Beieren, offisjeel deFrijsteat Beieren (Dútsk:Freistaat Bayern,Beiersk:Baian,Latyn:Bavaria), is ien fan de sechtsjindielsteaten fan Dútslân (Bundesland), it leit yn it súdeasten fan it lân. Mei in oerflak fan 70.548 kante kilometer, trettsjin kear sa grut as de provinsjeFryslân, en in ynwennertal fan hast 12,5 miljoen minsken, is it de grutste dielsteat fanDútslân, hast 20% fan it oerflak fan Dútslân leit yn de dielsteat Beieren. Haadstêd fan de dielsteat isMünchen yn itRegierungsbezirkOpperbeieren.
As ien fan de âldste steaten fanJeropa waard Beieren stifte as hartochdom healwei it earste milennium. Yn de17e iuw waard de hartoch fan Beieren in keurfoarst fan itHillige Roomske Ryk. It Keninkryk Beieren bestie fan1806 oant1918, sûnt dy tiid is Beieren in frijsteat (republyk). Nei debesetting fan Dútslân troch de Alliëarden (yn it gefal fan Beieren troch deAmerikanen) nei deTwadde Wrâldoarloch, waard Beieren yn1949 in dielsteat fan 'eBûnsrepublyk Dútslân (West-Dútslân). It is de ienichste moderne steat fan Dútslân dy’t nea ta deHânze heard hat. De befolking fan Beieren is foar it meastepartKatolyk mei in eigen kultuer. It hjoeddeiske Beieren bestiet ek út parten fan de histoaryske regio’sFranken enSwaben.
De twa grutsterivieren troch de dielsteat hinne binne deDonau en deMain. DeBeierske Alpen grinzje oan Eastenryk en binne de heechste bergen fan Dútslân. De heechste berch fan de Beierske Alpen en fan Dútslân is deZugspitze. Dizze berikte rikt oant de 2.962 meter.
Beieren hat in matige, sêft klimaat. It klimaat giet fan it noardwesten nei it easten oer yn itlânklimaat. Grutte feroarings yn temperatuer binne seldsum. Op lykwols 100 dagen lizze de temperatueren ûnder de 0 °C, de wyn komt meastentiids fan it westen. Delslach falt yn alle jiertiden, der falt sa’n 70 sintimeter rein it jier, yn de Alpen kin dit oprinne oant 180 sintimeter it jier. De sinne skynt jierliks tusken de 1.600 en 1.900 oeren.
Desimmer rint fan likernôch maaie oant oktober en hat oer it algemien goed waar. De trochsneed temperatuer leit dan tusken de 20 en 30 °C. Yn dewintermoannen komme der in soad wintersporters nei de Beierske Alpen, hjir kin fan desimber oant april wintersporte wurde. Yn de bergen leit de trochsneed temperatuer op -6 °C.
Beieren ûntstie doe’t inGermaanske stamme, deBajuwaren, yn de6e iuw nei Kristus it gebiet binnenfoel en der in hartochdom stifte ûnder deAgilolfingen. Yn namme binne de Beieren kristen, mar pas nei de komst fan de preesters út it Iersk-Gallyske westen ûntstie der in godstsjinstich libben.Bonifatius krige stipe fan hartochOdilo (734-748) en reorganisearre of stifte de bisdommenRegensburg,Salzburg,Freising enPassau. HartochTassilo III (748-788) makke him los fan itFrankyske Ryk en ûnderwurp deSlavyske stammen yn it Alpengebiet. Yn788 waard Tassilo trochKarel de Grutte ôfsetten en it stamhartochdom ynlive by it Frankryske Ryk. By de splitsing fan it Frankyske Ryk yn843 yn itFerdrach fan Ferdun kaam Beieren by itEast-Frankyske Ryk te hearren ûnderLoadewyk de Dútser. Binnen it East-Frankyske Ryk wie Beieren it kearnlân fan de keningen.
Yn novimber1918 waard de oant dan ta populêre keningLoadewyk III troch in folksopstân, deBeierske Revolúsje ûnder lieding fan de ûnôfhinklikesosjalistKurt Eisner, ôfsetten en fuortjeit. Eisner rôp doe de Frijsteat Beieren út en waard minister-presidint fan de steat. Op21 febrewaris1919 waard Kurt Eisner troch de jonge greveAnton von Arco auf Valley deasketten. As wraak rôpen de ûnôfhinklike sosjalisten deRiedenrepublyk Beieren út. Letter waarden de ûnôfhinklike sosjalisten troch dekommunisten ôfsetten, dy’t de twadde Riedenrepublyk útrôpen. Op1 maaie1919 waard de Riedenrepublyk ta fal brocht troch ferskate frijkorpsen.
Nei it ‘reade eksperimint’ waard Beieren in bolwurk fan de ekstreem-rjochtse nasjonalisten en reaksjonêren. Yn de begjin fan de 20’er jierren waardGustav Ritter von Kahr (1862-1934) rykskommissaris fan Beieren en besike de steat ôf te skieden fan Dútslân. Yn1923 besikeAdolf Hitler, mei stipe fan de nazi’s en generaalErich Ludendorff, mei in steatsgreep (putsch) Von Kahr ôf te setten en fan Beieren in nazi-steat te meitsjen. Dizze steatsgreep mislearre.
Hjirnei waard it relatyf rêstich yn de steat, en Von Kahr moast nei ferrin fan tiid plak meitsje foar mear konstitúsjonelere minsken. Nettsjinsteande bleaun Beieren it heitelân fan de nazi’s en ek it wichtichste haadkertier fan denasjonaal-sosjalisten wienen der fêstige. Nei de nasjonaal-sosjalistyske machtsoername yn1933 waarden yn1935 ynNeurenberg de antysemityske Neurenberger wetten ynsteld.
Yn1945 waard Beieren troch deAmerikanen befrijd/besetten, en sy instalearren der in ynterimbestjoer, dat letter nei demokratyske ferkiezings ferfongen waard troch in Beiersk regear. Al op28 septimber1945 rjochtegeneraalDwight Eisenhower byproklamaasje de Frijsteat Beieren yn syn hjoeddeistige foarm op. De Rynpalts bleaun skieden fan Beieren en waard in part fan de dielsteat Rynlân-Palts (Rheinland-Pfalz). Sûnt dy tiid waakse Beieren út ta de rykste dielsteat fan Dútslân. It wurdt hjoed de dei amperoan altiden regear troch de Kristlike-Sosjale Uny (Christlich-Soziale Union; CSU), de susterpartij fan de Kristen-Demokratyske Uny (CDU).
Beieren hat in mearpartijenstelsel wêr’t de grutste partijen de konservative Kristlike-Sosjale Uny, dy’t al sûnt1957 alle ferkiezings wûn hawwe, en de Sosjaal Demokratyske Partij fan Dútslân (Sozialdemokratische Partei Deutschlands;SPD). De Dútske griene partij, Ferbûn ‘90/De Grienen (Bündnis 90/Die Grünen), wurde ek represintearre yn it parlemint. Sûnt2008 wurde de Dútske liberale partij, de Frije Demokratyske Partij (Freie Demokratische Partei;FDP) en de Frije Stimmers (Freie Wähler) ek represintearre yn it Beierske parlemint. CSU en FDP kamen yn oktober 2008 in koalysje oerien, wylst de SPD, de Frije Stimmers en de Grienen de opposysje foarmje.
Beieren hat in ienkeamerigeLândei (Landtag), of parlemint, keazen mei algemien stimrjocht. Oant desimber1999, wie der ek in Senaat, waans leden keazen waarden troch sosjale en ekonomyske groepen yn Beieren, mar nei inreferindum yn 1998 waard dat ynstitút opheft. It haad fan de oerheid is de Minister-Presidint.
Yn1995 waard yn Beieren de direkte demokrasy ynfierd op it lokale nivo. Dizze ûntwikkeling waard yn gong setten troch de organisaasje dy’t himsels Mehr Demokratie (Mear Demokrasy) neamd hie.
By de ferkiezings fan2003 wûn it CSU mear as twa-tredde fan de sitten yn de Lândei, eat wat in oare partij noch nea berikt hat nei de oarloch yn de Dútske skiednis. Yn de ferkiezings fan 2008 ferlear de CSU harren absolute mearderheid foar it earst yn 46 jier tiid.[1]
Beieren jild as in ekonomysk sterke en rike steat, de grutste fan Dútslân en as steat sels ien fan de grutste ekonomyen fanJeropa. Itbruto binnenlânsk produkt oersteech yn2007 de 434 miljard euro. Dit makket Beieren op harren sels ien fan de grutste ekonomyen fan Jeropa en de 19e ekonomy fan de wrâld. Beieren hat him yn de lêste desenniums ûntwikkele fan in agrarysk nei in technologyske steat. Guon grutte bedriuwen hawwe harren haadkertier yn Beieren, bygelyksBMW,Siemens,Audi,Munich Re,Allianz,Infineon,MAN,Wacker Chemie,Puma AG enAdidas.
Beieren beskikt oer in goed ynfrastruktuer netwurk. Troch Beieren geane inkele fan Dútslâns wichtigeautobahnen, de A3, A6, A7, A8, A9 binne inkele hjirfan. Yn in stjerfoarm fan München út geane wegen nei de oare grutte stêden fan de dielsteat. Oer de Beierske autowegen komt altyd in soad (Nederlânsk) ferkear del dat ûnderweis is nei harren fakânsjebestimmings yn deAlpen of yn deSúd-Jeropeeske lannen asItaalje,Sloveenje enKroaasje.
Ek hat Beieren in ticht netwurk fan spoarwegen, mei tal fan stasjons. ItMünchener Hauptbahnhof is ien fan de grutste fan spoarweistasjons fan Dútslân en foarmt in wichtich knooppunt yn it ynternasjonale ferkear yn Jeropa. München en Nürnberg hawwe metrostelsels (de ferneamdeU-bahnen) enS-bahnen, wat stiet foarStadtschnellbahn, in foarm fan ferfier tusken de grutte stêden en harren foarstêden.
Yn fan Jeropa’s grutste ferkearsknooppunten is it fleanfjild fan München,Flughafen München Franz Josef Strauß. Ek Nürnberg en Memmingen hawwe ynternasjonale fleanfjilden. De measte binnenskipfeart giet oer de Donau, de Main en troch itMain-Donau-Kanaal, sa't de namme al seit, in kanaal tusken de Donau en de Main.
De 71 Landkreisen binne wer opdield yn 2.031 ferskate gemeenten (Gemeinde, meartal Gemeinden),, tegearre mei de 25 Kreisefreie stadte binne der 2.056 gemeenten yn Beieren.
Yn 44 fan de 71 Landkreisen, binne der 215 gemeentefrije gebieten (sûnt 1 jannewaris 2005 gemeindfreie gebiete neamd), dy’t net ta in gemeente behearre. Al dizze gebieten binne ûnbewenne, se besteane foar it meastepart út bosk, mar ek út marren.
De kultuer fan Beieren ferskilt op guon manearen dan dy fan oare parten fan Dútslân. Benammen op it plattelân fan de dielsteat komme noch Beierske kultuerele utings foar.
It meastepart fan Beieren isRoomsk Katolyk, mar deEvangelyske Luterske Tsjerke yn Beieren (Evangelisch-Lutherische Kirche in Bayern) hat in grutte oanwêzigens yn Franken. Allinne de dielsteatSaarlân hat in heger persintaazje Katoliken dan Beieren.
De hjoeddeiske paus,Benedictus XVI (Joseph Alois Ratzinger), waard berne ynMarktl am Inn, yn Opperbeieren en wie Kardinaal-Ierdsbiskop fan München en Freising.
It leauwe bliuwt in wichtige rol spyljen foar in soad minsken yn de regio, wat werom komt yn it typyske groetsjen yn Beieren, Eastenryk en Schwaben:Grüß Gott (Groet God!, oarspronklik fan “es Grüße dich Gott” - “God groetet jo”)
It Oktoberfest yn 2007.Dialektenkaart fan Súd-Dútslân.
De Beierske befolking is grutsk op harren tradysjes. Tradisjonele kostúms, bekend asTracht, wurde droegen op guon gelegenheden, wêrûnder de ferneamdeLederhosen foar manlju en deDirndl foar froulju. Iuwenâlde folksmuzyk wurdt opfierd by de lokale feesten. DeMaibaum, de maaiebeam, giet werom op âlde gewoanten fan Keltyske en Germaanske stammen.
Ek de Beierske befolking om utens hâlde harren tradysjes oerein. Se hâlde festivals om harren tradisjonele libben yn stân te hâlde. YnNew York City is der in organisaasje dy’t him dwaande hâldt mei deSteuben Parade elts jier. It ferneamdeOktoberfest yn München, wrâlds grutste bierfeest, wurde ek op grutte skaal troch de Dútske befolking ynKanada, deFeriene Steaten,Brazylje,Argentynje enSily hâlden.
Op de folksfestivals wurdt der altyd in soad bier dronken, bekend binne de grutte pullen bier fan it Oktoberfest. Ferneamd fiedsel út Beieren is deWeisswurst (lokaal Weißwuascht). Ut de regio Franken komme in soad kwaliteitswinen, dy’t hjir al mear as tûzen jier produsearre wurde. In soad plakken hawwe harren eigen wynfestivals.
TrijeDútske dialekten wurde sprutsen yn Beieren: itBeiersk,Swabysk enEastopperfrankysk. Ynwenners fan Beieren binne tige grutsk op harren dialekt, en de measte minsken sprekke dan ek ien fan de trije dialekten.