ItBaltikum is it gebiet oan de eastkust fan deEastsee.
De namme komt fan deBalten, dy't yn dit gebiet wennen, mar harren wengebiet is net krekt itselde as dat fan it hjoeddeiske Baltikum. DeEsten wienen bygelyks gjin Balten, marEstlân wurdt no al ta it Baltikum rekkene. En oarsom wienen de oarspronklikePrusen al Baltysk, mar harren gebiet, likernôch de RussyskeEksklave wurdt meast net ta it Baltikum rekkene.
It Baltikum hie foar in grut part in mienskiplike skiednis. Dy begjint yn de8e iuw as begûn wurdt mei it kristenjen fan de Balten. Yn de12e iuw kamen hieltyd mear Dútsers nei it gebiet, dy't in regear oer gâns it gebiet foarmen, wat late ta it bewâld fan deTeutoanske Oarder oer it gebiet yn de13e en14e iuw. Nei't de macht fan de oarder yn de15e iuw brutsen waard trochPoalen, kaam it Baltikum yn de16 iuw yn it bewâld fanPoalen-Litouwen.
Yn de18e en19e iuw waard hiel it gebiet part fanRuslân. Nei deEarste Wrâldkriich waard it gebiet spliten ta de Baltyske lannenEstlân,Letlân enLitouwen. Foar in grut part fan deTwadde Wrâldkriich wienen de trije Baltyske lannen beset trochDútslân, mar nei de oarloch waarden it trije Sowjetrepubliken, parten fan deSowjetuny. Yn1990 ferklearren de trije republiken harren ûnôfhinklik fan de Sowjetuny, as fuortsettings fan de lannen út itYnterbellum.
Grutte ferskillen yn it Baltikum binne ûnder oaren dat allinnich EstlânFinskûgrysk is, wylst Letlân en Litouwen in mingeling fan Balten en Germanen, Dútsers, binne. Mar oarsom is allinnich LitouwenKatolyk, wylst Estlân en LetlânProtestantsk binne. De skiedkundige ferskillen en de lizzing hawwe ek gefolgen foar de oriïntearring fan de lannen, wêrby Litouwen him rjochtet op Poalen, wylst Estlân him opFinlân rjochtet. It súdlikste part fan it eardere Baltyske gebiet, as dat al ta it Baltikum rekkene wurde moat, is op dit stuit gjin ûnôfhinklik lân, mar in part fan Ruslân.