Begrutsjen,meilijen ofmoederaasje is ingemoedstastân ofemoasje yn 'e foarm fanempaty (mei-fielen mei oaren), wêrby't immen emosjoneel rekke wurdt troch itlijen fan in oareminske of inbist. Soks motivearret lju ta it dwaan fan muoite om oaren te helpen dy'tlichaamlike ofgeastlikepine lije. Itûnderfinen fan begrutsjen as gemoedstastân hinget sawol gear mei emosjonele gefoelichheid, as meiferstanlike konsepten lykasearlikheid enrjochtfeardichheid. Dingen dy't minsken dogge út begrutsjen kinne sadwaande útlein wurde asympulsive dieden basearre op emoasje, mar ek as ûnderboude aksjes basearre op oardielkundige beprakkesaasje.
Begrutsjen nimt ek in wichtich plak yn ferskategodstsjinsten yn. Ithindoeïsme beskôget begrutsjen,goeddiedichheid enselsbehearsking as de trije wichtichstedeugden. Ek yn itboedisme, itkristendom en deislaam foarmet begrutsjen mei oare deugden in pylder fan itleauwe. En yn itjoadendom bestiet in ferhaal dat de ferneamdefariseeskerabbynHillel de Aldere ris troch inheiden oansprutsen waard. De man sei dat er him wol ta it joadendombekeare woe, as Hillel op ienskonk steand de hieleToara opsizze koe. Hillel sei tsjin him: "Doch in oar net oan watst net wolst dat dysels oandien wurdt. Dat is de kearn fan 'e Toara. De rest is kommentaar."[1] Dy omskriuwing is in definysje fan it begryp 'begrutsjen'.