Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Barentssee

Ut Wikipedy
Barentssee
geografy
type wetterrânesee
lokaasjen. fanNoarwegen en
   Jeropeesk-Ruslân
lân  Noarwegen
Ruslân
koördinaten75° NB 40° EL
ûnderdiel fanNoardlike Iissee
sifers
maks. lingte1.300 km
maks. breedte1.050 km
oerflak1.400.000 km²
djiptegemiddelde230 m
djipste punt600 m
wetterfolume±314.000 km³
Kaart fan de Barentssee.
Kaart fan de Barentssee.

DeBarentssee (Noarsk:Barentshavet,Russysk:Баренцево море) is in part fan deArktyske Oseaan, it leit noardlik fanRuslân enNoarwegen. Beide lannen binne it net iens oer de lokaasje fan de seegrins.[1] De Barentssee hat in djipte fan trochstrings 230 meter, it djipste plak leit op 600 meter.

De see wurdt omfieme trochSpitsbergen yn it noardwesten, de eilannenFranz Joseflân enNova Sembla yn it noardeasten en easten, Ruslân yn it súdeasten en Noarwegen yn it súdwesten.

Yn deMidsiuwen waard de see wol deMoerman See neamd, de hjoeddeiske namme komt fan deNederlânske seefarderWillem Barents. Barents wie lieder fan in iere ekspedysje nei it fiere noarden, oan de ein fan de16e iuw.

De earste folsleine hichtekaart fan de boaiem fan de see waard publisearre yn1933 troch seegeologeMaria Klenova.

Under de Barentssee lizze grutte mannichten fossile brânstoffen. Fan de jierren '70 fan de20e iuw ôf is begûn mei de eksplotaasje dêrfan, sawol de Noaren as de Russen hawwe grutteierdoaljefynsten dien yn de see. It earste oaljefjild dat no iepensteld wurdt is it NoarskeSnøhvit. ItSjtokmanfjild yn de Russyske sektor is lykwols it grutste oaljefjild dat oant no ta fûn is.

Yn de Barentssee sonk op12 augustus2000 de atoomûnderseeërKoersk nei de boaiem. Alle 118 minsken dy't oan board wienen kamen om it libben.[2]

Troch de relatyf hege wettertemperatuer is de biomassaproduksje dúdlik heger as yn oare seeën op fergelykbere geografyske breedten. Yn demaitiid begjint de algenbloei mei de produksje fanfytoplankton, dêrop folget desoöplankton, dy’t op syn beurt wer ûnderdiel útmakket fan it dieet fanfisken,seefûgels en seesûchbisten.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It súdlike part fan de Barentssee, de havens fanMoermansk (Ruslân) enVardø (Noarwegen) meirekkene, bliuwe it heule jier troch iisfrij troch de Noard-Atlantyske wetterstream. Ynseptimber is de heule Barentssee eins hielendal iisfrij. Oant deWinterkriich hie ekFinlân lân oan de Barentssee, de haven fanPetsamo oan de see wie doe de ienichstehaven fan it lân dy’t it heule jier troch iisfrij wie.

Der binne trije grutte wettersoarten yn de Barentssee: waarm, sâltAtlantysk wetter (temperatuer >3 °C, saliniteit >35) fan de Noard-Atlantyske wetterstream, kâldArktysk wetter (temperatuer <0 °C, saliniteit <35) fan it noarden, en waarm, mar net tige sâlt kustwetter (temperatuer >3 °C, saliniteit <34,7). Tusken it wetter fan de Atlantyske Oseaan en it wetter fan deNoardpoal ûntstiet in front, it Poalfront.

Eilannen en eilannegroepen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de Barentssee lizze de neikommende eilannen en eilannegroepen:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Van wie is de Noordpool?, Jaap de Wilde (sjoen op 22 desimber 2009)
  2. Na negen dagen is het officieel: 118 doden Trouw, 22 augustus 2000 (sjoen op 22 desimber 2009)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Barentssee&oldid=1150412"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp