Inbalstien (ekswerfstien oferratysk blok neamd) is instien dy't troch ingletsjer ofiiskape meifierd is. Lytse eksimplaren wurde yn it Nederlânskkinderkopjes en ynGrinslân enDrinteflint (ofvlint) neamd. Sy komme oeral yn de wrâld foar op plakken dy't mei lâniis oerdutsen west hawwe.
Nederlân wurde balstiennen fûn dy't troch itlâniis efterlitten binne yn it op ien nei lêsteglasiaal, itSaalien. Balstiennen komme yn Noard-Nederlân, dat eartiids mei lâniis bedutsen wie, in protte foar. De meast súdlike grins fan it lâniis wie oan de lineHaarlim,Utert,Nymwegen ta. Besuden dy line komme gjin balstiennen yn de natuer mear foar. De grutste balstien dy't ea ynNederlân fûn waard is op it stuit deSwerfstien fan Rottum.
De Nederlânske balstiennen komme oarpronklik útSkandinaavje en itEastseegebiet. Dat kin neigien wurde troch depetrologyske skaaimerken te fergelykjen mei dy fan it stientme yn dy kontreien. Sa is yn prinsipe frijwat sekuer te sizzen hokker stien wêr wei komt.
Swerfstiennen wurde faak fûn ynbalstienliem, in tige tichte liemige grûnsoarte dy't foarme waard ûnder it gewicht fan de iiskappen yn Noard-Nederlân. Balstienliem komt foar yn de ûndergrûn fanGaasterlân, de Havelterberch,Skoklân enUrk yn deNoardeastpolder en opWieringen enTeksel.
Swerfstiennen binne de iuwen troch brûkt yn konstruksjes sa ashunebêden,megaliten, wegen endykbeklaaiïng. By de bou fanpleatsen waarden grutte stiennen wol brûkt asfûnemint foar itbynt. By poarten en gebouwen op strjithoeken waarden se wol brûkt asskampstien om foar te kommen datkoetsen enweinen tsjin de muorre ride soenen. Fierders waarden sy tapast asgrinsmarkearring dy net maklik fan it plak te krijen wie (troch kweawilligen).
Ynfolksleauwe enfolksferhalen spylje swerfkeien soms in rol. It wie de hjitting dat sy goed wiene foarfruchtberens en dat it in plak wie dêr't de bern weikamen.[1]Yn Skandinaavje waarden opfallende punten yn it lânskip, sa as rotsen en swerfstiennen, wol taskreaun oan trollen.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryGlacial erratics fanWikimedia Commons. |