De ferskate Berbertalen ferspraat oer Noard-Afrika
DeBerbertalen, ek bekend asBerbersk,Amazight ofTamazight (Berbersk:Tamaziɣt,Tamazight; Nij-Tifinagh: ⵜⴰⵎⴰⵣⵉⵖⵜ, Tûarek-Tifinagh: ⵜⵎⵣⵗⵜ, útsprutsen [tæmæˈzɪɣt], [θæmæˈzɪɣθ]), binne in takke fan deAfro-Aziatyske taalfamylje en besteane út nau oaninoar besibbe talen dy't sprutsen wurde troch deBerbers, in lânseigen folk ynNoard-Afrika. De talen waarden eartiids yn it Libysk-Berbersk skrift skreaun, dat hjoed-de-dei as itTifinagh bestiet.
Likernôch 95 prosint fan de Berbersktaligen prate ien fan de sân grutste farianten fan it Berbersk mei op syn minst 2 miljoen sprekkers. Dy binne yn folchoarder fan it tal sprekkers:Tasjelhit,Kabilysk,Midatlas-Tamazight,Riffynsk,Sjawia en deTûarektalen. De útstoarne talenNumidysk (ek wol Eastnumidysk of Aldlibysk) enGûantsje, dat op deKanaryske Eilannen sprutsen waard, en mooglik ek de talen fan deC-Groepkultuer yn hjoeddeistich súdlik Egypte en noardlikSûdan, hearden nei alle gedachten ta de Berberske takke fan de Afro-Aziatyske talen.
De Berbertalen hawwe wol 2500 jier in eigen skrift hân dat troch de jierren hinne troch kulturele ynfloed en ynfaazjes om utens beynfloede waard. It earste skrift wie in Libysk-Berberskabjad, dat hjoed-de-dei troch deTûarek yn de foarm fanTifinagh brûkt wurdt. De âldste bewarre ynskripsje komt fan detredde iuw f.Kr.. Letter, likernôch tusken 1000 en 1500 n.Kr., waard it almeast yn itArabysk skrift skreaun, en sûnt detweintichste iuw wurdt it Berbersk-Latynsk alfabet brûkt, benammen troch de Kabilyske en Riffynske mienskippen yn Algerije en Marokko. In nije foarm fan Tifinagh, it saneamde Nij-Tifinagh, waard yn2003 yn Marokko oannommen, mar de measte Berberske skriuwers brûke hieltyd noch it Berbersk-Latynsk alfabet. Yn Algerije wurdt it Berbersk yn it Latynsk alfabet op skoallen ûnderrjochte, wylst it Tifinagh mear foar keunstdoelen ornearre wurdt. Yn Maly en Niger wurdt it Tûarek-Berbersk-Latynsk brûkt, dat oanpast is op de útspraak yn it Tûarek, wylst Tifinagh dêrfoaroer ek in soad brûkt wurdt.
Der is in politike en kulturele beweging warber ûnder de sprekkers fan de ferskate foarmen fan itNoardberbersk en ûntwikkelje in Tamazight-standerttaal. De namme Tamazight (ofTamaziɣt) is de lânseigen namme fan de sprekkers yn itMidatlas en itRifberchtme yn Marokko. Yn oare Berberske gebieten is de namme ferdwûn, wylst der histoarysk bewiis út demidsiuwen is dat de lânseigen folken yn Noard-Afrika harren taalTamaziɣt neamden. De nammeTamaziɣt wurdt hjoed-de-dei hieltyd mear troch gelearde Berbers brûkt foar de skreaune taal en sels foar it gânse Berbersk.
It Berbersk waard in offisjele taal yn 2001 yn Algerije en yn 2011 yn Marokko. Yn 2016 krige it Berbersk yn Algerije in lykweardige posysje as itArabysk.
De nammeBerber wurdt sûnt desantjinde iuw brûkt ynJeropa. It komt fan itLatynskebarbari, dat fan itGrykskebarbaros komt. Yn itArabysk wurde se بربري (al-Barbari) neamd, dat ek "barbaar" of "Moar" betsjut.
De Berberskewoartel M-Z-Ɣ (Mazigh) (inkeldtal:Amazigh, froulik:Tamazight) betsjut "frije man".De Berbers fan it Midatlas en it Rifberchtme neame harren taalTamazight. In soad Berberske taalkundigen jouwe de foarkar oan it wurdTamazight foar it Berbersk yn it algemien.
Tradisjoneel waard it wurdTamazight (yn ferskate foarmen:Thamazighth,Tamasheq,Tamajaq,Tamahaq) troch de ferskate Berbergroepen, lykas dejingen yn it Midatlas, de Riffinen, de Seneden yn Tuneezje en de Tûarek, ferwiisd nei harren taal.
Oare groepen Berbers neame harren taalTasnanit ofSjelha, sa as bygelyks yn parten fan Tuneezje en Marokko, wylst deKabyljers harren taalTaqbaylit neame. De Berbers fan de Siwa-Oäze neame harren taalSiwi.
De Berbertalen foarmje in takke fan deAfro-Aziatyske talen. Hjoeddeistich Berbersk komt fan itProtoberbersk en is reedlik jong. It is likernôch like âld as deGermaanske enRomaanske talen. It Protoberbersk is dêrfoaroer folle âlder en it spjalte him mooglik fan it Afro-Aziatysk ôf yn it tiidrek fan deKapsienkultuer yn itmesolitikum. In stikmannich útstoarne befolkingsgroepen moatte Afro-Aziatyske talen fan de Berberske takke sprutsen hawwe. Neffens skriuwers Peter Behrens en Marianne Bechaus-Gerst spruts de befolking fan deC-groepkultuer yn it hjoeddeistige súdlikEgypte en noardlikSûdan Berberske talen. DeNilo-Saharaanske taalNobiin befettet hjoed-de-dei in stikmannich Berberske lienwurden, benammen dy't mei delânbou te krijen hawwe. Dat betsjut dat de befolking fan de C-groepkultuer, dy't dus yn de delling fan deNyl wennen, ear't it kommen fanNubysktaligen in Afro-Aziatyske taal sprutsen.
De Britske skiedkundigeRoger Blench tinkt dat Protoberbersktaligen harren fan de Nyldelling neiNoard-Afrika ferspraten, sa'n 4000-5000 jier ferlyn en begûnen dêrnei mei in nomadysk bestean. Hja wiene benammen feehoeders. Harren taal bleau dêrtroch reedlik gelyk. It Protoberbersk spjalte him tûzenen jierren ferlyn ôf fan it Afro-Aziatysk, mar dy taal kin pas rekonstruearre wurde fan om200 n.Kr. hinne. De Berbertalen ferskille gâns fan de oare Afro-Aziatyske talen, mar de ferskillen tusken de Berbertalen sels binne mar lyts. Dat dy ferskillen sa lyts binne, bewize dePunyske lienwurden yn it Protoberbersk, dy't troch de hjoeddeistige Berbertalen oernommen waarden, útseinSenaga dy't gjin Punyske wurden befettet.
Lienwurden út it Latyn bewize it útinoar fallen fan it Protoberbersk tusken40 f.Kr. en 200 n.Kr. Yn dat tiidrek waarden Romeinske ynnovaasjes, en de lienwurden dêrfan, troch Berberske stammen, dy't tichter by de Romeinskelimes wennen, oernommen.
Prehistoaryske ynskripsje op in rots yn Zagora, Marokko
Der binne troch de jierren hinne ferskateskriften brûkt om yn de Berbertalen skreauwe te kinnen. Yn deâldheid waard it Libysk-Berbersk skrift, itTifinagh brûkt. Ynskripsjes op rotsen en yn grêftomben binne dêrfan fûn. Nei't deislaam him oerNoard-Afrika fersprate, brûkten guon Berberske skriuwers itArabysk skrift. Yn de njoggentjinde en tweintichste iuw waard itLatynsk alfabet mear brûkt en om dy oan de Berberske útspraak oan te passen, waard itBerbersk-Latynsk alfabet ûntwikkele. Hjoed-de-dei binne der trije manieren dêr't it Berbersk yn skreaun wurde kin: it Tifinagh, it Arabysk skrift en it Berbersk-Latynsk alfabet.
Nei't de lannen yn deMagreb harren ûnôfhinklikens krigen yn de 1950-er en 1960-er jierren, waard der in belied fan arabisearring folge om itFrânsk as dominante taal te ferfangen. Under dat belied waarden de Berbertalen suver ferbean. Dêropta waard der, benammen ynMarokko enAlgerije, war dien om offisjele erkenning fan de Berbertalen te bemachtigjen.
Twatalich stopboerd yn Nador, Marokko, Arabysk (qif) en Riffynsk yn it Nij-Tifinagh-skrift (bedd)
Yn 2011 waard yn de grûnwet fan Marokko oannommen datAmazigh tenei in offisjele taal njonken itArabysk is. Yn Marokko wurde ferskate talen brûkt; itFrânsk,Modern Standertarabysk,Marrokaansk-Arabysk enAmazigh. Doe't de status fan it Modern Standertarabysk ferhege waard, waard de relaasje tusken dy taal mei de manlike befolking ek grutter, wylst de relaasje fan de froulike befolking mei de legere status fan itAmazight ek grutter waard. Op17 juny2011 makke keningMohammed VI yn in taspraak buorkundich dat mei in grûnwetlike herfoarming itTamazight njonken it Arabysk tenei in offisjele taal yn Marokko wurde soe.
Algerije erkende yn2002 it Berbersk as in "nasjonale taal", mar lykwols noch net as in offisjelen ien. Op7 febrewaris2016 erkende it Algerynsk parlemint lang om let de Berbertalen as offisjeel njonken it Arabysk.
Pleatslike ôfdielings fan deNasjonale Oergongsried fanLybje yn itNafûsaberchtme fan dat lân brûke de BerbertaalNafûsy, en hja hawwe ek oantrúnd foar erkenning fan dy taal yn de grûnwet as in offisjele taal njonken it Arabysk. De taal hat oant no ta gjin offisjele erkenning yn Lybje lykas dy yn Algerije en Marokko dat hawwe.
YnMaly enNiger binne der in stikmannich skoallen dy't foar in part yn deTûarektalen lesjouwe.
Persintaazje Berbersktaligen yn Marokko neffens in sensus yn 2004Kaart fan de Kabilyske en Sjawia-taalgebieten yn it noardeasten fan AlgerijeIt Sjemwa-taalgebiet yn it noardwesten fan Algerije
It is net wis hoefolle sprekkers der binne fan de Berbertalen, om't de lannen yn de Magreb it net byhâlde yn harrensensussen. Der binne rûzings, sa as bygelyks dy fanEthnologue, mar dy binne net alhiel wis en dy ferskille ek noch wol gauris mei oare rûzings. Yn it kolonjale tiidrek waarden der sensussen fan byholden, mar dy binne al aardich út de tiid. De rûzings fan de ferskillende talen de lân binne likernôch: