Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Beweiding

Ut Wikipedy
Melkekij oan it weidzjen ynDútslân.

Beweiding is itfretten fangers enkrûden, dy't op in beskaat stik lân groeie, trochfee ofwylde bisten. It eigentlike fretten hjitweidzjen ofgerskjen; dat is in foarm fanfoerazjearjen. Yn 'efeehâlderij binne degreiden dy't beweide wurde, almeast ôffrede meistekken,sleatten ofbeamwâlen, sadat deboer bepale kin hokker stik lân beweide wurdt en foar hoe lang. Troch beweiding wurdt yn 'emagen fanherbivoarenplantaardich materiaal omset ynenerzjy. Yn 'e feehâlderij wurdt troch it feeselluloaze, dat fierders ûnfertarber is foar itminsklikespiisfertarringsstelsel, omset ynfleis,molke,wol en oaredierlike produkten dy't wol tige brûkber binne.

Gauris is de grûn dy't foar beweiding brûkt wurdt, ûngaadlik foar debou fanlânbougewaaksen dy't foar de minske ytber binne. Beweiding is dan in manear om sokke grûn yn it ramt fan 'elânbou dochs noch produktyf te meitsjen. Oan 'e oare kant komt it ek foar dat spesjaal foar beweiding troch feewâldkappe wurdt, sadat beweiding taûntbosking liedt en mooglik ek ta itútstjerren fan bistesoarten trochhabitatferlies. Trochbedonging om it gers foar beweiding flugger groeie te litten, sawol mei natuerlikedong as (noch mear) meikeunstdong, wurdt ekstrastikstof yn itmiljeu brocht. Dat kin ek negative gefolgen hawwe foar denatoer en kin foarfersmoarging fan itoerflaktewetter soargje.

Oerbeweiding is in oar probleem. Dêrby weidzje fee of wylde bisten te lang op ien en itselde stik lân en bringe dêr sadwaande skea oan ta. Planten binneevoluëarre yn in wrâld dêr't weidzjende bisten foarkamen, dat se kinne wol oer in beskate mjitte fan beweiding en knappe dêr neitiid oer it algemien gau wer fan op. As der lykwols sprake is fan oerbeweiding, fral as dat yn in tiid fandrûchte foarfalt, kin it wêze de begroeiïng sa'n knau kriget dat dyôfstjert. As dat bart, moat men it stik lân letter op 'e nij ynsiedzje of wachtsje oant de begroeiïng it keale stik lân út himsels wer kolonisearret, wat jierren duorje kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryGrazing fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Beweiding&oldid=1141434"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp