Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Benediktus fan Nursia

Ut Wikipedy
De Hillige Benediktus fan Nursia (skilderij fanGiovanni Bellini)
Benedikt fan Nursia

De hilligeBenediktus (480-543) wurdt algemien sjoen as heit fan it kleasterlibben yn de Latynske tsjerke. Hy waard berne yn Nursia, it hjoeddeiske ItaljaanskeNorcia yn de buert fanPerugia. Al op fjirtjinjierrige leeftiid slute hy him oan by in groepklûzeners. Uteinlijk bedarre dizze groep ynSubiaco, beëastenRome, dêr't it kleasterSanto Speco ûntstie. Hy waard ta oerste keazen ynVicovaro, mar wie sa strang dat de mûntsen it benaud krigen en sels besochten om him te fermoardzjen troch him in gifbeker foar te setten. Doe't er dy lykwols segene, bruts de beker. Dêrom wurdt er yn dekeunst faak ôfbylde mei in beker yn de hân wêrút in slange krûpt. Om dit soarte konflikten tenei foar te kommen rjochte er syn eigen mienskip op deMonte Cassino. Ferneamde neifolgers wiene ûnder oare deHillige Maurus en deHillige Plasidus.

De regel fan Benediktus

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De grutte ynfloed fan Benediktus is benammen ta te skriuwen oan synkleasterregel, deRegula Benedicti. Der bestiene wol soksoarte regels, lykas de anonimeRegula Magistri, mar dy waarden hast allegear as te strang of net-lykwichtich fûn, lykas ek dy fan deHillige Kolumbanus. Neffens Benediktus moasten de mûntsen trijegeloften ôflizze:earmoede,keinens enhearigens oan deabt. De mûntsen moasten harren talizze op"ora et labora", dêr't it bidden en it hânwurk mei bedoeld wurdt. It bidden waard dien troch acht kear deis mei te dwaan oan it koargebed. Boppedat moasten de mûntsen meidwaan oan delectio divina, itmeditearjend lêzen fan deBibel en deTsjerkefaren. De regel fan Benediktus is in ôfwoegen ritme fan acht oere bidde, acht oere wurkje en acht oere rêste. Hjirtroch ferspriede de oarder fan deBenediktinen, sa't se nei Benediktus hjitte soene, him hurd oer heul Europa. Dit barde troch it ynfieren fan de regel yn al besteande kleasters mar ek foar nij te stiftsjen kleasters. Sa is Benediktus ek ien fan de patroan-hilligen fanJeropa woarn.

Benammen de biografy fan Benediktus yn deDialogen fanPaus Gregoarius de Grutte droech ek tige by oan syn reputaasje.

DeHillige Skolastika wie in twillingsus fan Benediktus.

Ferearing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Syn feest waard eartiids op21 maart fierd, mar tsjintwurdich op11 july.Hy wurdt oanroppen as

  • patriarch fan de mûntsen fan it westen
  • spegel fan hearigens, earmoede en suverheid.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBenedict of Nursia fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Benediktus_fan_Nursia&oldid=1012435"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp