Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Bêd

Ut Wikipedy
In twapersoansbêd.
Dizze side giet oerit meubelstik bêd. Foar oare betsjuttings, sjoch:bêd (betsjuttingsside).

Inbêd is inmeubelstik dat bedoeld is as in plak foarminsken om tesliepen en út te rêsten, en dat ek it gebrûklike plak is omgeslachtsmienskip te bedriuwen. In bêd stiet ornaris yn 'esliepkeamer. De term 'bêd' wurdt tsjintwurdich ek (aspars pro toto-stylfiguer) brûkt om inplak yn infersoargingsynrjochting of insliepplak yn inhotel mei oan te tsjutten.

De measte bêden besteane út in sêft, langwerpichmatras, meastal fan ferskatedesimeters tsjûk, dat op in ramt fanhout ofmetaal leit dat inledikant neamd wurdt. It matras rêst dêrby op in solide diel fan it ledikant, faak besteande út houteneûnderlizzers, of op in metalene ûndergrûn fan infearjendgaas. Om skansearring fan it matras tsjin te gean wurdt dêrtuskenyn meastal inmatrasbeskermer fanjute ofplestik tafoege. Matrassen wurde foar gebrûk omklaaid meibêdrêding, besteande útlekkens entekkens of indekbêd en eventueel insprei. Oan it hollenein wurdt yn 'e regel inkjessen omklaaid mei insloop tafoege. As men op in bêd sliept hat, wurdt men yn 'e regel achte de bêdrêding neitiid wer te oarderjen, in proses datbêdopmeitsjen hjit. It ledikant hat fierders faak in yn 'e breedte rjochtop steandeplanke oan it hollenein en net selden ek ien oan it fuottenein, hoewol't dat lêste ûnderdiel problematysk wêze kin foar langere sliepers. Guon bêden hawwe oan beide sydkanten ek opsteande rânen.

Bêden binne der yn in grut tal ferskillende soarten en mjitten. Sa hat men itienpersoans- en ittwapersoansbêd, mar ek itoardelpersoansbêd (Nederlânsk:twijfelaar). In ienpersoansbêd hat tsjintwurdich (ynNederlân) meastal de ôfmjittings fan 90 sm by 2 m, wylst in oardelpersoansbêd 120 sm by 2 m mjit en in twapersoansbêd 180 sm by 2 m. Inlits-jumeaux is in pear fan twa ienpersoansbêden njonken inoar, dy't tsjininoaroan skood wurde kinne om in twapersoansbêd te foarmjen. Gruttere bêdmjitten as twapersoans binnequeen size enking size.

matrasmjitte (breedte × lingte)
pleatslike oantsjuttingNoard-AmearikaAustraaljeBritske EilannenJeropa/Latynsk-Amearika
ienpersoans (twin size)99 sm × 191 sm92 sm × 187 sm90 sm × 190 sm90 sm × 200 sm
twapersoans (full size)137 sm × 191 sm137 sm × 187 sm135 sm × 190 sm140 sm × 200 sm
queen size (N.-Am. &Austr.)
king size (Br. Eil.)
twapersoans (Jeropa)
152 sm × 203 sm150 sm × 200 sm160 sm × 200 sm
king size (N.-Am. &Austr.)
super king size (Br. Eil.)
twapersoans (Jeropa)
193 sm × 203 sm
(California king 183 sm × 213 sm)
183 sm × 203 sm183 sm × 198 sm190 sm × 200 sm
In antykhimelbêd mei lofts inwidze.

Fan oarsoartige bêden moat yn it foarste plak dewidze neamd wurde, dat in spesjaal lyts bêd foar inpoppe is. Inharmonikabêd kin men ynskowe en inopklapbêd of optearbêd kin men yninoar klappe. Instretcher is in beskate foarm fan in licht, smel opklapbêd. Insofabêd is inbank dy't ta in bêd útklapt wurde kin. Inboxspring is in bêd mei in ledikant dat syn eigen binnenfearring hat, inwetterbêd is in bêd mei in matras dat folle wurdt meiwetter, en inluchtbêd is in opblaasber luchtmatras.

Inkûsjette is in bêd oan board fan intrein ofskip, en inkoai is in sliepplak op in skip ofboat. Inheechslieper is in ferhege bêd dat bygelyks boppe inburo past (om romte út te sparjen). Insteapelbêd is in bêd mei twa (of trije) matrasboaiems en matrassen boppe inoar, wêrby't it boppeste it boppebêd hjit en it ûnderste it ûnderbêd (en eventueel it middelste it middelbêd). Inhimelbêd is in útsûnderlik rom bêd mei fjouwer langestilen oan 'e hoeken dy't fan boppen instoffenebêdhimel ûnderstypje. De romte tusken de stilen kin dêrby faak ôfsletten wurde meigordinen omsiging, nijsgjirrige blikken en fleanendeynsekten tsjin te gean. Yn 'etropen brûkt men tsjin ynsekten inklamboe, dat in soarte fannet is dat men fan boppenôf oer it bêd hinne sakje lit.

Faak wurde ek oarsoartige sliepplakken yn it deistich taalgebrûk wol oantsjut as 'bêd', lykas inbedsteed, inbrits, inhingmatte of instriebêd (dat inkeld út spraatstrie bestiet, net te betiizjen mei instriematras, in matras foar in gewoan bêd dat folle is mei strie). Ta in bêd wurde soms ek byhearrende meubelstikken rekkene, lykasnachtkastkes oan ien kant of oan wjerskanten fan it hollenein en (foarhinne) intekkenkiste oan it fuottenein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryBeds fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Bêd&oldid=823282"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp