Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Bei

Ut Wikipedy
Swarte beien.

Inbei is yn 'eplantkunde infleizigefrucht dy't fuortkomt út in inkeleblom en dy't iensied befettet. Beien kinne ferskillend fan foarm wêze, fan rûn oant langwerpich. Defruchtwand (eksokarp) kin tin of tsjûk wêze en de bei sels kin ienhokkich of mearhokkich wêze. De sieden sitte lykwols altyd ynbêde yn it fruchtfleis. Foarbylden fan sokke beien yn 'e botanyske betsjutting binnedruven,blebberbeien,blauwe blebberbeien,reade beien,swarte beien encranberrys, mar ektomaten,meloenen enbananen.

In protte beien binne lyts en sappich, en hawwe in felle kleur sadat se skerp ôfstekke tsjin 'e eftergrûn en goed te sjen binne foarfûgels en oarenbisten dy't troch deplant ynset wurde om 'e beien op te fretten en dêrmei it sied (dat der letter mei de kjitte op in oar plak wer útkomt) te fersprieden. Fan guon planten wol it sied sels inkeld kymje as it troch in dierlikspiisfertarringsstelsel gien is, sadat desiedhûd ûnder ynfloed fan 'espiisfertarringssoppen enmikrobiële wurking trochlittich wurden is foarwetter.

Yn it deistich spraakgebrûk en foar kulinêre doelen wurdt it begryp "bei" yn in folle rommere betsjutting brûkt, foar alle lytsere fleizige fruchten (wylst gruttere "echte beien" as tomaten en meloenen dêr nea ûnder de beien beflapt wurde). Sa wurdt de oantsjutting bei ek wol brûkt foar beskatestienfruchten, lykaskersen,toarnbeien enframboazen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBerries fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Bei&oldid=1131706"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp