Inberchgreide ofalm is ingreide yn itheechberchtme. De term "alm" komt út itDútsk, spesifyk út itBeiersk, dat yn it meastepart fanBeieren,Eastenryk en itItaljaanskeSúd-Tiroal sprutsen wurdt. Yn 'eAllemannyskedialekten, dy't ynSwitserlân, it grutste diel fanBaden-Wuerttemberch enFoararlberch sprutsen wurde, is de oerienkomstige termAlp,Alpe ofAlb, in oantsjutting dêr't deAlpen har namme oan tankje.
Berchgreiden wurde yn 'e regelsimmerdeis brûkt om itfee teweidzjen (almeastkij ofgeiten, somsskiep ofhynders), wylst se by 'twinter ûnder in tsjûk paksnie beskûl geane. It binne op-en-deljende stikken lân dy't begroeid binne meigers enkrûden en dy't faak hjir en dêr ûnderbrutsen wurde trochrotsblokken. Se kinne fierhinnehorizontaal lizze, mar ek, op in berchskeante, hiel steil wêze. Berchgreiden binne faak trochhoutkap yn 'emontane sône fannullewâld frijmakke lân, trochbeweiding frijholden greiden yn 'esubalpine sône of natuerlikegerslannen yn 'ealpine sône.
Behalven defeehoeders en harren bisten dy't de berchgreiden simmerdeis besykje, libje der ek in protte wylde bisten, lykassniehazzen enmarmotten en oarekjifdieren. Yn1997 hieEastenryk allinnich al mear as 12.000 berchgreiden dy't noch yn gebrûk wiene by 70.000 saneamde 'almboeren', dy't der simmerdeis likernôch 500.000 stiks fee weiden. Dêrnjonken binne in protte berchgreiden, benammen yn 'e Alpen en oaretoeristyskeberchtmen winterdeis yn gebrûk asskypyste.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Einzelnachweise enLiteratur, op dizze side. |