Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Falasja's

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanBeta Israel)
Etiopyske froulju by deKleimuorre ynJeruzalim.

DeFalasja's binne deJoaden útEtioopje. It wurdfalaša komt út itGeëz of Aldetiopysk, en betsjut safolle as "balling", "frjemdling" of "ymmigrant". Sels neame de Falasja's harBēta 'Isrā'ēl, dat "Hûs fan Israel" betsjut.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Falasja's komme út 'e omkriten fanGondar enAksum, yn noardlikEtioopje. Oant1860 hiene se it kontakt mei oare Joadske mienskippen yn 'e wrâld ferlern. De Westerske wittenskip waard harren bestean foar it earst gewaar doe't deBritskeûntdekkingsreizgerJames Bruce harren yn syn boekTravels to Discover the Source of the Nile ("Reizen om de Boarnen fan de Nyl te Untdekken") neamde.

Yn 'e folksmûle wurde de Falasja's in ferlerne stammme" neamd. Troch it Israelyske oerrabbinaat en regear waarden de Falasja's yn1975 as "offisjele"joaden erkend. De minister-presidint fan Israel út dy tiid,Yitzchak Rabin, krige dúdlike regels fanoerrabbynOvadia Yosef dat sy legitime ôfstammelingen wiene fan 'e ferlerne stammen. Lykwols waarden se allegear wol ferplichte inpro formahalachyske religieuze bekearing te dwaan ta itjoadendom, fanwege harren ôfwikende gebrûken (û.o. dat it joadendom oergie fan heit op soan).

Sawat de hiele Falasja-mienskip waard neitiid ûnder deWet op Weromkear (fan1950) neiIsrael ta helle. Dat barde byOperaasje Mozes, yn1984,Operaasje Jozua, yn1985, enOperaasje Salomo, yn1991. It wie eins de bedoeling om alle Falasja's by Operaasje Mozes nei Israel oer te bringen, mar troch de politike tastân yn Etioopje kaam der al nei in stikmannich wiken in abrupt ein oan dat barren. Sadwaande wiene it benammen de 35.000 Falasja's dy't Etioopje al ûntflechte wiene en op eigen krêft flechtlingekampen ynSûdan berikt hiene, dy't mei Operaasje Mozes yn Israel bedarren. Operaasje Jozua waard ferrjochte troch deAmerikanen, en dêrby waarden nochris 650 Falasja's nei Israel ta brocht. Mei Operaasje Salomo ferhuzen 14.000 lju fan lân. Neitiid dripke it stadichoan noch wat troch, oant yn augustus2013 melden waard dat de lêste 450 Etiopyske Joaden yn Israel arriveare wiene. Dêrmei kaam in ein oan 'e massale ymmigraasje. Yn totaal gie it dêrby om sa'n 90.000 Falasja's. Sûnt2013 ferbliuwe yn Etioopje fan 'e Falasja's inkeld noch deFalasj Moera - in groep dy't har ta itkristendom bekeard hat - en in lytske mienskip fan útJemen ôfkomstige Joaden teAddis Abeba. De opname fan 'e Falasja's yn 'e Israelyske maatskippij gie ynearsten trouwens net sa maklik.

Kaart fan de Falasja-emigraasjes neiIsrael.

Komôf

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens de tradysjes fan 'e Falasja's stamje se ôf fan Joaden dy't meiMenelik I yn Etioopje kamen. Menelik I soe de soan fanSalomo en deBibelskekeninginne fan Skeba west hawwe. Yn 'eTenach is neat optekene oer sa'n relaasje tusken de keninginne fan Skeba mei kening Salomo. It algemien akseptearre ferhaal is dat de keninginne op besite wie by de Joadske kening en wakker ûnder de yndruk wie fan syn rykdom en wiisheid. Hja joegen inoar geskinken, en dêrnei sette de keninginne wer werom nei har folk ynKoesj. Yn Etioopje wurdt it ferhaal fan 'e leafdesrelaasje tusken de beide foarsten lykwols rûnom ferteld.

Yn Israel binne der learderabbinen dy't beweare dat de Falasja's de neiteam binne fan 'e ferlern stammeDan binne, dy't oarspronklik ôfstamje soene fan in soan fan 'eaartsfaarJakob. It folk fan Dan soe in Joadsk keninkryk ynAfrika fêstige hawwe, dat dêr hûnderten jierren stân holden hawwe soe. Mei de komst fan itkristendom en letter deislam soe spul ûntstien wêze tusken de oanhingers fan 'e trije godstsjinsten, dy't inoar befochten. Lang om let bleau fan it Joadske keninkryk net folle mear oer as in lyts ferearme kloftsje folk.

Oare rabbinen, lykasTzitz Eliezer enMoshe Feinstein, hâlde út dat oan 'e "joadskheid" fan 'e Falasja's hiel bot twifele wurde mei, en dat bekearing ferplicht is, en dus mear as inkeld in formaliteit.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Wikimedia CommonsOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBeta Israel fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Falasja%27s&oldid=917303"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp