade liet
Premio Amigo foar liet fan it jier
n.f.t.
Beautiful Liar(meiShakira)MTV Video Music Award foar meast ierdskokkende gearwurking
MTV Platinum Play Award foar meast draaide nûmer
BMI London Award foar bêste popliet
BMI London Award foar bêstedance-liet
nom. foar inGrammy Award foar bêste popsang-gearwurking
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste rezjy fan in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste editing fan in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip
nom. foar inMTV Europe Music Award foar meast ferslavende nûmer
nom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste gearwurking
nom. foar inPeople's Choice Award foar favorite R&B-liet
nom. foar inMuchMusic Video Award foar ynternasjonale fideoklip fan it jier
nom. foar inBET Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar inNAACP Image Award foar treflike fideoklip
Feriene Steaten: platina
Austraalje: goud
Grut-Brittanje: goud
Dútslân: goud
Nij-Seelân: goud
Get Me BodiedASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
nom. foar inVibe Award foar fideoklip fan it jier
n.f.t.
Green Lightn.f.t.n.f.t.
Until the End of Time(meiJustin Timberlake)ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-lietFeriene Steaten: goud
2008If I Were a BoyBMI Pop Music Award foar bêste liet
nom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
nom. foar inBET Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar inNAACP Image Award foar treflike fideoklip
Austraalje: 3x platina
Feriene Steaten: 2x platina
Kanada: 2x platina
Grut-Brittanje: platina
Nij-Seelân: platina
Switserlân: platina
Dútslân: goud
Single Ladies (Put a Ring on It)Grammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in froulike artyst
Grammy Award foar bêste R&B-liet
Grammy Award foar plaat fan it jier
Billboard Music Award foar bêste fideoklip fan it desennium
MTV Video Music Award foar bêste editing fan in fideoklip
MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip
MTV Video Music Award foar fideoklip fan it jier
MTV Europe Music Award foar bêste fideoklip
Soul Train Music Award foar liet fan it jier
BET Award foar fideoklip fan it jier
MOBO Award foar bêste fideoklip
Teen Choice Award foar favorite R&B-nûmer
ASCAP Award foar meast útfierde popliet
ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite liet
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste popfideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste rezjy fan in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste kamerarezjy yn in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêstespecial effects yn in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste sinematografy yn in fideoklip
nom. foar inMTV Australia Music Award foar bêste fideoklip
nom. foar inMTV Australia Music Award foar bêste dûns
nom. foar inSoul Train Music Award foar plaat fan it jier
nom. foar inMuchMusic Video Award foar ynternasjonale fideoklip fan it jier
nom. foar inUK Music Video Award foar bêste pop-fideoklip
nom. foar de publykspriis fan 'eBET Awards
nom. foar inInternational Dance Music Award foar bêste R&B/urban-nûmer
nom. foar inNAACP Image Award foar treflik liet
nom. foar inNAACP Image Award foar treflike fideoklip
Austraalje: 5x platina
Feriene Steaten: 4x platina
Kanada: 2x platina
Grut-Brittanje: platina
Nij-Seelân: platina
At LastGrammy Award foar bêste tradisjonele R&B-sangoptredenn.f.t.
2009DivaASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
nom. foar inUK Music Video Award foar bêste ynternasjonale fideoklip
Feriene Steaten: goud
HaloGrammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in froulike artyst
MTV Europe Music Award foar bêste liet
ASCAP Award foar meast útfierde popliet
BMI Pop Music Award foar bêste liet
nom. foar inGrammy Award foar plaat fan it jier
nom. foar inUrban Music Award foar bêste single
nom. foar inTeen Choice Award foar favorite leafdesliet
Austraalje: 4x platina
Feriene Steaten: 2x platina
Grut-Brittanje: platina
Kanada: platina
Nij-Seelân: platina
Switserlân: platina
Dútslân: goud
Ego(remix meiKanye West)ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
nom. foar inGrammy Award foar bêste rap/sang-gearwurking
Nij-Seelân: goud
Sweet DreamsASCAP Award foar meast útfierde popliet
BMI Pop Music Award foar bêste liet
BMI London Award foar bêste popliet
nom. foar de publykspriis fan 'eBET Awards
nom. foar inInternational Dance Music Award foar bêste R&B/urban-nûmer
Feriene Steaten: platina
Austraalje: platina
Nij-Seelân: platina
Grut-Brittanje: goud
Broken-Hearted Girln.f.t.n.f.t.
Video PhoneBET Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste gearwurking
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste popfideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste kamerarezjy yn in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste gearwurking
nom. foar inBET Award foar bêste gearwurking
n.f.t.
2010Why Don't You Love Me?nom. foar inNAACP Image Award foar treflike fideoklipn.f.t.
2011Run the World (Girls)MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip
MTV Platinum Play Award foar meast draaide nûmer
Soul Train Music Award foar bêste dûnsoptreden
Teen Choice Award foar favorite R&B/hiphop-nûmer
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste sinematografy yn in fideoklip
nom. foar inMTV Europe Music Award foar bêste fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste popfideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste goreografy yn in fideoklip
nom. foar inPeople's Choice Award foar favorite fideoklip
nom. foar inInternational Dance Music Award foar bêste R&B/urban-nûmer
nom. foar inMuchMusic Video Award foar ynternasjonale fideoklip fan it jier
Austraalje: 2x platina
Kanada: platina
Feriene Steaten: goud
Nij-Seelân: goud
Grut-Brittanje: sulver
Best Thing I Never HadMTV Platinum Play Award foar meast draaide nûmer
ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
nom. foar inSoul Train Music Award foar plaat fan it jier
nom. foar inNAACP Image Award foar treflik liet
Feriene Steaten: platina
Austraalje: platina
Grut-Brittanje: platina
Kanada: goud
Nij-Seelân: goud
Party(meiAndré 3000)ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
BMI Urban Music Award foar meast útfierde liet
nom. foar inGrammy Award foar bêste rap/sang-gearwurking
nom. foar inBET Award foar bêste gearwurking
n.f.t.
Love on TopGrammy Award foar bêste tradisjonele R&B-optreden
Soul Train Music Award foar bêste dûnsoptreden
ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
nom. foar inBET Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar de publykspriis fan 'eBET Awards
nom. foar inTeen Choice Award foar favorite R&B/hiphop-nûmer
Austraalje: 2x platina
Feriene Steaten: goud
Grut-Brittanje: sulver
CountdownMTV Video Music Award foar bêste editing fan in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar meastshare-wurdige fideoklip
nom. foar inBET Award foar fideoklip fan it jier
Feriene Steaten: goud
2012I Caren.f.t.n.f.t.
End of Timen.f.t.n.f.t.
2013XOn.f.t.Austraalje: platina
Kanada: goud
Grut-Brittanje: sulver
Drunk in Love(meiJay-Z)Grammy Award foar bêste R&B-optreden
Grammy Award foar bêste liet
MTV Video Music Award foar bêste gearwurking
BET Award foar bêste gearwurking
nom. foar inBillboard Music Award foar bêste R&B-liet
nom. foar inMTV Video Music Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
nom. foar inMTV Video Music Award Japan foar bêste R&B-fideoklip
nom. foar inSoul Train Music Award foar liet fan it jier
nom. foar inSoul Train Music Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar inBET Award foar fideoklip fan it jier
nom. foar de publykspriis fan 'eBET Awards
Feriene Steaten: platina
Austraalje: goud
Grut-Brittanje: goud
Kanada: goud
Nij-Seelân: goud
2014Partitionnom. foar inMTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip
nom. foar inBET Award foar fideoklip fan it jier
n.f.t.
Pretty HurtsMTV Video Music Award foar bêste fideoklip mei in maatskiplik boadskip
MTV Video Music Award foar bêste sinematografy yn in fideoklip
Soul Train Music Ashford & Simpson's Songwriter Award
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste rezjy fan in fideoklip
nom. foar inMTV Video Music Award foar bêste editing fan in fideoklip
n.f.t.
Flawless(meiChimamanda Ngozi Adichie ofNicki Minaj)n.f.t.n.f.t.
7/11n.f.t.n.f.t.
Gastsingles
JierTitelPrizen en nominaasjesResultaat
2000I Got That(meiAmil)n.f.t.n.f.t.
2002’03 Bonnie & Clyde(meiJay-Z)nom. foar inTeen Choice Award foar favorite gearwurking
nom. foar inBET Award foar bêste gearwurking
ASCAP Award foar meast útfierde popliet
Austraalje: platina
Feriene Steaten: goud
2007Hollywood(meiJay-Z)n.f.t.n.f.t.
2008Love in This Club Part II(meiUsher enLil Wayne)n.f.t.n.f.t.
2010Put It in a Love Song(meiAlicia Keys)n.f.t.Austraalje: goud
Telephone(meiLady Gaga)MTV Video Music Award foar bêste gearwurking
MTV Platinum Play Award foar meast draaide nûmer
NRJ Music Award foar fideoklip fan it jier
ASCAP Award foar meast útfierde popliet
BMI Pop Music Award foar bêste liet
nom. foar inGrammy Award foar bêste popsang-gearwurking
nom. foar inMTV Europe Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst
nom. foar inPeople's Choice Award foar favorite liet
nom. foar inPeople's Choice Award foar favorite fideoklip
nom. foar inInternational Dance Music Award foar bêste fideoklip
nom. foar inNRJ Music Award foar ynternasjonale gearwurking fan it jier
nom. foar inUK Music Video Award foar bêste ynternasjonale fideoklip
nom. foar inMuchMusic Video Award foar ynternasjonale fideoklip fan it jier
nom. foar inTeen Choice Award foar favorite gearwurking
nom. foar inNickelodeon Kids' Choice Award, Australia foar favorite liet
Austraalje: 3x platina
Kanada: 3x platina
Grut-Brittanje: platina
Nij-Seelân: platina
Dútslân: goud
Switserlân: goud
2011Lift Off(meiJay-Z enKanye West)n.f.t.n.f.t.
2014Part II (On the Run)(meiJay-Z)nom. foar inGrammy Award foar bêste rap/sang-gearwurkingn.f.t.
Say Yes(meiMichelle Williams enKelly Rowland)nom. foar inSoul Train Music Award foar bêste gospel/ynspirasjonele liet
n.f.t.
Promoasjesingles
JierTitelPrizen en nominaasjesResultaat
2003Daddyn.f.t.n.f.t.
What's It Gonna Be?n.f.t.n.f.t.
2006One Night Only(mei "Deena Jones and the Dreams", yn 'e filmDreamgirls)n.f.t.n.f.t.
Upgrade U(meiJay-Z)nom. foar inBET Award foar bêste gearwurkingn.f.t.
2009Si Yo Fuera un Chicon.f.t.n.f.t.
Sing a Songn.f.t.n.f.t.
2010Fevern.f.t.n.f.t.
20111+1n.f.t.n.f.t.
Oare singles yn 'e hitlisten
JierTitelPrizen en nominaasjesResultaat
2003Sexy Lil' Thugn.f.t.n.f.t.
2004Dangerously in Love 2Grammy Award foar bêste R&B-sangoptreden fan in froulike artystn.f.t.
2006A Woman Like Men.f.t.n.f.t.
Kitty Katn.f.t.n.f.t.
Lost Your Mindn.f.t.n.f.t.
Freakum Dressn.f.t.n.f.t.
Resentmentn.f.t.n.f.t.
2007Irreemplazablen.f.t.n.f.t.
2008Ave Marian.f.t.n.f.t.
2009Radion.f.t.n.f.t.
2010Halo (live)nom. foar inGrammy Award foar bêste popsangoptreden troch in froulike artystn.f.t.
See Me Now(meiKanye West,Charlie Wilson enBig Sean)n.f.t.n.f.t.
2011I Was Herenom. foar inMTV Video Music Award foar bêste fideoklip mei in maatskiplik boadskip
nom. foar inNAACP Image Award foar treflike fideoklip
n.f.t.
2012Dance for YouASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-lietn.f.t.
Love a Woman(meiMary J. Blige)n.f.t.n.f.t.
2013Mine(meiDrake)n.f.t.n.f.t.
Blown.f.t.n.f.t.
2014Ring Offn.f.t.n.f.t.
Standing on the Sun(meiMr. Vegas)n.f.t.n.f.t.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Foar in folsleine list mei alle prizen en nominaasjes fan Beyoncé Knowles, sjocht opdizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes enReferences, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBeyoncé fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Beyoncé_Knowles&oldid=1131966"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp