Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Bert Goedkoop

Ut Wikipedy
Bert Goedkoop
sporter
Bert Goedkoop (2008)
Bert Goedkoop (2008)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBert Goedkoop
nasjonaliteitNederlânsk
bertedatum15 febrewaris1956
sportive ynformaasje
sportFollybal
trener2001-

Bert Goedkoop (15 febrewaris1956) is in âldNederlânskfollybalspiler en follybaltrainer. Op dit stuit is er technysk direkteur fan deNeVeBo, it Nederlânske follybalbûn.

Profyl

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Bert Goedkoop begûn syn karriêre as follybaltrainer yn 1988, hy die dat op klupnivo. Hy waard doe trainer fanMartinus. Yn 1990 gie er neiBelgje om dêr de klupMaaseik te trainen. Yn 1993 waard er oansteld as haadtrainer fan deNederlânske follybalploech by de froulju. Twa jier letter waard der in grut súkses helle: op itEuropeesk kampioenskip waard in gouden medalje helle. Ek einige er mei de ploech op in fyfde plak by deOlympyske Simmerspullen fan 1996 ynAtlanta.

Yn 2001 waard Goedkoop trainer fan deNederlânske follybalploech by de manlju. By deWorld League fan 2001 waard de ploech ynKatowice,Poalen, knap sande. By it toernoai yn 2002 hie Goedkoop in ploech dy't ferjonge wie, dy ploech waard wer sande. Letter it jier waard ynArgentynje op itWrâldkampioenskip in njoggende plak helle.

Nei in teloarstellendEuropeesk kampioenskip 2011 by de froulju waardAvital Selinger ûntslein as bûnstrainer. Bert Goedkoop naam dêrnei de lieding fan de ploech oer. Hy wie ynterim-trainer foar de wedstriden dy't spile waarden yn it Pré-Olympysk Kwalifikaasje toernoai. Dêrnei soe der in nije bûnstrainer oansteld wurde.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryIds Postma fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Bert_Goedkoop&oldid=1161159"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp