Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Begraffenis

Ut Wikipedy
ItJapanske Begraafplak ynBroome, ynWest-Austraalje.
In begraafplak ynRingkøbing,Jutlân,Denemarken.

Inbegraffenis ofbeïerdiging is in foarm fanlykbesoarging wêrby't in koartlyn ferstoarne persoan op intsjerkhôf of oarbegraafplak yn in gat lein wurdt dat yn 'egrûn útgroeven is (itgrêf), om dêrnei meiierde bedutsen te wurden. De termbeïerdiging wurdt yn 'e regel assynonym mei begraffenis beskôge, mar eins omfiemet it begryp 'begraffenis' ek de byhearrendeútfeartplechtichheid, wylst de beïerdiging inkeld en allinne it begraven fan it stoflik omskot ynhâldt. De begraffenis wurdt faak as tsjinsteld beskôge oan 'ekremaasje, wêrby't it stoflik omskot fan 'e ferstoarne ferbaarnd wurdt.

Argeologyske fynsten bewize dat deminske syn deaden al teminsten 100.000 jier begraaft. It begraffenisritueel wurdt faak sjoen as in utering fan respekt foar de ferstoarne. Praktysk sjoen is it bedoeld om 'eûntbining fan it lichem oan it each te ûntlûken en om 'e djipdrôven in foarm fan ôfsluting te jaan. Yn it ferlingde dêrfan hawwe begraffenissen faak inreligieuze lading, mei't se yn in prottekultueren sjoen wurde as in ûnmisbere stap foar de deade om it hjirneimels te berikken.

Der besteane ferskate metoaden fan it begraven fan 'e deaden, wêrûnder itbalsemjen en/ofmummifisearjen fan it stoflik omskot; de saneamdenatuerlike begraffenis (of 'griene begraffenis'); en it brûken fandeakleden,deakisten ofgrêftomben. Soms wurde foarwerpen by de deade yn it grêf lein en meibegroeven, lykasfunerêre keunst ofgrêfjeften. It stoflik omskot wurdt soms yn syn of har moaiste pronk oanklaaid, mar soms ek krekt fan alle pronk ûntdien. Soks is ôfhinklik fan 'e oangeande kultuer, en dy hat ek in grutte ynfloed op 'e posysje wêryn't it stoflik omskot yn it grêf pleatst wurdt. Boppe-op it tichte grêf wurdt ornaris ien of oartinkteken oprjochte, lykas in krús of ingrêfsark.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes and References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBurials fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Begraffenis&oldid=987585"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp