Neffens eigen sizzen kaam Beda sân jier âld al te wenjen by deBenediktinen yn itkleaster fanWearmouth. Hy brocht dêr it grutste part fan syn libben troch. Doe't er 19 jier âld wie, waard erdiaken en alve jier letter waard er tapryster wijd.
In grut part fan syn libben spandearre er oan stúdzje, skiedskriuwerij en bibelûnderrjocht. Hy helle in soad kennis út de bibel en de skriften fan detsjerkelieders. Beda beskikte oer in soad kennis fan deLatynske taal en koe him der goed yn uterje. Fierders koe er in bytsjeGryksk enHebriuwsk. Hy wurdt beskôge as in learde mei in soad kanten, dy't him op it mêd fan detsjerkeskiednis tige ferstsjinstlik makke hat.
Syn bekendste wurk isHistoria Ecclesiastica Gentis Anglorum (Tsjerklike skiednis fan it Ingelske folk), dêr't Beda de (tsjerke)skiednis fan itAngelsaksyske folk yn beskriuwt fan de tiid fanCaesar oantenmei it jier731. Dat wurk is fan grut belang foar ús kennis oer it politike en deistige libben út syn tiid. Ek foar ús Fryske skiednis foarmet it in boarne. Troch him witte wy datAldgillis in kening wie en net ûnderhearrich oan itFrankyske ryk. Foar Fryslân is Beda ek fan belang troch syn skriuwen yn deHistoria Ecclesiastica Gentis Anglorum as er yn diel 1,15 skriuwt oer de Angelsaksyske ynvaazje enHengist en Horsa. Yn 2013 ferskynde inFryske oersetting fan in tal fragminten útHistoria Ecclesiastica Gentis Anglorum fan de hân fanKlaas Bruinsma.
Fierders hat hy twa hânboeken opsteld foar de tiidrekkening yn de Tsjerke: itLiber de temporibus enDe temporum ratione. Dizze wurken oerkronology hie grut gesach yn deMidsiuwen. Fan grut skiedkundich belang is syn wurk oer de peaskesyklus, oan de hân hjirfan koene alle takomstige Juliaanske datums fanPeaskesnein fêstlein wurde. Beda skreau ek in natuerwittenskiplik wurk:De natura rerum (Oer de natoer fan de dingen). Wat opfalt yn dit boek is dat Beda skreau dat de ierde rûn wie as 'in spylbal' en net as 'in skyld'. Fierders skreau er foar syn learlingen ferhannelings oer despraaklear. Oar skiedkundich wurk binne biografyen fan deabten fan de kleasters fan Wearmouth en Jarrow, en oer it libben fan SintCuthbert fanLindisfarne.