Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Bavo fan Gint

Ut Wikipedy
Bavo fan Gint
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertenammeAllowin of Adlowinus
bertedatum± 589; ferstoarn
berteplakHaspengoa
stjerdatum± 654
stjerplakGint
hillichferklearring
hjeldei1 oktober
attributenFalk, swurd, holle beam, stien
patroan fanHaarlim,

Bavo fan Gint (berne ± 589 ynHaspengoa as Allowin of Adlowinus; ferstoarn ± 654 ynGint), wurdt as hillige yn 'eRoomsk-Katolike Tsjerke fereare.

Oerlevering

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens leginden hat Bavo in soan west fanPepyn de Aldere en dus ek in broer fan 'e hilligeGertrudis fan Nijvel en de hilligeBegga. De dochter fan Bavo soe de hilligeAdeltrudis fan Wintershoven west ha, ien fan 'e hilligegroep fan Wintershoven.

De bekearing fan Sint-Bavo
Peter Paul Rubens, oarspronklik foar itheechalter fan 'e Sint-Baafskatedraal yn Gint skildere, tsjintwurdich hinget it yn 'eNational Gallery,Londen.

Allowin stamde dus út in skaai fan kwizekwânsje en as ridder naam er it net sa krekt yn it libben. Troch de iere dea fan syn frou begûn er oer it libben nei te tinken. Hy krige kontakt mei biskopAmandus fan Maastricht, dy't ek riedsman west hie fan syn mem Ida fan Nijvel en ferkocht alles wat er hie.

Doe't Allowin it kleaster yngie naam er de kleasternamme Bavo oan. Bavo waard inhearremyt; hy wenne yn in holle beam en letter yn it bosk tichteby deSint-Pitersabdij fan Gint.

Mooglik bleau Bavo ek foar in skoft ynMendonk by Gint, dêr't er troch it bidden fan innoveen tusken 1 en 9 oktober noch jimmeroan fereare wurdt. Op it plak dêr't er as hearremyt libbe hawwe soe, stiet hjoed-de-dei in oan 'e hillige wijde beafeartskapel, dy't yn 'e tiid fan 'eFrânske Revolúsje ôfbrutsen mar neitiid wer opboud waard.[1] Dêr wurdt yn 'e Sint-Bavotsjerke ek de stien bewarre dy't er brûkte as boetestien.

Ferearing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei syn dea waard it lichem oerbrocht nei in tsjerke fan Gint. Der binne noch jimmeroan strideraasjes oer de fraach oft er him al of net earst by de kleastermienskip fan 'e tichtebylizzende Sint-Pitersabdij joech en dat deSint-Baafsabdij letter stifte waard. Fan 'e hillige wurdt inrelikwy bewarre yn 'e Sint-Amandustsjerke fan it Belgyske doarpWezeren.

Sint-Bavo wurdt oanroppen foar in goede rispinge en tsjin kinkhoast. It BelgyskeSint-Baafs-Vijve waard nei de hillige ferneamd. Yn Nederlân is Bavo de patroanhillige fanHaarlim enNuth, yn Belgje fan Gint,Wilrijk enZingem.

De hjeldei fan Bavo falt op 1 oktober.

Attributen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De hillige is te werkennen troch in falk of swurd. Oare attributen binne in holle beam of in stien.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategorySint-Bavo fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Bavo_fan_Gint&oldid=1166875"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp