Bachrein bestiet út in groep fan trijeëntritich eilannen yn de Perzyske Golf, dy't ûnderling ferbining hawwe troch in netwurk fan brêgen. Der is ek in brêgeferbining mei Saûdy-Araabje: de Kening Fahd Causeway.
De skrokke kuststripe fan Bahrein
De nammeBachrein betsjut yn itArabysk letterliktwa seeën. Dat ferwiist nei de laach swiet wetter dy't earder ûnder de sâlte laach seewetter om de eilannen hinne oantroffen waard. Tsjintwurdich is dy laach swiet wetter net mear oanwêzich. Troch it hjoeddeiske waarme klimaat yn de Golf is Bachrein foar it meastepartwoastyn.
Yn de16e iuw waard Bahrein troch dePortegezen beset. Nei dizze besetting en letter troch de Perzen waard it lân as selsstannich emiraat fan 1816 oant 1971 inBritsk protektoraat.
Bachrein waard op15 augustus1971 ûnôfhinklik en lid fan de Arabyske Liga. De sûnt 1999 regearjende emir fiere yn 2002 in nije grûnwet yn, dêr't it lân in konstitusjonele monargy troch wurden is.
Hjoeddeisk is mar 60% fan de ynwenners fan Bachrein noch oarspronklik. De oare 40% binne Pakistanen, Ynjers en Westerlingen. Goed 80% fan de befolking wennet yn de stêden. Bachrein is in tichtbefolke lân, dêr't sawat de hiele befolking op de noardlike helte fan it eilân wennet. It suden is foar it grutste part net bewenne.