Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Berop

Ut Wikipedy

Inberop is in gearhingjend gehiel fanarbeidstaken, foar de útfiering wêrfan't ferlet is fan in beskatefakkennis. In berop kin fuortbestean los fan 'e yndividuële beoefener en is dêrmei foar demaatskippij as sadanich werom te kennen. Oer it algemien kin in berop fierders omskreaun wurde as in type beuzichheid dy't men útoefenet om jinsynkommen te fertsjinjen, sadat men jinsels ûnderhâlde kin. Inhaadberop is de foarnaamste beropsaktiviteit fan in persoan, en dêrmei teffens syn of har breawinning. In haadberop wurdt yn 'e regelfoltiids útoefene. Dêrnjonken hawwe guon minsken noch inbyberop ofnjonkenberop, dat as byfertsjinst yndieltiid útoefene wurdt los fan 'e haadaktiviteit. Ekstudinten, dy't gjin haadberop hawwe, beskikke faak wol oer ien of mear bybaantsjes om harsels mei te ûnderhâlden.

Der bestiet in ûnderskie tusken de begripenarbeid en berop. Men kin in berop hawwe sûnder arbeid te ferrjochtsjen (bgl. as mensiik of meipinsjoen is), en oarsom kin men ek arbeidzje sûnder in berop te hawwen (húsfrou is bgl. gjin berop, mar men kin net sizze dat húsfroulju gjin arbeid ferrjochtsje). It ferskil tusken in berop en infunksje is dat in berop maatskiplik bepaald wurdt, wylst in funksje bepaald wurdt troch deorganisaasje wêrby't men wurket. Om in foarbyld te jaan:strjitmakker is in berop, mar foarman fan ploech strjitmakkers is in funksje fan ien dy't noch hieltyd as berop strjitmakker hat. Beroppen kinne yn ferskate kategoryen opdield wurde. De wichtichste opdieling is dy yn 'e kategoryenûndernimmer (lju dy't in eigenbedriuw hawwe),wurknimmer (lju dy't by it bedriuw fan in oar yn 'e tsjinst binne) enamtner (lju dy't by deoerheid yn 'e tsjinst binne).

In berop kriget men yn 'e regel troch it folgjen fan inoplieding ta in beskaat berop. Jins berop hat grutte ynfloed op 'eposysje dy't men hat yn 'e brederesosjale struktuer. It winnen fan in ynkommen is net de iennichste reden om in berop út te oefenjen; soks kin ek persoanlike foldwaning jaan, bgl. om't it in nuttige bydrage oan 'e maatskippij is, om't men jins persoanlike talinten derfoar brûke kin, of om't it oangeande berop jinmaatskiplike status jout. Dêrby moat wol oantekene wurde dat lju dy't in protte lok hawwe, fan harhobby har berop meitsje kinne, mar dat de grutte mearderheid fan 'e minsken syn berop net foar syn plezier útoefenet.

Men kin stelle dat beroppen al like lang besteane as deminskheid sels.Jager is nei alle gedachten it âldste berop dat der bestiet. Oare tige âlde beroppen binnefisker,lânbouwer,feehâlder enprostituee. Nei de stifting fan 'e earstestêden kamen dêr al gau dekeaplju by en ek deambachtslju, lykasbakkers,slachters,smidden,timmerlju,fervers,skroarren enskuonmakkers. Under deMidsiuwen waarden de beoefeners fan sokkeambachten feriene yn saneamdegilden. Dat wiene de earste beropsorganisaasjes, dy't foar de belangen fan har leden opkamen. Fan 'e ein fan 'eachttjinde iuw ôf joech deYndustriële Revolúsje oanlieding ta in gruttere arbeidsspesifikaasje, dy't late ta in almar oanwaaksend tal nije beroppen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Berop&oldid=1076677"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp