
Inbedrige soarte is insoartebist,plant ofskimmel wêrfan't it foarkommen sa seldsum is dat de kâns opútstjerren yn 'e neietakomst as oansjenlik beskôge wurde moat. DeYnternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natoer (IUCN), de meast foaroansteande autoriteit op dit mêd, hantearret trije oanboazjende gradaasjes fan bedriigdheid, te witten: "kwetsber", "bedrige" en "krityk bedrige". De folsleine yndieling is sa:
Oare ynternasjonaleorganisaasjes enoerheidsynstellings yn ûnderskatelannen en territoaria hantearje faak in yndieling dy't krekt justjes oars is. Oer it algemien kin lykwols steld wurde dat in soarte bedrige is as er opnommen is op in reade list.
Behalven soarten kinne ekûndersoarten en populaasjes oantsjut wurde as "bedrige". Sa is bgl. derottekop ynNederlân in bedrige bistesoarte, hoewol't er ynSkandinaavje enSibearje noch folop foarkomt. Ek fan rassendomestisearre bisten kin sein wurde dat se yn it fuortbestean bedrige wurde as se sa'n bytsje mear holden wurde dat se amper noch foarkomme.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.
|